De Tsjerne. Jaargang 7
(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 230]
| |
J.P. Wiersma:
| |
[pagina 231]
| |
de sleatsplanke brochten nei de dyk, dêr't de haeiwein fan de boer wachte mei in swart hynder der foar; mar dat wie de âld Brune - lústere Herre my yn 't ear, - en omdat hy in deade nei 't hôf taride moast, dêrom seach de Brune der hièl oars út as hwannear't hy yn 't lân roun. Herre en syn jonger susterke Siementsje namen my by de hân, hwant hja wiene stjûrd om my to heljen en mei my to boartsjen op 'e pleats. Krekt doe't wy troch de homeije giene, bigoun yn 't doarp de toersklok to lieden; ik moat doe omsjoen en gûld ha, mar dat hat net lang duorre, hwant op 't hiem stiene de boer en de boerinne mei it wite bokje en hja kaem mei it hippeljend bistke nei my ta en sei, it wie myn eigen bokje. Ik gie al op 'e skoalle; mar ûnder 't learen tocht ik faek oan myn leaf bokje, en as wy útkamen, dan roun ik hurd om gau thús to kommen en by myn bokje to wêzen. Herre moast mei Siementsje oan 'e hân nei hûs; hy raesde my by 't útkommen nei, ik moast wachtsje, hy woe mei nei it bokje, mar Siementsje koe sa hurd net. Ik bearde dan, dat ik it net hearde en fleach fuort, it plein oer, de buorren troch en dan de dyk út. In kertier letter wie 'k thús; mar earst roun ik om it hûs hinne nei 't hok, hwant ik forlange sa nei myn bokje. It leave bistke sprong dalik by my op; ik makke gau it tou los en dan giene wy boartsjend oer 't hiem, mar by de sleatsplanke naem ik it bokje op 'e earmen, hwant it koe allinne net oer 'e planke, dat fortroude ik net heal. En dan rounen wy Herre en Siementsje to mjitte, hy wie lulk op my en fan spitigens hie er gûld; mar dan aeide hy it bokje, en dan wie Herre dalik ek wer goed op my, en dan sprong it bokje by Siementsje op, en wy hiene sa'n wille; mar dan kaem beppe oer 'e sleatsplanke en dan moast it bokje yn 't hok en ik moast yn 'e hûs. Op in dei kaem ik thús en doe wie it bokje der net mear. Beppe loek my by har op 'e skerte en fortelde, dat Romke, de feint fan de boer, it bokje helle en yn 't lân brocht hie, it roun nou yn 't nijgers om better groeije to kinnen en it wie yn 'e greide folle fleuriger as yn it tsjustere hok, hwant de sinne skynde dêr en der weide ek in broerke fan it bokje en se hiene togearre in bulte wille. Ik wie noch mar seis jier en myn toloarstelling en spyt woegen net swier fansels; mar sûnt dy dei hat der in nij gefoei yn my wenne, en ik tink wolris, soe dat faeks de earste oandwaning fan it herteleed west ha, hwant ik miste myn boarter op fjouwer | |
[pagina 232]
| |
skonken tige; en nachts waerd ik soms wekker en dan kaem beppe by my, omdat ik skriemde en treure oer myn bokje. Hie it oan beppe lein, ik soe alles leaud hawwe hwat hja my oer myn bokje fortelde. Mar ik waerd fan Herre en oare skoaljonges wiis, dat myn bokje net yn 't lân roun, mar dat Jolle Tysker mei 't bokje oan it tou troch it doarp kommen wie, en dat it bokje nou dea wie en dat de karrider de deis dêrop de fellen fan in hele protte bokjes meinommen hie nei de joad ta, yn 'e stêd. De iene sei, myn bokje wie strûpt; de oare, dat it dea wie - mar hwat dêr krekt mei bidoeld waerd, soe ik to witten komme op in dei yn 'e Pinksterfakânsje, doe't wy blomkes ploaitsen yn 'e greide en wy as famkes der by stiene, doe't Herre en Jolt fan notaris in kikkert ‘it himd út loeken’, en it earme bist, strûpt en jammerlik neaken as it wie, nei de bihanling oer de foareker hipte en yn 'e sleat rekke, mar al gau op 'e rêch lizzend boppe driuwen kaem. ‘Hy is dea!’ rôpen de jonges, en doe wist ik dat ‘dea’ hiel oars wie as libben, en dat bokjes dan net mear mekkeren en hippelen, mar stil op 'e rêch leine, krekt as de strûpte kikkert. ‘Dea wêze’ - dat wie sa as de iel, dy't de jonges oan 'e angel hawn hiene en dy't harren troch de fingers glied en kronkeljend syn wei yn it gers socht hie; mar nei't Jolt de kop fan 'e iel yn 'e mûle stutsen en 'm, sa't er sei, efter de kop biten hie ‘om 'm dea to krijen’, wie er stil lizzen bleaun, der siet gjin ‘fuort’ mear yn. Nei memme dea wenne ik by beppe en omke Lindert yn it doarp; it hûs dêr't mem út droegen wie, wie uzes net mear, mar alle dagen kaem ik der lâns, as ik nei de pleats wie to boartsjen. Ik glûpte to'n earsten noch wolris oer de sleatsplanke en seach tomûk yn it hok, mar it bokje wie der net mear; it rip dêr't it út fretten hie wie der noch wol, mar hja hienen de boaijem der út slein en der stiene biezems en luiwagens yn. It minske dat der wenne, wie altyd like freonlik en ik koe der net wêze of ik krige hwat fan har; mar der hongen hiel oare gerdinen foar de finsters en memme bêd yn 'e keamer wie der weibrutsen, dêr hiene hja kasten fan makke en de nije minsken sliepten op 'e souder yn ledikanten. Ik waerd dêr soms sa ûnwennich, dat ik gûle moast en hast net ophâlde koe. It leafst wie ik op 'e pleats to boartsjen by Herre en Siementsje, en ik moast ek altiten efkes by de boerinne yn 'e keamer komme, dy hie altyd hwat foar my, in pink fan 'e | |
[pagina 233]
| |
bakker of in readwankje-apel of hwat it ek mar wie; de boer wie ek wakker aerdich en Jantsje, de faem en Romke, de feint, ik wit hast net fan hwa't ik it measte hold. Op in kear, doe't Romke yn 't soldatepak thúskommen wie, hwant it wie mobilisaesje, moast hy foar de boer nei 't doarp ta om boadskip en omdat Romke by 't hynstefolk wie, stelde de boer út, dat hy de Brune mar út 'e finne helje soe, dan koe Romke my ek thúsbringe. Dat waerd my in feest! Romke naem my by him op 't hynder, en hy jage de Brune sà, dat wy út 'n fjouweren it doarp yn kamen en der stiene in protte bern om ús hinne, doe't beppe my fan 't hynder tilde. It hie sa glûpende moai west, ik frege beppe oft ik de oare deis wer by Romke op 'e Brune mocht; mar beppe wie der net sa foar, ik wol leauwe, Romke die 't har to mâl: hurddrave mei in bern op 't hynder, dat koe der net lâns! Hwat beppe sei, dat gie wol troch ornaris, en ik die ek it alderleafst beppe har sin. Mar doe't beppe my net mear nei de pleats ha woe ynienen en my mei de bonnen nei de winkels stjûrde of oare boadskippen bitocht, my mei buorlju' lytse bern ride liet, dêr't ik in sint de middeis foar krige, haw ik in pear kear oerhearrich west; hwant ik bin twaris stikem nei de pleats gien en haw op Romke roun, om't ik sa graech wer op 't hynder sitte en der mei drave woe. Dat moast lykwols oergean, hwant Romke wie al wer fuort; hy moast, sei de boerinne my, syn wurk wer dwaen by de huzaren en oppasse dat der gjin frjemde soldaten yn ús lân kamen. Sûnt is Romke by my yn 't forjittersboek rekke; bikkelje, toudounsje en oer splis steande grippels springe wiene yn dy jierren foar my èk nijsgjirrige dingen; dat oan hynsteriden tocht ik al net mear. Dat der noch in Romke bistie, bin 'k in jier twa letter hommels gewaerwurden, omdat eltsenien op 't doarp oer Romke praette en op in dei de toersklok sa mankelyk bigoun to lieden en de haeiwein fan de boer it doarp ynkaem, mei in kiste der op, en dêr lei Romke yn: de minsken seine, dy bêste jonge wie by de manoeuvres dearekke, in gewearskûgel hie him yn in tel it ljocht útbliezen en fan gefolgen kaem Romke, stil op 'e rêch lizzend de buorren troch, en de Brune hie oertreksels om 'e earen en in swart kleed by him del hingjen, en sa ried it trouwe bist syn âldfreon nei it tsjerkhôf ta. Ik wie noch to jong om it drôve fan dat barren to fielen; mar ik roun dy kears net lyk as de oare bern nijsgjirrich efter de | |
[pagina 234]
| |
lykwein oan en likemin haw 'k mei de hannen om it izeren stek op 'e ringmuorre stien om nei it bidobjen to sjen. Ik koe nearne wêze as yn 'e hûs, doe't Romke it lêste let krige; en doe haw 'k myn antlit yn beppe skurte lein en ik moat lang skriemd hawwe, it wie sa frjemd allegearre. En it hat jierren duorre, dat ik net mear kjel waerd, as ik it wurd ‘dea’ sizzen hearde. Op it doarp wiene in hele bulte bern en ik krige al gau nije boarters, al wie ik it leafst mei Herre en Siementsje nei de pleats to boartsjen. Ik waerd kammeraetske mei Weltsje fan de timmerman en Hiske fan masters. Ut en troch hâldden wy yn 'e timmerwinkel ta, of forside-boarten yn it houtstek. Op 'en dûr waerd Hiske my it neist; hja woe my altyd mei nei hûs ha, en dat woe ik ek wol, hwant hja hiene sa'n moaije wenkeamer, dêr stie in swarte piano, dy't sa glêd wie as in ikel, en alles wie der like oprêdden en kreas. En master en juffrou praetten sa freonlik en aerdich tsjininoar, en His sei altyd fan ‘ja heit’ en ‘ja mem’, ik wende my dat ek oan en thús sei ik ek fan ‘ja beppe’ en ‘né omke’, dat mocht beppe sa graech hearre, hja ornearre, ik learde fatsoen by masters, en mei twa wurden sprekken. Ik frege beppe hwat fatsoen wie; hja sei, fatsoen dat wie tsjin alleman ‘beleefd’ wêze, it wie itselde as hwat de ûndermaster fan de twadde klasse op it boerd skreaun hie:
Met de hoed in de hand
Komt men door het gansche land.
Dat wie in spreuk, sei beppe, en dy moast ik nea forjitte; hwant fatsoen wie deugd en eare, en minsken dy't gjin fatsoen leard hiene, dy hiene fan deugd en eare ek to min, en fan gefolgen raben en pronken hja, hwannear't it froulju, en stipten om en krinkje-spijden by de brêge, hwannear't it greate kearels wiene. Omdat master en juffrou mar ien famke hiene en Hiske thús krektlyk as ik allinne wie, woene hja my dêr eltse dei wol ha; ik wie by His-en-dy op 't lêst alhielendal eigen en thús, en dêr hat beppe nea hwat fan sein. It heucht my noch, dat masters juffrou op in Sneontojoun, dat ik der bliuwe soe to sliepen, twa gloednije sparpotten op 'e tafel sette; se hiene it model fan in hûs, der stie in stoepbankje foar en dêrboppe wie in útbou, in soarte fan luifel. Yn it doarslot siet in kaike en dêr makke juffrou it hûs mei iepen; der sieten twa laedtsjes yn, dêr koene sinten en dûbeltsjes | |
[pagina 235]
| |
yn opgearre wurde. Master kaem de keamer yn, hy hie papier, inket en de stiselpot by him, en doe bigoun hy to skriuwen en to knippen en to stiseljen, en op 't lêst wie 't spul klear en sieten der papierkes op 'e luifel fan de sparpotten, en doe skoude master His ien ta, en dêr stie op it dak de namme ‘Hiske’, en de oare sparpot skoude master my ta, en dêr stie myn eigen namme ‘Lyoeske’ op. Wy wiene suver mâl fan blidens, en my tilde 't hert op doe't master en juffrou twa dûbeltsjes en fiif sinten yn mines diene, en datselde krige Hiske ek. Eltse Sneontojoun moast ik by His-en-dy komme en dan sette har mem de sparpotten op 'e tafel; en ik sa goed as His krige der wer hwat by. Dat hat jierren duorre - en hwat hie 'k doe op 't lêst in slompe jild byinoargearre, en dat hie 'k oan de goedens fan dy twa bêste minsken to tankjen: master en juffrou, dy't suver as in heit en mem foar my west hawwe, en dy't ik dêr myn hiele libben tankber foar bliuwe sil. Oft it kaem omdat ik noch al great wie mei masters Hiske, ik wit it net; mar dit wit ik wol: ik koe it op skoalle hast net bidjerre, by juf net en letter by de ûndermasters like min. En dochs ha der tiden west, dat ik slim ûndogensk wie en ik likegoed as de ûndogenske j onges strafrigelskriuwen en straftiid yn 't turfhok útsitten fortsjinne hie. Der hat yn myn skoalle-jierren leau 'k in minskehân west, dy't my ûnsichtber biskerme, en sa ja, dan hat it de hân west fan Hisse heit, de boppemaster, dy't my as hy troch de klasse kaem wolris oer 't wang aeide en my by him op 'e knibbel naem, en dêr mocht ik hielendal net sa graech oer, hwant ik krige altyd in kleur by soks, omdat ik wol wist, dat, as wy út skoalle kamen, de bern my dalik foar ‘masters pop’ útrache soene. Hie 'k dêr doe ek in hekel oan, likegoed hat it wol sa west, en dat ik yn myn skoalle-jierren sa'n bytsje ‘masters pop’ wie, dêr kin ik wier net rouwich om wêze. Hwant hwat haw ik net allegearre oan dy man to tankjen hawn! Hwa oars soe my letter de kunde bybrocht ha, dy't ik fan him meikrige yn it libben? Hoe soe ik oars pianospyljen leard ha, as master my dat ûnderwiis net jown hie en my net op gleed holpen hie mei Frânsk en Ingelsk? Hwer oars soe ik oefenje meijen ha as ik it net kinnen hie yn it mastershûs, alle dagen in healûre, om't wy thús gjin piano hiene? Hoe kaem it dochs, dat harren dochterke gjìn, en ik krekt sa'n protte nocht oan oefenjen hie; dat Hiske nea op 'e tiid foar | |
[pagina 236]
| |
de piano siet en meastal ear't it healûre om wie, út 'e keamer gloep, en dat ik trou de minuten op it pianokrukje útsiet en al gau better pianospile as Hiske - soe dat de âlden leed west ha, miskien? Ik bin lykwols de tiid foarútrekke; ik moat werom nei myn earste skoalle-jierren. Al minder en minder gie ik nei de pleats to boartsjen; beppe wie der net foar, dat ik sa fier fan hûs wie en lykme-allinne de dyk lâns swalke. Ik hie yn 't doarp twa kammeraetskes en der wie yn 'e buorren safolle fordivendaesje foar bern, dat ik Herre en Siementsje as boarters net mear brek hie, al reizgen beppe en ik der noch wolris op in Sneintomiddei hinne, en dan moasten wy yn 'e hûs komme, beppe waerd fan 'e boerinne let en set, mar wy as bern rekken al gau nei de skuorre to boartsjen, en dan hiene wy in heap wille, lyk as earder sa faek. Wy wiene faek yn 'e timmerwinkel oan it touterjen, en dêr mocht ik sa tige graech oer, ik koe jouns hast net ophâlde. Net ien fan 'e famkes doarst sa heech as ik, en 't gie sa wyld op 't lêst en der waerd sa kraeid en lake, dat op in kear kamen de jonges om der nei to sjen. Wy touteren mei ús beiden; dan kaem men heger as allinne. His en ik krigen de touter in moai ein de loft yn; mar doe bigounen de jonges by twaën to touterjen, en dy kamen heger. Doe stelden hja út, der moast ek ris in jonge mei in fanke touterje, en dan nòch inkele partûren, en dan soe it om 't heechst gean en it pear dat it heechst kommen wie, dat krige de priis, en de priis wie twa stikken koeke. Earst touteren Halbe en His en dy kamen aerdich heech. Doe sei Jolt fan notaris, hja hiene it forkeard dien, hwant Halbe siet by His op 'e skurte, mei syn skonken om har hinne. Hy gie op 'e touter sitten en sei: ‘As Lyoeske en ik touterje, dan komme wy heger’, en doe sei hy dat ik by hìm op 'e skurte komme moast. Ik woe net minder wêze as His en gie by dy jonge op 'e skurte sitten. Wy kamen withoeheech, ús gesichten wiene soms omtrint oaninoar ta, sà diene wy ús bêst om de priis to winnen. Op in stuit dat wy mei de touter oer de flier swikten, seach ik beppe yn 'e skuorre kommen; ik hearde har roppen: ‘Dalik ophâlde en thúskomme, Lyoeske!’ En dat sei hja net út gekheit; hwant hja hâldde fuortdalik de touwen tsjin, dat al gau rekke de feart der út en stiene wy stil. Ik murk wol, dat beppe lulk wie om 't ien of 't oar; hja | |
[pagina 237]
| |
sei net in sprek mear en stjûrde my mei de eagen de winkel út. Ik wie sa yn 'e war, dat ik net mear tocht oan de oaren en it koartste paed lâns nei hûs gie, sûnder om to sjen, al fielde ik wol, dat beppe mei opstrutsen seil efter my oan kaem. Doe't wy yn 'e keamer wiene, rôp beppe my dalik by har. Hja liet der dy kears gjin gers oer groeije. Hja seach my tige earnstich oan en bigoun: ‘Lyoeske, hwat wolste leaver: sûnder iten op bêd, of beppe hwat bilove?’ Ik krige in kleur doe't ik sei: ‘Beppe hwat bilove’. Hja hâldde in hoartsje de lippen stiif opinoar; doe frege hja: ‘Hastou al faker mei de jonges toutere?’ ‘Né, beppe’, sei ík, lyk as de wierheit wie. ‘Wie dit de earste kear?’ tante hja. ‘Ja beppe’, andere ik en seach har lyk oan. ‘En hwa hat dat touterjen fan jonges mei fammen bitocht: de jonges of de fammen?’ frege hja fierder. ‘De jonges, beppe’, andere ik. Hja krige my by de earmen en loek my nei har ta. Hja seach my rjocht yn 'e eagen en suchte djip. Doe hearde ik har sizzen, mei mear sêftens en myldens as yn 't bigjin: ‘Lyoeske - dou biste nou acht jier en dou biste foarlik foar dyn jierren. Silste my bilove, datste net wer mei in jonge op 'e touter komste? Beppe wol dat utersté net lije; dou sitte, aste in jongfaem wurden biste, wol bigripe hweròm. Hen? - hwat seiste....?’ ‘Ik biloof it beppe’, sei ik mei in lûd dat trille en it duorre net lang, dêr gûlde ik hinne: de spanning fan beppe' forhear hie my to great west. Mar doe hat hja my treaste sa as in mem it har dochter net better dwaen kinnen hie. Hja helle my oan, en sa, mei har wang tsjin mines oan, sei hja: ‘Leave, it is ta dyn eigen bêst. Dou haste gjin âlden mear. Nou moat beppe allinne noed fan dy stean’.... Ik sloech beppe de hannen om 'e hals en tute har: ‘o, leave beppe, ik hâld sa fan beppe’, sei ik, en wier, gjin minske stie my sa nei, hja wie myn alles. Mei it touterjen wie it dien to'n earsten, hwant net allinne wie beppe der net foar, mar ek Hisse âlden leine der it near op, en Weltsje' mem ornearre: ‘Jim meije wol touterje, mar allinne famkes’. Fan 'e weromstuit mijden wy de timmerwinkel en founen oare dingen út; der wie altyd wol in formeits to finen. De jonges bitig'en ús falsk, as wy harren moeten, krekt oft it ús skuld wie, dat harren de timmerwinkel forbean wie. Jolle wie de pommerant fan 'e jonges en hy hyste syn maten tsjin 'e famkes op. Ik fjurre dan fan my ôf, en sa krige Jolle in hekel oan my, Op in | |
[pagina 238]
| |
kear, doe't de hiele keppel der by wie, stiek hy de tonge tsjin 'e famkes út. Dat wie him fêst noch net genôch, hwant hy snaude nei my: ‘Masters pop is mar in wees! As dyn beppe deagiet, dan komstou yn 't weeshûs to Ljouwert!’ Dy wurden - ik moat der sokssahwat as in forflokking yn heard ha - gongen flymskerp troch my hinne; ik kin noch hwat neifiele fan de pine en de illinde fan dat skoft en de driging fan hwat ûnbikends, hwat needlottichs. Ik waerd sa wyt as in lekken; it swimen stie my nei. De jonges seagen my mei in segefierend each oan en de famkes bigreate it leau 'k om my, mar ik wit wol, dat ik letter nea wer sa'n iensumheit field ha as op dat stuit. Dat foralterearre famke - allinne beppe koe it delbêdzje. By har skriemde ik my út. En doe hat hja de illinde by my weinaem en my, sittende by myn bêd, forteld, dat ús Leaven Hear it de minsken oplein hat faninoar to hâlden, mar dat de minsken faek douhûdich binne en inoar sear dogge en misledigje. En doe sei beppe, dat hja in widdou wie en ik in wees, en dat wy beide folle misten, mar dat ús Leaven Hear ús nea forliet, hwant Hy wie in heit fan widdouwen en wezen. En nei't hja my dat allegearre sein hie, waerd alle pine, alle fraech stil yn my. Ik krige noch in aei en in tútsje fan beppe; doe hearde ik har de treppens delgean. Tofreden joech ik my nei sliepen en doe't de eachslidden my swier waerden, seach ik moarmeren portealen lizzen yn in swide ljochtfal en kastielen seach ik, fan gouden ljocht oergetten, mar de ljochtskepping sèls sloech 'k de eagen foar del fanwege de ûnwittend rike skittering, en ik bigriep dat al dat moais net fan de ierde, mar fan de himel wie. |
|