| |
| |
| |
E.B. Folkertsma:
Gjin bistean.
Yn 'e Twade Keamer fan Nederlâns Steaten Generael is lêstenwyks de maetskiplike posysje fan 'e kunstners wer ris to sprake kommen, en de sifers, by dy gelegenheit jown en forsafier't ik wit fan nimmen noch dêrre noch op oare plakken ûntstriden, sprekke kleare tael. 80% fan dy fan 'e byldzjende kunst noch gjin jierliks ynkommen fan f 2000, - en 30 oant 40 % sels ûnder de 1000, it bits jut, dat in greate groep kunstners yn Nederlân gjin bistean hat. En soe it der mei it greate g'ros dichters en musici - ik bidoel binammen de skeppende - ja mei gâns proazaskriuwers better foar stean? Wy kinne gerêst oannimme fan net. Mei útsûndering fan 'e architektuer jowt de kunst op har tûzenen bidriuwers mar in lyts tal dêrfan in bistean.
Hwer mei dat oan lizze? Lit ús allerearst fêststelle, hwer't it net oan leit. Net oan Nederlâns ekonomyske tastân hjoed de dei. Wis, it jild is krapper as yn it earst oan nei de oarloch, en persoan foar persoan kin lang net elk likefolle kunst bistelle of keapje as er doedestiids die. En dochs, as de ryklik tsien miljoen Nederlanners woenen, dan soenen hja meiïnoar ek nou noch yn alle getallen it tige greate diel fan har kunstners in ridlik bistean bisoargje kinne. Lit it jild krap wêze, de lêsten swier, it libben djûr, salang't der jier oan jier noch hûnderten en hûnderten miljoenen gounen útjown wurde oan binnen- en bûtenlânsk toerisme, oan sjen nei sport, oan feestlikheden, oan drank, oan smokerij, salang hawwe wy it yn dizzen net to krijen mei finansjele ûnmacht.
As de greate mannichte mar woe. Mar hja wol net. Hja wol net, omdat hja gjin genôch bilangstelling' foar ideële kultuer en dan binammen foar kunst hat. Hwat hja dy kant oer wol bigeart, is it fortier, de fordivendaesje, de nocht en wille. En sadwaende giet it populaire der mei de priis op ôf, it populaire fan boek, toaniel, film, radioprogramma, muzyk, kabaret, en kinne de mannen op dy terreinen, yn steat of ré om itsij de smaek itsij de moade fierdernôch to mjitte to kommen, der noch in bistean út slepe. Mar fierder is it lijen. De greate mannichte, net allinne fan it sljochtwei folk, mar ek fan 'e bigoedige en de yntellektuële stannen,
| |
| |
merkt kunst dy't net ta amusemint of ta nut tsjinnet foar lúkse oan. Hja kin se èk misse. Sagau't hja bisunigje moat, har forbyldt bisunigje to moatten of bisunigje wol, docht hja it earst op skilderijen, byldhouwurk, kunst fan húsflyt en forsiering, muzykynstruminten, bellettristyske boeken. Hja keapet it to'n earsten net mear, sjocht der forgoed ôf of nimt, om de yllûzje noch to bihâlden, surrogaet foar kar, dat de yndustry har hwat langer hwat makliker makket.
Hjir komme it krappe jild, de hege lêsten en de djûre tiid jitris oan 'e oarder. Dy har wurking yn dizzen is foaral psycholog'ysk. De lju komme der gau troch yn 'e forbylding, dat hja lúkse dêr't hja net al to folle bilang by hawwe net mear bitelje kinne. Tagelyk jowt it harren de noflike yllúzje, dat hja mei bisuniging op sokke lúkse harres dogge ta de fan alle kanten oanpriizge en suver nasjonael forklearre deugd fan ynkoarting fan 'e konsumpsje. En lêst bêst wurdt foar it bisef de wissichheit fan jild, útset op 'e sparbank, yn forsekeringen, yn effekten en oandielen, nochris wer safolleste greater by dy fan bilizzing yn boeken en dingen fan kunst.
* * *
Sa is it nou net allinne, sa hat it einliken altyd west, yn Nederlân tominsten. De bilangstelling foar ideële kultuer en kunst mei dêr de iene ieu greater west hawwe as de oare, de romte fan sprekken hat it nea lije kind. As it allinne fan 'e greate mannichte ôfhongen hie en net yn sommige ieuwen foar gâns in diel mei fan 'e tsjerke, foarstlike hôven, magistraten, adel, patrisiaet en maecenaet, de kunstners soenen to ninter tiid in oar bistean as soberheit en earmoed kend hawwe. De greate mannichte hat har nea bikroade om it bistean en it lot fan 'e mannen fan 'e kunst, der allinne mar fan profitearre of, as dat har net mûglik wie, se net kennen. En sels yn 'e ieuwen fan hege biskerming en bifoardering wie de maetskiplike posysje fan 'e kunstners wankel.
Dat is lykwol in meagere treast, to mear nou't yn ús tiid de forhâlding tusken de maetskippij en de kunst allinken noedliker wurdt. Noedliker sawol út oarsaek fan 'e maetskiplike ûntwikkeling as út oarsaek fan 'e ûntwikkeling fan 'e kunst. Hwat de earste oanbilanget, kinne wy yn in tiidskriftartikel net mear as inkele bilangrike faktoaren mear neame as biskriuwe. Folsleinens en biskriuwing soenen in
| |
| |
stúdzje easkje. Mar faeks komt de lêzer op oanwizing sels wol fierder.
De geast fan 'e tiid wurdt hwat langer hwat saekliker. De moderne minske tinkt prinsepeal ekonomysk. Hy freget allerearst nei it nut fan 'e dingen. Hy wurdearret yn en neffens jild. Alles moat weromkomme, rinte dwaen, profyt jaen. Sa is ek syn bioardieling' fan kunst. Dy kin er wurdearje, as hy der profyt fan hat, forsafier't hja him fortier jowt en him amusearret. Dan hat hy der jild, tiid en ek noch wol hwat ynspanning foar oer. Mar net foar itjinge nei syn bigryp gjin nut docht. Alles hwat datoangeande fyn, subtyl of djip is, hwat skientme yn himsels hat, hwat kritysker birop docht as op 'e moadiëuze smaek, de populaire miening en de itige krityk, birop persoanlik en direkt op it artistyk gewisse, dat achtet er ûnnut. It is him net saeklik en profytlik genôch. En sa komt de skientme aloan skraler wei. It materialisme fan ús tiid, lit it him yn finer of yn grouwer foarmen uterje, hat by einsluten gjin plak foar ideäliteit.
Ek de sfear fan it maetskiplik libben hjoed de dei is net bifoarderlik foar wurdearring fan kunst en geniet fan skientme. Dy freegje tiid, stilte en konsintraesje, mear en djipper as de minsken langer ta har foldwaen hawwe of miene to hawwen. De stim fan 'e skientme, hja mei stil of fyn of heech klinke, giet yn it skrillûde gerûs en geraes fan ús maetskippij forlern. Hoefolle dogg'e it harren yn 'e jacht fan it moderne libben oan tiid, ris to bikommen en to harkjen nei de rêst fan muzyk, to sjen nei in stil skilderij, to lêzen in ynlik gedicht? Dat docht de greate mannichte net, hja kin it net, hja is der inerlik to ûnrêstich ta. It lawaei fan it forkear, de striid om it bistean, de spanning fan oarloch, gewelt en revolúsje, de ûnwissichheit fan 'e takomst, de eangst fan en foar it libben jeije har op. Hja libbet net fan herten, hja libbet op 'e senuwen. As de greate mannichte, fan leech ta heech, oan forhael fan 'e drokte en de jacht fan it deistige libben ta is, dan nimt hja de tiid dêr noch al foar, mar siket it yn deselde, allinne nofliker jacht en drokte: dy fan 'e bioskoop, de radio, de televisy skielik, de massale sport, de lûde en bûnte mondaniteit fan strân en mar en allerwegen. Ta oar forhael is hja net mear yn steat. It moderne libben stompt de sinnen ôf en forgrouwet it gefoel. It hat allinne noch forlet fan sensasjonele kunst.
En fierders fan geriif. It geriif nimt hwat langer hwat
| |
| |
greater maetskiplik plak yn, op kosten allerearst fan 'e kunst. De hjoeddeiske minske easket aloan mear. Hy is net langer asseet, noch fan need noch út oertsjûging, mar wol syn diel oan libben en weelde hawwe. Dêrom easket er oerfloediger, lekkerder en finer iten en drinken, better wenning', geryfliker húsrie, makliker húslik reau, mear en moaijer klean, suverder radio, langer fakânsjes, greater gelegenheit ta útgean. It is allegear minsklikernôch, mar dy bitreklike en al folle noch mar biskieden weelde needsaket him om op oare dingen to bisunigjen. En hwer sil er earder op bisunigje as op itjinge er dochs al foar lúkse oansjocht en nei syn bigryp wol misse kin? Sa moat de kunst it wer bilije, finansjeel en oan wurdearring. Ja, ek oan wurdearring; hwant forsafier't it minskdom tsjintwurdich noch al forlet fan kunst hat, tsjinje de geriven fan it libben it ta surrogaet en ta yllúzje.
Noch minder lykwols as it geryflik libben jowt de driuw fan 'e moderne minske nei in wis en feilich bistean de kunst bod. Hwat ús maetskiplike ûntwikkeling miskien wol meast fan alles biskaet, is de soarch foar de takomst. Wy minsken fan 'e tweintichste ieu litte it net langer oankomme op it deistich brea. Dêrom beaën en skrepten earder e slachten; wy lykwols sjogg'e fierder en bigeare langer wissichheit. Us stribjen hwat langer hwat systematysker is, yn it hjoed in ekonomysk en soasjael sa feilich mûglike takomst to groundearjen. Us bern sille better en wisser bistean hawwe as wy. Dêrom leare, diploma's en akten helje, karrière meitsje; dêrom sparje, forsekeringen foar it libben fan jinsels en fan 'e bern, forsekeringen ekonomysk, soasjael en medysk; dêrom jild bilizze, rinte meitsje of leaver kweke, oeral kaptael yn sette, finansierje; dêrom al greater plannen en wurken dêr't letter it jild út komme sil of dy't dan tominsten goede rinte dwaen kinne; dêrom bistriding yn it great en as it mûglik is foàrkomming fan sykten, wurkleasheit, earmoed, krisis. Forsekering en soarch foar de takomst, dat binne de wachtwurden yn 'e greate hjoeddeiske maetskiplike striid. Allinnich, it komt de mienskip op geweldige kosten en ûnbidige ynspanning, it sij yn har leden rjochtstreeks persoanlik it sij oer har organisaesjes en oer de steat. It makket it libben djûr, drok en swier, en lûkt de bilang'stelling fan skientme en kunst nei de soasjale en de politike kant fan it bistean. Of dúdliker sein, yn sa'n maetskippij is foar de kunst mei har ûnrindabiliteit, har ûn- | |
| |
wissens en har ûnfeilichheit gjin plak. Kunst kin net foar it takommende soargje, hja kin it allinne mar ûnder krityk of yn it avontûr sette.
Om better en wisser takomst to bistribjen, hat de maetskippij organisaesje nedich. Hja rekket en slagget dan ek yn al neigeraden greater, straffer en fierder trochfierde organisearring. Dat kinne, om't hja in sterk saeklike kant hawwe, it ekonomyske, it soasjale, it politike en sels it wittenskiplike en it kultureel to learen libben in hiel ein hinne forneare; dy kinne der effektiver en oan in hichte ta produktiver fan wurde. Mar de earme kunst mei har biskiedende eleminten fan it persoanlike, de oanliz, de bisieling, it ûnlearbere wurdt ek yn dizzen de lider. Hja is nou ienris min to organisearjen. Yn it skeppende hielendal net, yn it útfierende kwalik. Wol binne der op har gebiet organisaesjes by 't soad, mar dy organisearje har propaganda yn sté fan harsels. Der wurdt gjin gedicht, gjin byld, gjin skilderij, gjin stik muzyk mear of better om makke. Mei organisaesje op it terrein fan 'e kunst is it, alteast yn it great, neat wurdich. Oparbeidzjen, teamwork, wurkfordieling strike noch mei it aerd fan 'e kunst noch mei it bistean fan 'e kunstner. Dy easkje de man allinnich òf, op syn heechst, it lytse, ûnopsetlike, spontane forbân fan freonskip, geastlike sibskip of striidmaetskip. Dat kin de iene mei en troch de oare ynspirearje. Kunstnersforieningen en kunstnersbounen binne troch de bank dan ek brike foarbylden fan organisaesje. Hwat harren dochs noch wearde jowt, is de persoanlike moeting, it bigryplike petear, de libbene útwikseling fan wurk en fan idéen. It fierdere is fakbiweging en propaganda, dêr't de mannen better sakelju foar nimme koenen. Yn 'e gearkomsteseal aerdet de kunstner net; ta libben en ûntjowing hat hy de studearkeamer, it kafé en fjilden en wegen nedich. Mar mei al dy ûnorganisatoaryske romantyk bliuwt syn maetskiplike posysje wif en kriget syn ambacht al minder publike wurdearring. Yn dizze maetskippij bitsjut swakke organisaesje gjin stim en gjin macht, by
de steat likemin as yn 'e pubiike opiny.
Hwant ek de steat docht sines ta de ellinde. Bihalven troch syn diel yn 'e earder oanwiisde faktoaren hat er de kunst en har mannen langer ek noch to fiter troch syn bilêstingpolityk. Yn ûnderskate lannen, hwerby ek Nederlân, fiert er de lêste jierren ommers in polityk om troch sterk progressive bilêstingoanslaggen ta lytser of greater nivel- | |
| |
learring fan ynkommens en formogens to reitsjen. Ut in soasjael each mei men dêroer tinke sa't men wol, de kunst en de kunstners tiget it yn har maetskiplik bistean to'n kweaden. Hwant it binimt rike persoanen, bidriuwen en ynstellingen is it net de mûg'likheit, dan wol it sin en de réens om it maecenaet waer to nimmen en troch to gean mei of oer to gean ta royale stipe.
(It lêste sil folgje.)
|
|