De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 239] [p. 239] Hessel Miedema: Pieta. Nim my ek wei myn God - myn taek is dien en 't is sa swier om hjir allinnich oer to bliuwen - 't wie myn soan dochs dy't sa wyt hjir yn myn skurte leit. Nim my ek wei myn God - ik bin nou like nutleas as dit skeinde lichem - och, it is sa wiet fan bloed en swit en fan myn triennen. Mar 't wie dochs myn bern, God, en hy wie sa jong. Nim my ek wei myn God - hwant as ik libje kin ik oars neat mear as tinke oan myn soan dy't Dines wie, hoe't er as jonkje mei syn greate eagen my oanseach oft er sizze woe - hwat is mem jong en helpleas, sil hja dit alles drage kinne? mar ik bigriep it net. En hoe't er letter faek ynienen sa wyld-wanhopich stoarje koe as socht er help by my - syn mem - en ik bigriep it net. En hoe't er hjoed - oan 't krús - noch ienris mei syn brekkende eagen mines socht as jildde 't ‘lama sabacthani’ my - ik haw it net bigrepen. Nim my ek wei myn God - hy hat syn taek op 'e ierde nou folbrocht, it is nou dien, Dyn soan is nou dêr boppe wer by Dy, hwat haw ik hjir dan langer noch to dwaen as skrieme om myn soan sa wyt hjir yn myn skurte? - Nim my ek wei myn God - nim my ek wei.... Vorige Volgende