De Tsjerne. Jaargang 7
(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 193]
| |
Hjerst.Dagen yn grize risten
munsters swierladen bisten
krûpend as grouwe
misten oer de lânsdouwe
fan it fortriet
ûnwjersteanber lutsen
yn brokken wédom brutsen
keare de wiffe bange
fûgels fan it forlangen
nei de ierd.
De wrâld dizet ticht ken
gjin hichten gjin lichten
neat as g'rizens
en wiet
gedichten fan dize en dampen
fan ûnk en tsjustere rampen
de lampen barne ier
ier stjert it liet.
| |
[pagina 194]
| |
In man.In man yn himsels fortiisd
dy't swalket de wegen del
dêr't de wédom syn gongen wiist
skelet yn syn neakene fel.
In man dy't de wei nea leart
yn siels fatael labyrinth
ear't de greate stoarm fan 'e dead
oer syn haed to waeijen bigjint.
In man dy't syn wrake swart
oan God en Syn ruoikjend reid
in man fan syn wrok fortard
en dy't smoart oan syn iensumheit.
| |
Dream.Dream wês genedich
liz dyn waerme amme
om myn kjeld en myn freze
foar de dei fan moarn
lit it deiljocht wachtsje
foar it stopljocht fan dyn wil
set wrâlds ôfgryslik ûrwurk
stil
taepje út dyn oerfloed
de drank fan forjitnis
trochljochtsje myn siel
yn syn húvrige djipten
syn hoalen en hernen
mei de skynwerpers fan dyn
hearlikheit
set yn myn fleis
dyn stiel
en snij út my wei
de sûnden fan juster en jimmer
forkrongen forkroppe
ta in stjonkend griemmank
lit my nij-berne
skjinwosken fan leagen en grom
forriizgje út dyn omearming
dyn skom.
| |
[pagina 195]
| |
Swart op wyt.Hjir stiet it swart op wyt:
der is gjin wei en gjin wet
gjinien bitrousum kompas
gjin g'od en gjin sillichhyt
allinne it neaken karkas
dat de siele knoeit en tofret
en dat yn 'e lêste minút
noch ienris mar ivich to let
fan 'e siel en syn soarch ûntset
slacht de swang fan syn flerken út
ear't it doek foar ivich slút.
| |
Dit liet.Dit liet is sûnder slot of sin
it hat gjin ein en gjin bigjin
it is net bitter en net swiet
it is mar amper mear in liet
in liet dat weiwaeit op 'e wyn
in sucht in twjirre dy't wer yn
it neat fordwynt út neat ûntstien
en ear't er wie al wer forgien
dit liet dat fan gjin wurden wit:
in sykhel dy't it sitte lit.
|
|