De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 185] [p. 185] A. Jousma: De helt Redbad. 1 De boi waerd kening; mear net as in bern wie hy to neamen, doe't dy skiere dei syn heite antlit ûnder helmwjuk lei, in marmren masker lyk om oan to sjen. Doe't men de mantel om syn skouders lei, hweroan men keningen en hearskers ken, wylst heite rêstingglâns fordoffe en waerd stadich oan yn skiere skimer wei. Syn trêd glied stil nei dêr't yn kearsegloed de Heilân bûgde, 't antlit fol fan bloed. Dêr hat hy knibb'le foar syn machtleasheit, dy't machtich is, omdat Er helpleas lijt. Hwa hat ea sa syn heil by Kristus socht? Hwa sa syn siel fortreastge yn Syn ljocht? 2 De Bard: ‘Hoe bûcht him Fryslân's kening dimmen del yn dit stil hûs by kearseljocht yn drôge, wylst Fryslân's stinzen steane yn flammelôge en alles út it suden flechtet, kjel foar 't Frankefolk, dat fûl mei spear en bôge op 't heftich hoars foel oer ús swette en tel ús fé en fruchten ta it lân út tôg'e. Folgje hja sá de Krúsgod syn bifel? De Master joech syn libben en syn bloed: har wapens nimme fan ús bern it goed. De Master gie yn earmoed en allinne: hár mantels binn' bisaeid mei goud en stiennen. De Master hie gjin rêstplak foar syn holle: hár wenten binne fan ús goud forfolle.’ [pagina 186] [p. 186] 3 Doe kaem er huverjend en kjel oerein en seach de bard stean mei syn flamjend each. In hurde glâns is oer syn wêzen lein, in stielen heechmoed, dy't men nea net seach. O Redbad, hoe is nou de dream forflein fan 't bern, dat mei my troch de wâlden teach. De helt is berne, dy't nei 't suden fleach en Fryslân rêd hat en de Frank forslein. De kriichsman riist, hwaens wapen nea mear rêst, yn heechheit hearskjend oer dit âlde lân, hurd as it stiel, dat yn syn hannen is. Jit ienris ha syn eagen sêfter west, doe't der, tobriiz'le fan in heidenhân, de Krúsling brekkend delsloech yn syn nis. Vorige Volgende