| |
| |
| |
Tj.W.R. de Haan:
De wite roas.
In echo út de Wâlden.
It wie op in gleone simmerdei,
Dat de wrâld yn ljocht en skaden lei.
Ik rêstte hwat út by in stil, iensum paed,
Mei dertene flinters fleurich oerspraet.
Doe spriek my - ynienen - in ruter ta;
Dy soe my sa graech op syn hynder ha.
De kleur sloech my út, hwant Mem hie faek sein:
‘War dy tsjin ruters, hja binne fûlein!’
‘“Kreas fanke”’, sa rôp hy, ‘“lit memke mar gean:
‘“Hja winsket dy wis in âldfamme-bistean!”’
Ik lake ta him, ta myn ruter sa eal,
En hy swaeide my efter him, heech yn it seal.
Wy binne doe fuort nei de bosk tagien,
De tsjustere bosk, oer stokken en stien.
Dêr wist er in wyt roaske, ûnwiten tear;
Dat soed er my ploaitsje, fol deugd en ear'.
Mar ienris plôke de roazeblom,
Liet hy my snoad sitte - kaem nea werom.
Hwat krige ik ta lean fan de ruter sa skoan?
In kreaze, krolhierrige ruters-soan!
Sjocht m' oare famkes de buorren trochgean:
Ik kin mar sleau by it widzetou stean.
Sliep loas, lytse ruter, sliep loas, sliep loas;
De leafde, ja, de leafde is in wyldige roas!
En ik mei àl sizze, o froulju sa froed:
War dy tsjin de flaeikerts, falsk fan gemoed.
War dy tsjin de ruters. Hja ploaitsje de blom,
En dyn jeuchlike eare komt nea werom.
| |
| |
| |
De lytse welmoed.
Nei in âld-Sweedske ballade.
Om har sêftsedich útsjoch
Joech mannichien har lof.
Pas seach de Kening it blomke
Sa blier as de iere moarn,
Of woe it foar him ploaitsje,
En glûpte it hûng'rich oan.
‘Hwat seist dou, lytse Welmoed?
In read-satinen kleedtsje
Is it lean, myn leaf, foar dij!’
‘“In read-satinen kleedtsje
En lit Jins faem har ear'.”’
‘Hwat seist dou, lytse Welmoed?
In rydtúch mei fjouwer skimmels
Is it lean, myn leaf, foar dij!’
‘“In rydtúch mei fjouwer skimmels
En lit Jins faem har ear'.”’
‘Hwat seist dou, lytse Welmoed?
Is it lean, myn leaf, foar dij!’
‘“It heale Kenings-erfskip
En lit Jins faem har ear'.”’
| |
| |
‘Hwat seist dou, lytse Welmoed,
Dat is it lean foar dij!’
Hâldt my fan skeamte frij;
Gods inglen sille it witte,
Doe liet dy batske Kening
Har skodzje troch de spikers
Mar sjoch: út hege himel,
Hja fleane nei de boaijem,
Ha him yn stikken skuord -
Twa douwen fleagen harren,
Trije douwen fleagen fuort.
Mar sjoch: út tsjustere ierde,
Hja fleane nei de Kening,
Ha him yn stikken skuord -
Twa ravens fleagen harren,
Trije ravens fleagen fuort.
|
|