De Tsjerne. Jaargang 7
(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 207]
| |
Bea.Jow dyn strielen o sinne!
Sjoch dit lichem:
It fel is ronfelich en toar,
de boarnen hawwe nea fol west
en witte net hwat leafde is,
de mûle hat longere en wachte
mar bleau in blom
dy't nea bisproeid waerd
- en wachte -
Moarns riisde it ljocht oan 'e kym
en jouns forsonk it. -
O, gouden sinne
dat yn dyn strielen
alles jit ienris jong
ienris bern wurde mocht!
|
|