Yn 'e fierrekiker:
Jitris: Hânske siet op it damke.
De Helgolânner versy fan it âlde Platdútske folkslietsje, dat, yn 'e oersetting fan Fedde Schurer, meidield wurdt troch James Krüsz yn it Tsjerne-nûmer fan April en dêr't Dr. de Haan yn it Maeije-nûmer de Noarddûtske origine fan oanjown hat, is net de iennichste Fryske, dy't der is.
Ek op Feer is in variant derfan folksriem. Nei't it skynt like it ús nofterne Ferringen ta dat in ‘leaflyts’ famke net sa lang hoecht to freegjen en hja hawwe der dan ek al in ‘ual Fomen’ fan makke. Fierders hat it forhaeltsje in forfolch krige. Ik lit it hjir folgje:
an spräegd ham flitjeg tu:
an nimmer nian sörr Brei.’
Dü heest mi noch ei nimmen.
An nammst dü mi nü iljeng ei,
do nemm ick Jokob Jandje.
Hi könn üb e Gichel spelle,
diar könn wi efter daanszi.
(feest - krigest; Poon - pânne; iljeng - joun; ei - net; Gichel - fioele.)
It is mei in greate kolleksje oare rymkes to finen yn it Jahrbuch des Nordfriesischen Vereins, Heft 19, 1932.
B.H. POPPINGA.