lyflik misfoarme froulik elemint, om der syn wrok en syn minderweardigens op út to wierjen, komt yn de oandacht fan in frou, dy't al syn jammerdearlikens sjen en kenne moat, en dy frou hâldt fan him. Is dat leafde, of in needlottige man-frou-polariteit?
Eros, de strieljende ingel, dy't opwjokje wol nei syn bistimming fan boartlikens, freugde en fruchtberens, fortize yn it stikeltried fan oerlizzings, driuwen en remmen, Eros wjuklam.
Mar as in auteur nou Eros yn dizze sitewaesje bitrapet, dan mei gjin romantyske tradysje him wjerhâlde om har yn al syn illinde to biskriuwen.
Dizze leafde wurdt net ôflaet út eigenskippen fan har foarwerp, net út skientme noch weardichheit, hja bistiet en dêrmei út.
Ruth redenearret einliks ek net of mar amper. Hja wrakselet mei morele opstigings, dy't hja yn forbân bringt mei har leauwen, en soms bisiket hja de âld man it ljocht by to bringen dat hja sels inkeld fan hearren en sizzen ken.
In symbolyske slachboom keart har aloan op: de snor. Dy snor hinget as in spinreach foar alle geheimen út dit libben. Hy wurdt almar wer wosken (in bikende Freudiaenske symptoomhanling) as in machtleas bisykjen om in forline to rjochtfeardigjen en in takomst mooglik to meitsjen.
In ûntkrêfte Eros, steksjoch taestend by syn doel lâns, bigearte sûnder potinsje.
Men kin ek sizze: in frou mei de beide hannen fol leafde, dy't der gjin ried en gjin wei mei wit, en swalkje moat troch in tsjuster en klam labyrinth, oant hja op it lêst in lyts skreefke ljocht sjocht.
It pleitet foar Ypk fan der Fear as skriuwster, dat hja dizze figuer út de ienlikens helle en yn 'e litteratuer brocht hat.
Oer de technyk fan it forhael noch ditte: It falt op, dat de auteur it stribjen nei in aparte styl fan koarte, ôfbrutsen sinnen oerjown hat foar it procédé fan 'e normale folsin. Ik achtsje dat winst, al soe ik graech sjen dat hja oan 'e forsoarging fan 'e tael noch mear omtinken joech.