| |
| |
| |
Marten Brouwer:
Parallele lykredes.
Der is gâns rop gien fan it toanielstik fan Arthur Miller: ‘Death of a Salesman’. It is de skiednis fan Willy Loman, de wurge hannelsreizg'er hwaens selsmoard syn bislach fynt yn twa aktes, folge fan in koart requiem. Yn dizze man binne de ûndernimmende tradysjes fan it Amerikaenske pionierstiidrek forwurden ta krampige illúzjes, dy't noch ekstra klam bysette oan syn djipste stribjen: ‘to be liked’. Ommers, as men populair is, ‘there'll be open sesame for all of us’....
Mar de réaliteit is oars as de dream. Willy is net syn broer Ben, dy't er yn syn hallusinaesjes hieltyd mar wer herhei jen heart: ‘Why, boys, when I was seventeen I walked into the jungle, and when I was twenty-one I walked out. And by God I was rich.’ Hy is allinne mar de hannelsreizger, fan moarns ier oant jouns let op 'en paed, swalkjend fan de iene mooglike klant nei de oare, wylst linkenoan it sukses minderet. It is mei him as mei syn hûs, delset bûten de stêd, mar njonkenlytsen ynsletten troch nijere blokken.
Lykwols, Willy kin gjin mislearring tajaen, dat sûnt lang libbet er yn skyn en leagen. As de réaliteit de dream forkringt, lit dan de deidream mar oer de réaliteit hinnewaeksje. Sa'n flues is lykwols sa tin, dat de glêshurde saeklikens fan it wrede libben der oeral trochhinne raemt, en Willy moat op alle fronten hieltyd mear bilies jaen. Hy wringt him yn tûzen bochten, mar it needlot is ûnûntwynber. Op 't lêst moat er fan buorman Charley, dêr't er altyd wangunstich op west hat, jild liene; mar mear noch as om de holle boppe wetter to hâlden is dat om foar syn wiif Linda de skyn to biwarjen. Sels as er ûntslein wurdt, hâldt er de kop der foar, en wegeret de baen dy't Charley him tit goederbêst oanbiedt.
Dy dwersens kin Willy opbringe omt er noch iderkear ien skrale hope hâldt: syn beide soannen. Op harren projektearret er syn dreamen en langsten. Glorieus is dêrom de tiid dat Biff op college sporttriomfen fiert. Mar dizze âldste sakket foar it eksamen, en jowt dan de hiele saek oer as er by tafal syn heit oer 't mad komt by in hannels-reizg'ers-slipperke mei in frommins fan it slach, dat sa'n
| |
| |
nayf mantsje yn ruil foar djûre hoazzen en sok ark skoan bisterkje wol yn syn illúzjes fan populariteit. Biff naeit der út nei Texas, in forbittere frjemdling.
Happy, de oarde soan, is gjin better stipe. Sa'n soart banale útjefte fan syn heit, hantearret er de leagen om syn âlden, syn keppels froulju en himsels foar 't soaltsje to hawwen. Oars as Biff dy't - nei trettjin ambachtsûngelokken thúskommen - hieltyd mei Willy yn tsjok waer sit, libbet Happy licht oer de dingen hinne. Hy is ek de bliermoedige driuwer yn it frijhwat illusoir bisykjen fan de beide bruorren om in saek op priemmen to setten. De deis fan syn ûntslach krijt Willy dan to hearren, dat ek dit harren by de hannen omt ôf brekt. Krekt fan tofoaren hat er de soan fan Charley met, dy't it skoan meiwierret. As dan Biff dy jouns, mei Happy thúskommen fan in goed bitearde fammejacht, syn heit to hâlden jowt hoe't harren hiele libben bistien hat út skyn en leagen, komt Willy yn in hallusinaesje-petear mei Ben ta it bislút: hy sil him fan kant meitsje, en wol op sa'n foet dat Linda it jild fan de libbensforsekering krijt. Hy jaget fuort yn syn auto - muzyk giselt oer it toaniel.
Yn it requiem op Willy's grêf bliuwt Biff by syn forwyt: ‘The man didn't know who he was.’ Mar Charley hâldt him foar: ‘A salesman is got to dream, boy. It comes with the territory.’ Happy swart dan dat er dy dream fan syn heit oernimme sil: ‘He fought it out here, and this is where I'm gonna win it for him.’ Dan bliuwt Linda allinne oer mei har net bigripende smert: dizze selde dei ommers hat se de lêste ôfbitelling op it hûs forrekkene, en nou sil der net iens immen thús wêze? ‘We're free and clear. We're free. We're free.... We're free....’ Doek.
Faeks hat it doel, nêst dizze lykrede op in hannelsreizger it ek net ûnbilangrike stik fan Sartre ‘Les mains sales’ ris to lizzen - lykrede op in yntellektuëel. Gjin Willy Loman, earme klauwer op jacht nei dollars, mar Hug'o Barine, millionairssoan op jacht nei in folweardige taek yn de kommunistyske partij.
Illyrië is in easteuropeesk lân, dat him yn de twade wrâldoarloch mei Dûtsklân forboun hat, en dus tsjin Ruslân striidt. Der binne twa illegale biwegings: it boargerlike Pentagon en de Proletaryske Partij, dy' t net allinne it regear fan de kollaborearjende Regint, mar ek inoarren bifjochtsje. As lykwols de U.S.S.R. nei de slach om Stalin- | |
| |
grad de Dútske legers weromkringt, bisiket partijsekretaris Hoederer om út dy machtsposysje wei in mienskiplike aksje op to setten mei Regint en Pentagon. Hy hopet sadwaende nei de bifrijing op de bourgeois-groepen de skuld smite to kinnen fan de to forwachtsjen ellinde, sadat de proletaryske partij yn syn opposysje genôch oanhing winne kinne sil om de macht op in gaedlik stuit oer to nimmen.
Yn de partij binne de miening'en fordield: guon kinne in kompromis mei harren slimste fijannen net goedkrije. As it útfierend komité, troch tadwaen fan de âld-sosiaeldemokraten, yn mearheit efter Hoederer blykt to stean, bislút Louis, lieder fan de âld-kommunisten, Hoederer fan kant meitsje to litten. In skoft nei't dat bard is, foroaret de polityk fan de partij: de forbrutsen forbiningen mei Moskou binne wer yn oarder, en it Kremlin blykt deselde tinkbylden to huldigjen as Hoederer yndertiid. De moard hat dus in forsin west.
Yn dizze situaesje spilet him it mislearjen fan Hugo Barine ôf. Hy is de ryk opgroeide yntellektuëel, dy't him by it útbrekken fan de oarloch oansletten hat by de partij. Dat komt foar in great part fanwege syn langst, it bitrouwen fan oaren to hawwen by it útfieren fan in forantwurdlike taek. It wurdt syn wurk, de krante to redigearjen; mar de winsk om ûnder discipline to stean en to dwaen hwat oaren him hjitte, kin de langst nei ‘l'action directe’ net bidimje. Fangefolgen biedt er him frijwillich oan, as Louis middels siket om Hoederer to formoardzjen. De taek, om as nij bineamd sekretaris fan Hoederer allinne mar op in forpraet stuit de doar iepen to dwaen foar in stikmennich trawanten fan Louis, is him to min: hy wol it sels en allinnich dwaen. Hy krijt dêr yndie frij ta, en togearre mei syn lúkse-wyfke Jessica tsjocht Hugo by Hoederer yn.
It falt lykwols neat net ta foar in twivelriedich yntellektuëel, om ien dea to dwaen. Dat der trije swier-biwapene wachten iderkear om Hoederer hinne strune, mei noch hinnebruije. Mar om koelbloedich it revolver op immen to rjochtsjen en to sjitten, sûnder dat de frage riist: ‘hwat doch ik winliken’ - dat is in swier stik. ‘Un intellectuel, il faut que ça pense.’ It wurdt boppedat hieltyd slimmer, omdat Hugo mei syn baes hwat langer hwat mear yn 'e kunde rekket, en hwat langer hwat mear oan him hinget.
In twade tsjinwierjende faktor wurdt ynbrocht troch de frigide Jessica, dy't it libben nimt as sabeare-boartsjen. Ek
| |
| |
de moardplannen fan Hugo bigrypt hja earst as in spultsje, mar dat foroaret as hja fornimt hoe't har man útinoar lutsen wurdt troch syn probleem. Fierders rûkt Jessica yn Hoederer de he-man, dy't faeks troch har frigidens hinnebrûzje kinne soe. Dat hja bisiket Hugo fan syn ûndernimmen ôf to hâlden, en lokket in petear út tusken him en Hoederer oer it politike striidpunt yn kwestje. Hja wurde it fansels net iens, en út réaksje swart Hugo dyselde jouns, dat er de oare deis wier sjitte sil.
Mar de oare deis giet Jessica nei Hoederer en briefket him de saek oer. Hoederer lit Hugo dan kalm yn en set sabeare-tafallich in forhael op oer de frage, oft in yntellektuëel wol in oar deadwaen kin, oft de twivel sa'n man net oermânsk wurde soe yn dy situaesje. Inkelde mominten nimt er dan it risiko dat Hugo himsels dochs oerwinne sil - mar it bart net. Hoederer nimt de revolver ôf en seit stipe ta foar de rjochtfeardiging fan Hugo's hâlding byhwannear't hy, Hoederer, de ynterne politike striid tsjin Louis woun hawwe sil.
Jessica hat alles biskûle bywenne, komt foar 't ljocht as Hugo ta de doar út is om ôf to kuoljen. Hja bychtet op tsjin Hoederer oer har ûnwerklik libben, oer har langstme nei in keardel fan fleis en bloed. ‘Quand on m'embrassait ça me donnait envie de rire. - Faites de moi ce que vous voudrez: quoi qu'il arrive, je ne vous reprocherai rien.’ Hoederer nimt har yn 'e earms: ‘Eh bien?’ - ‘ça ne m'a pas donné envie de rire.’
Datselde stuit komt Hugo yn. Hy tinkt nou to bigripen, hwerom as Hoederer syn oanfaller net delsjitte litten hat troch syn wachten, sjocht foar de earste kear syn baes fan 't sintrum en de tsjoen is brutsen. Hy grypt it revolver en sjit. Mar yn de lêste wurden fan Hoederer ta de oanstoarmjende wachten biskiedt dizze man noch oer Hugo's lot: ‘Ne lui faites pas de mal. Il a tiré par jalousie. Je couchais avec la petite.’
Al ridlik g'au út de finzenis ûntslein fanwege goed gedrach, komt Hugo by syn âlde partij-freondinne Olga. Hy wit dat de partij him net mear brûke kin: yndertiid al, doe't er noch by Hoederer wie, ha se bisocht om syn to lang útstelde taek oer to nimmen troch middel fan in (mislearre) bomoanslach, en yn de finzenis krige er forgiftige bonbons taskikt, dy't tafallich syn selgenoat it libben koste hawwe yn pleats fan him. Mar as der dan Proletariërs komme dy't
| |
| |
Hugo folge binne út 'e finzenis wei, en dy't him opromje sille, wit Olga Louis to bipraten dat hja in pear ûren kriget om to ûndersykjen oft har freon dochs net wer brûkber wurde kinne soe. Hwannear't er it forhael fan syn moard op Hoederer út hat, konstatearret Olga bliid dat er ‘récupérable’ is: hy wit ommers sels mar kwalik de motiven, dêr't er om hannele hat.
Ien ding, ien lyts ding, moat Olga dan noch oan Hugo sizze: de partijtaktyk is foroare. Hugo skrillet op: hat dan syn die, swier as it woegen hat, ek noch doelleas west? Folg'et men nou dus de polityk fan de man, dy't hy foar dyselde polityk delsjitte moast? Dat is tofolle. Hy wegeret om, troch in oare persoan to wurden, troch al hwat bard is to forjitten, fan Hoederer in ‘cadavre anonyme’, in ‘déchet du parti’ to meitsjen. As Louis en de oaren weromkomme om de útslach fan Olga's ûndersyk to hearren, negearret er it smeekjende oanbod fan syn freondinne om to flechtsjen en trapet er sels de doar iepen foar syn moardners: ‘Non récupérable!’
* * *
By it lêzen of oanskôgjen fan dizze beide stikken kin men jin net ûntwine oan it gefoel, dat se sterk parallel geane. It is tige forliedlik en groundearje dit op inkelde uterlike aspekten. Der is bygelyks gâns oerienkomst hwat it scenario oanbilanget: situaesje en ûntjowing fan de haedfiguer hawwe frijhwat mien. Dan is der yn beide stikken it brûken fan moderne middels, sa as it tapassen fan film-trúkjes. Ek it ûnderstreekjen fan de fatale sfear falt op. Mar de bilangrykste parallelen rinne dochs effen djipper.
Foarst: ‘Les mains sales’ en ‘Death of a Salesman’ binne beide net skreaun sûnder in biskate bidoeling. De twa auteurs hawwe net yn it foarste plak in tafallich yndividu yn tafallige omstannichheden op 'e planken sette wold, mar primair hawwe se in algemiene tastân, in algemien probleem stal jaen wold yn in tafallige konkretisaesje.
By Miller stiet foarop de hopeleaze posysje fan de ‘man in the street’, of yn syn eig'en wurden ‘the common man’, dy't gjin perspektyf mear hat yn it hjoeddeiske Amearika. As Willy weromtinkt oan de tiid, dat syn hûs pûr allinne op 'e romte stie, brekt er los: ‘There's more people! That's what's ruining this country! Population is getting out of
| |
| |
control. The competition is maddening! Smell the stink from that apartment house! And another one on the other side....’ As Willy oan 'e ein hwat langer hwat mear schizoïde symptomen fortoant, bigjint er b.g. midden yn 'e nacht yn it tún to siedzjen; en oer syn arbeidzjen oan hûs en spullen seit Biff yn it requiem: ‘You know something, Charley, there's more of him in that front stoop than in all the sales he ever made.’ Dit pioniers-archaïsme, dat in algemien Amerikaensk forskynsel hjit to wêzen, hat Miller blykber yn syn hannelsreizger personifiëarje wold.
Lykop mei de ûndergong fan dizze ‘selsforsoarging’ rint it mislearjen fan it stribjen nei sukses. Tsjin Ben hâldt Willy út: ‘It's not what you do, Ben. It's who you know and the smile on your face! It's contacts, Ben, contacts.’ Tsjin syn soannen seit er: ‘One thing boys: I have friends. I can park my car in any street in New England, and the cops protect it like their own.’ Wol skimeret der al sa njonkenlytsen wolris hwat twivel, bygelyks as er Linda bikent: ‘I know it when I walk in. They seem to laug'h at me.’ Mar flak foar de selsmoard seit er noch, wanhopich oer it forliezen fan Biff's respekt yn in hallusinaesje tsjin Ben: ‘But the funeral -: Ben, that funeral will be massive! They'll come from Maine, Massachusetts, Vermont, New Hampshire! All the old-timers with the strange license plates - that boy will be thunder-struck, Ben, because he never realized - I am known! Rhode Island, New York, New Jersey - I am known, Ben, and he'll see it with his eyes once and for all. He'll see what I am, Ben! He's in for a shock, that boy!’ Mar de shock bliuwt wei: it is in stille bigraffenis. Ek hjiryn is Willy Loman de personifikaesje fan in algemien Amerikaensk forskynsel: krantejonges wurde gjin millionair mear.
Mar millionairs wurde ek gjin krantejonges, lyk as Sartre ús leauwe litte wol: de fabrikantesoan Hugo Barine, dy't redakteur fan de illegale kommunistyske krante wurdt, is perfoarst gjin personifikaesje fan in biskate sosiale ûntjowing. It is dan ek yn in hiel oare sin, dat it stik fan Sartre de delslach wêze wol fan eat algemiens yn in konkrete foarm. By ‘Les mains sales’ giet it yn wêzen om it probleem fan de kar, fan de twivel: it konflikt fan it rjochtlinich tinken mei de easken fan it libben dêr't it op stuitet. Hoederer seit it dúdlik tsjin Hugo: ‘Comme tu tiens à ta pureté, mon petit gars! Comme tu as peur de te salir les
| |
| |
mains. Eh bien reste pur! à qui cela servira-t-il et pourquoi viens-tu parmi nous? La pureté, c'est une idée de fakir et de moine. Vous autres, les intellectuels, les anarchistes bourgeois, vous en tirez prétexte pour ne rien faire. Ne rien faire, rester immobile, serrer les coudes contre le corps, porter des gants. Moi j'ai les mains sales. Jusqu'aux coudes. Je les ai plongées dans la merde et dans Ie sang. Et puis après? Est-ce que tu t'imag'ines qu'on peut gouverner innocemment?’ Mar Hugo is oars: ‘Je suis entré au Parti parce que sa cause est juste et j'en sortirai quand elle cessera de l'être.’
Nou is it wûnderlike fan de saek, dat de stikken fan Miller en Sartre, beide dus fan oarsprong tinkstikken, gjin moard-drama's mar lykredes - dat fan dizze beide dat fan Miller de measte kânsen hawn hie om libben en oertsjûgjend to wurden, omt by him it scenario fierút it oannimlikst is; mar dat it stik fan Sartre yn syn komposysje dy efterstân mei glâns ynhellet en sels op in fikse foarsprong komt to stean.
Hwant yn ‘Death of a Salesman’ komt it preek-karakter, de lykrede, hinderlik sterk nei foaren. Alles hwat dêryn bart is natuerlik, normael en as sadanich oannimlik. Mar de rige fan fatale faktoaren is lang en ientoanich. De hannel giet efterút, it libbensûnderhâld wurdt djûrder, it ôfbiteljen is net to dragen, it hûs wurdt fan 'e stêd omsingele, de jonges doge net, hy krijt ûntslach, hy bidraecht syn wiif, hy wurdt hwat langer hwat mear ryp foar Frentsjer, en gean sa mar troch; men soe it hiele stik lang sitte to wachtsjen op de selsmoard, wie it net dat men bitinkt dat in foarstelling ornaris in biskaet tal ûren duorret. Is Loman dan lang om let dea, dan is men der noch net: nei de selsmoard wurdt de saek noch in kear oereide yn it wol hwat oerstallich requiem. Bear Miller is it mei syn rotsblokken yndie slag'ge om mich Loman kroandea to krijen - mar hearremyt Toanielstik hat der ek in bêste klap fan weikrige.
Hwat dat oangiet, stiet de saek better by ‘Les mains sales’. Fansels, dit stik is likegoed en faeks noch wol mear in programma-stik, in lyk-réde. Mar Sartre hantearret komposysje en dialooch sa knap, konstrueart sa yntelligent, dat de ûnwierskynlike story dochs folslein oertsjûgjend wurket as men it stik lêst, of leaver noch: sjocht. It petear sels, hoe sterk Sartre ek wêze mei yn it útspyljen fan psychologyske faktoaren om spanning op to roppen, is net de
| |
| |
fornaemste oarsaek dêrfan - ek Miller is boeijend, en sels (men moat it tajaen) in kromke réalistysker yn syn teksten. Mar it greate ûnderskie tusken beide stikken sit yn de totale konstruksje, yn de omstandichheit dat Sartre net lyk as Miller iderkear mar wer in oare hammer nimt om op de selde kop to slaen, mar dat er de situaesje ‘slein wurde’ hieltyd fan in oare kant bisjocht. Miller wol op alle manieren sjen litte, hoe ienfâldich de saek winliken net is. Sartre lit op alle manieren sjen, hoe kompleks it wol net is. Dit ûnderskie yn opset en bou makket, dat de fan oarsprong folle ûnwierskynliker gong fan saken by Sartre op it toaniel dochs omslacht yn in oannimliker en oertsjûgjender stik as dat fan Miller.
Mar der is noch in oar aspekt, dêr't ‘Death of a Salesman’ en ‘Les mains sales’ parallel yn binne, en dêr't it earste bilangriker om wurdt as it twade: to witten de sosiale eftergroun fan it barren. By Miller is de maetskiplike omjowing fan de hannelsreizger feitliks identyk mei de probleemstelling. By Sartre net.
Hie de Frânskman him hâlden by it terrein fan it imaginaire, lyk as yn ‘Huis clos’ en ek min ofto mear yn ‘Les jeux sont faits’, of by it gebiet fan de histoaryske konjektuer, lyk as yn ‘Les mouches’, dan soe de suverens fan de by einbislút yndividuëel-psychologyske probleemstelling der by woun hawwe. Sa't it nou is, kin men net oars sizze as dat ‘Les mains sales’, krekt lyk as ‘Morts sans sépulture’, in part fan syn dramatyske sterkens forliest trochdat it in falsk byld jowt fan de hjoeddeiske maetskippij. Millionairssoannen wurde samar gjin kommunisten. Minderheden yn in kommunistyske partij formoardzje net samar op eigen manneboete de lieder fan de mearheit, en bihâlde dan grif net it bitrouwen fan it Kremlin as dat de hâlding fan de formoarde lieder goedachtet. Oerienkomsten tusken kollaborearjende feodale hearskers, bourgeois-illegalen en proletariërs binne ek frijhwat ûnwierskynlik. En sa is der mear, wylst men op dit stik fan saken Miller net sa maklik op irréaliteiten bitraepje kin. Sartre forliest út it each, dat men scenario-koïnsidinsjes mei psychologyske virtuositeit oannimlik meitsje kin, mar dat soks mei sosiale eftergrounen sûnder réaliteitswearde minder maklik slagget.
Dochs jildt ek hjir wer, dat men de twa toanielstikken allinne oan inoar mjitte kin, trochdat se yn wêzen parallel g'eane. Hja sette beide de haedpersoanen del yn ús wrâld
| |
| |
hjoed-de-dei, en brûke forhâldingen yn dy wrâld as driuwende dramatyske krêften. De parallel wurdt jin trouwens noch klearder byhwannear't men bitinkt dat ‘Les mains sales’ en ‘Death of a Salesman’ foaral ek beide de délgong fan de kapitalistyske maetskippij skilderje. Goed, it is net itselde aspekt derfan: yn Europa is dizze ûntjowing nou ienris oars as yn de U.S.A. Mar mear as in tafallige lokale biskatens en in stadium-forskil is dat yn wêzen net.
* * *
Yn ûnderskate aspekten geane dizze twa toanielstikken dus parallel. As men it dêr by litte soe, hie men lykwols it meast essensjele punt fan forgeliking oerslein. Yn djipste wêzen dogge dizze auteurs nammers net itselde birop op it publyk dêr't se foar skriuwe. Hja treffe de emoasjes fan de taskôger op in folslein forskillend flak. Miller giet út fan in sosiale ûntjowing yn de U.S.A., dy't spitigernôch mear as wier is. Ut syn ynlieding ‘Tragedy and the Common Man’ kin men ek priuwe, dat er mient dit as in algemien probleem yn syn stik oansnien to hawwen. Dat moat lykwols in forsin wêze fan Miller. Hy kondensearret nammentlik syn ûnderwerp ta in yndividuëel barren op sa'n wize, dat dat barren in g'efal wurdt, in ‘case study’. Hy pretendearret to sizzen: Sjoch nou ris hoe slim as it lân der hinne leit foar de gewoane man. Mar it stik sels seit allinne mar: Sjoch nou ris hoe slim as it lân der hinne leit foar Willy Loman. Miller draeft dêr dan efter oan mei de útliz: en dat komt fan dy en dy faktoaren, en is dat nou net biroerd? Mar alwer: biroerd foar Willy Loman.
Dit is allegearre allinne mar to bigripen as men biseft dat it stik appellearret oan it meilijen fan de taskôg'er. Dy taskôger kin him faeks identifisearje mei buorman Charley, mar perfoarst net mei Willy Loman. Dat meilijen wurdt yndie wekkermakke: men kin net oars as sympathy fiele foar dizze skipbrek lijende hannelsreizger. Miller spilet tige knap op it meifielen fan it publyk, en jowt dêrtroch oan de útfierende selskippen in sublime kâns om de seal djip yn 't moed to taesten. Mar dat bitsjut tagelyk dat ‘Death of a Salesman’ yn wêzen in brok pathetyk is, in soarte fan kultivearre oggenebbesj. De ein is dan ek allinne yn safier in klimaks, dat de gefoelens fan de taskôger dêr alhiel oerein kommen binne; it is de konsekwinsje fan it stik, it toppunt.
| |
| |
Al dizze dingen lizze folslein oars by Sartre. Fansels, lyk as Miller in biskate sosiale tastân foar eagen hat, hat Sartre in biskaet probleem foar eagen. Mar Sartre hat syn probleem net fortichte ta in gefal; hy hat allinne in situaesje oproppen dêr't it probleem him yn foardocht. Hy pretendearret to sizzen: Sjoch nou ris hoe't in minske tangele sitte kin mei dit probleem - en it stik seit datselde yndie. Troch alle konstruëardens hinne, of faeks krekt via it skerpsinnich manipulearjen fan de faktoaren, demonstrearret Sartre oan it publyk: hjir moat in kar dien wurde, en kieze is ûnmooglik. It stik appellearret dan ek net oan it meilijen fan de taskôger, mar op it ynlibjen yn de stelde situaesje. Troch it individu sintrael to setten, hat Miller it op in distânsje fan de harker set. Sartre lykwols hat de situaesje sintrael set en skept dus g'jin distânsje, mar makket it de harker krekt mûglik om him yn it plak fan Hugo to tinken.
Dit ûnderskie makket, dat ‘Les mains sales’ gjin pathetysk stik is, mar in tragysk stik. Miller bliuwt stykjen yn de lykrede, Sartre ropt troch syn lykrede hinne it libben yn de taskôger oerein. Men wit dan ek it hiele stik troch net, hoe't it krekt ôftriedzje sil, al hoe fatael de ûntjowing ek wêze mei. By Sartre is de ein ek wierliken in klimaks, omt dizze ein earst de sin jowt oan al it foargeande; it slot is gjin konsekwinsje, mar in trochljochtsjen fan it foargeande.
Mar hwat bliuwt der dan noch oer fan it parallelisme, dat tusken ‘Death of a Salesman’ en ‘Les mains sales’ bistean soe? Is dat dan dus net in oerflakkige konstatearring, dy't efterôf sjoen net mear to fordigenjen falt?
De frage liket rjochtfeardige. Parallele linen - dat binne linen dy't yn itselde flak lizze, en deselde rjochting hawwe. Fan datoangeande soe men de titel nou wol wer skrasse kinne. Mar ho: binne parallele linen ek net dy linen yn ienselde flak, dy't gjin inkeld punt mien hawwe oan diskant fan it ûneinige?
En oer it ûneinige yn de kunst fan hjoed-de-dei kin men mar leaver de holle net to folle brekke.
| |
Oersetting sitaten.
(side 196) 8 |
- ‘dan is it sesam iepenje dy foar ús allegearre’. |
12 |
- ‘Wel, jonges, doe't ik sawntjin wie stapte ik de jungle yn, en doe't ik ienentweintich wie stapte ik der wer út. En by God ik wie ryk.’ |
| |
| |
(side 197) 23 |
- ‘De man wist net hwa't er wie.’ |
24 |
- ‘In hannelsreizger moát dreame, jongkeardel. Dat sit him yn 't fak.’ |
26 |
- ‘Hy hat it hjir útfochten, en op ditselde plak sil ik it foar him winne.’ |
30 |
- ‘Wy binne frij en út 'e brân. Wy bin frij. Wy bin frij...... Wy bin frij......’ |
(side 198) 38 |
- ‘In yntellektuëel, dat is in ding dat tinke moat.’ |
(side 199) 23 |
- ‘As immen my yn 'e earmen naem, dan moast ik suver gnize. - Doch mei my hwat Jo wolle: hwat der ek bart, ik sil Jo neat forwite.’ |
26 |
- ‘Nou en?’ - ‘Dêr hoegde ik net om to gnizen.’ |
33 |
- ‘Doch him neat. Hy hat sketten út oergunst. Ik ha by syn wiif sliept.’ |
(side 200) 5 |
- ‘herstelber.’ |
14 |
- ‘nammeleas kadaver’ - ‘forliespost foar de partij.’ |
(side 200) 39 |
- ‘Der binne mear minsken! Dêr giet dit lân fan nei de bliksem! Se kinne de bifolkingsgroei net mear baes. De konkurrinsje makket jin gek! Rûk ris hoe't dy flat stjonkt! Oan 'e oare kant hast noch sa'nt......’ |
(side 201) 6 |
- ‘Witste, Charley, der sit mear fan him yn 'e stoepe foar de doar as yn alle hannel dy't er ea dien hat.’ |
13 |
- ‘It giet der net om hwat men docht, Ben. It giet der om hwa't men ken en om de glimk op jins antlit! Relaesjes, Ben, relaesjes.’ |
15 |
- ‘Ien ding, jonges: ik ha freonen. Ik kin myn auto delsette oeral yn New England, en dan passe de polysjes der op as wie 't har eigen.’ |
19 |
- ‘Ik wit it as ik der yn kom. Krekt as gnize se om my.’ |
21 |
- ‘Mar de bigraffenis -: Ben, dy bigraffenis dan wurdt it stampfol. Se sille komme fan Maine, fan Massachusetts, fan Vermont, fan New Hampshire! Alle âlde maten mei de nuvere nûmerbuorden - dy jonge slacht der fan efteroer, Ben, omt er der nea oan tocht hat dat ik bikend bin! Rhode Island, New York, New Jersey - ik bin bikend, Ben, en hy sil it mei syn eigen eagen sjen, en foargoed. Hy sil sjen hwat ik bin, Ben! Hy kin op in skok rekkenje, dy jonge!’ |
42 |
- ‘Hwat sitstû fêst oan dyn suverens, jonkje! Hwat bist bang om smoarge hannen to krijen. Nou, bliuw dan mar suver! hwa sil der hwat oan hawwe en hwerom hast dy by ús jown? Suverens, dat is hwat foar fakirs en muontsen. Mar jimme, boargerlike yntellektuëlen en anarchisten, jimme brûke it om mar neat dwaen to hoegen. Neat dwaen, net forroere, earmtakken tsjin 't liif oan, wanten oan 'e fingers. Ik, ik ha de hannen smoarch. Oan de earmtakken ta. Ik ha se dompele yn 'e stront en yn it bloed. En hwat dan noch? Tinkstou wier dat men baes wêze kin sûnder kwea to dwaen?’ |
(side 202) 9 |
- ‘Ik bin by de partij gien omt de saek fan de partij rjochtfeardich is en ik rin der wer út as er dat net mear is.’ |
|
|