Neat gjin langstme is der yn him nei dit frommis dat syn wiif is; it is allinne mar omdat hy rjocht op har hat en har brûke kin dat hy har ophellet.
‘Hwer is dyn Heit?’ freget hy.
‘Op it lân,’ seit hja koart. Hy heart dat hja net gûlt.
‘Hwerom sjochst my net oan?’ freget hy hunend. ‘Wy ha mekoar yn sa'n set net sjoen.’
Dan sjocht hja him fol oan. It bloed sjit him nei de holle.
‘Dou hast hwat,’ seit hy. ‘Dou sjochst oars as oars. Der is hwat bard! Hwat is der mei dy?’
Hja andert net. Wer twingt er en syn lûd forbjustert har.
‘Silst prate?’ easket er oerstjûr.
Hy rint op har ta.
Hja sjocht it rút út. Hiel yn 'e fierte skript har Heit om. Dy stumper, tinkt hja. Ik wit dat hy foar my bidt.
‘Gean stean!’ seit hy en syn eagen binne great en gril. Hja docht it, dan seit er en syn lûd is suver wei:
‘Dou hast huorke.’
‘Ja,’ seit hja him efternei, sa wyt as in deade, mar kalm, ‘ik ha huorke.’
Hja stiet flak foar him, hja sjocht syn breed boarst en hoe't syn hannen roppe oan syn kile, as hied er it stjerrende binaud. Hja tinkt dat hy har slaen sil, miskien formoardzje. God, tinkt hja, wês my genedich. Mar der bart neat. Syn lûd seit har ek neat, as er forfettet: ‘Troust mei dy kearel?’
‘Né,’ seit hja koart.
‘Dus dou bliuwst mei de brol sitten?’ wol hy witte.
Hja andert net.
Hy pakt har stiif by de earmen beet.
‘Siz op, hwerom wol hy dy net ha, nou't er dy safier hat?’
Hja seit mei wjersin: ‘Hy wit it net. Hy wie troud.’
Hy laket bitter en spotsk: ‘En dou wiest net troud!’
‘Ik ha it dien,’ seit hja, ‘doe't ik gek wie fan illinde en iensumheit. Dou hast ek skuld.’ De kniip fan syn hannen wurdt losser.
‘Hwerom hast it dy kearel net forteld?’
Hy sprekt as is er har rjochter.
‘Ik woe letter gjin gedoente mear mei him ha. Ik hie al genôch bidoarn,’ seit hja.
‘Soa,’ seit hy. ‘En hoe bist der efter kommen?’
‘Dat kin dy neat skele,’ seit hja en hja hat in gefoel as komt hy oan hwat kostbers dat hy bidjerre sil en brekke mei syn ûnforskillige hurde hannen.