De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 208] [p. 208] Kobe Hanenburg: Krus. Moat ik hjir hingje folk, dat my net leafhat, en reade merken kringje yn 'e ierde, as in bloedskat foar jim bern? Jim, farizéers, teagen mei sletten eagen nei 't golgotha, kinn' jim it sa goed? - om blyn fan eigen leagen it spul ris oan to sjen: twa smjunten en in gekke kening. To moardzjen my, fan hwa't jim dus it wûnder seag'en; folk dat in libben g'od forstaet, myn leafdewûnder, wûnder, jim koene it altyd, altyd fine. Myn lippen spliterich fan jim sûr; myn bloed is op. Folk dat my nou hatet en as ivich forlern, dit offer is ús heit to djûr; de tonger slacht en de divel laket! Brek, stiennen herten: to let. Skuor, falske sielen en set, dounsjend geande it ûnheilspaed, myn dea lichem stil yn 't skaed. Ei, skriem net bern, skriem net mar knibbelje en bid. Ik jimme al myn forspuid bisit, myn godleafde lit. Vorige Volgende