| |
| |
| |
Sjoerd Spanninga:
Seis gedichten.
Doch dyn plicht.....
sa stiest hjir oan 'e lodde, -
it siden himke sjocht dy net
en fytst dy fiis foarby, -
't mynhearke siket bettere kopij;
dou lykwols, bodder, griis fan slyk,
en mei dyn reade fodde, wiet fan swit,
hast gjin affearen op 'e dyk,
mar hiel de polder ta ûntwyk,
de fjûren fjilden fan de sinne, -
gesichten fier leit dêr it lân
to brânnen yn 'e gleone dei, -
dy't iensum doarmet troch de hel,
fladdert de wyn, allinne en forstate,
tusken de greate, griene flammen fan de greiden, -
mar binnen beide wâllen fan forachting
de skeane skânzen om dyn wil,
in stille, steile sitadel,
is dochs de bloedslach fan it hert
noch as in lêst ûnthjit, -
de groun dy hâldt dy yn de holte fan syn hân
en ûnderierdske streamen fan it libben
hwant mei dyn dieden en dyn dreamen
nimme hja in nij birin, -
en lit de lju mar rabje, -
har wurd is neat as geile kikkertsdril,
| |
| |
| |
De pionier.
Al hwat wierlik dichter is,
dat wrakselt nei in nije kym,
en oer har giet it greate waeijen fan de sé
en rûzet as in kearend rym
it heimenis fan dea en libben
Sa sille hja, de seilen bôge ribben,
of ûnbikend to neate gean
de djipten fan de oaséaen;
it wetter hat by har bigraffenis
en op har grêven wiuwe nou de wieren,
hwant minsken, planten en de dieren
ha by deselde widze stien
en binne nei har oarsprong ien,
as stof en strieling yn it wieljende bigjin,
hoe ek forfrjemde fan de waen,
dy't eltse wierheit toar yn stêven splist, -
allinnich it geweltich reinen fan de ieuwen
hat noch in lêste hûgenis
oan 't foarhing fan it amerij,
Mar dy't de baeijen winne,
dêr't de geast yn floedet
de marken meldet fan de baren,
har wil slacht as in emigrant
syn paden troch de wyldernis
fan dwersforwoechsen tinzen hinne,
en mei it kapmês yn 'e hân
wurdt út de nacht in ljochting woun
en brânt it kampfjûr op de groun
har died is ta de oanfal ré
en it bitrouwen har gewear, -
dy't bodzjend tusken de gefaren
| |
| |
fan wolven en de grizzly-bear
him sjongende in wente bout,
by 't oardiel fan de skerpe bile,
ont ienris wer de kolonist
it spylark nimt fan it lewant
en núndert op de snaren, -
sa riist de blokhut út it hout.
| |
Alde romantyk.
In ruter, ridend op in dampend hoars,
mei njonken him in hakkenei,
ornearre foar de edelfrouwe.
Dan nimt de nacht it seal
en smyt in dek oer 't hymjen fan de dei;
de ridder giet troch holle gongen
bihongen mei de stjerrekleden.
Har sierlik stal stiet him to reden
yn 't kleare blinken fan de dauwe
op 't swarte stiel, syn foars bistek,
dat hamm're fan de wapensmid, de moanne
har oansjen draecht oer âffaers groun.
Har g'raesje is in sulv'ren kanne,
foreale op har eigen preal,
stilglânzjend ljocht tinkt yn har nei, -
hy sjocht har eagen djipforwielen
iepenbloeijen út de strielen:
| |
| |
| |
Vae soli!
in reekwolk, spiraeljend op 'e kym,
útfage en forwiske fan it tinken
en inkeld noch oanwêzich yn de dream.
in pak stjonkende kranten,
dêr't de frase yn rottet,
mei har rûpske oanfalligens,
en 't prakje f'ral oan eltsenien priuwe litte,
hwant men sil op jinsels passe,
en hja witte de slachters 'naris skoan to finen,
dêr't de idéalisten oan 'e rekstôk hingje,
en fykje har part der wol út,
as 't mês net to koart is, -
hurddraver of wjerkôger kin men altyd noch wurde,
as de need oan 'e man komt,
mar hwer't it mei har hinne giet,
dat sjocht men oan de hynders en de kij,
hja meitsje allegear deselde gymnastyk.
ear't it to let is, om to learen,
hwat it winliks ynhat mei it figeblêd,
Kâldgnyskjend sil de divel jin foarbygean,
as de wanhoop op 'e banjo spilet,
en oeral dêr't men om in hurdsté siket,
is de gloede fan in winterloft,
dy't weistjert yn 'e nacht;
in skeper oer syn earmtlik bisit,
sa reizget ider nei syn lêste doel.
| |
| |
| |
De jonk.
Wylst de joun syn gouden koarde
útsmyt foar in nachtlik oarde,
sjocht it swijen oer de ré;
stilte, dy't de dea bilibbe.
Hwant in jonk, de seilen ribbe
drakeflerken oan de mêsten,
sylt de sinne nei it Westen;
| |
It skiere lan.
't Wurdt hjerstich oer it fjild
de wrâld bistillet ta in frjemde dize
en oan de loft hinget in giele sinne
mar jouns dan fjurket de lânsdouwe
soms troch klear forile ljocht
en fonkeljende miggen fleane
oerdei lykwols pinsielet in sjineeske wize
syn byltenis op ryspapier
dit binne dagen dat de tiid forstjert
en ivichheden wer har wêzen winne
it kriten fan de kobben as in kritend bern
it bline kriget eagen om to sjen.
|
|