stadich yn him op. Hy fielde dat it bloed him út 'e holle wei loek en dat er mislik waerd. It swit kaem him op 'e foarholle. En hy fielde dat guon nei him seagen.
‘Is der hwat, sergeant Jansma?’ In korporael kaem op him ta.
‘Né jonge, né, hwat g'riperich en al in pear dagen’, sei er, ‘mar is der nijs, Dol? Né, jonge lit my mar, it is ek al wer oer.’ Meiïens gie er in pear trêd fierder.
‘Nou ja,’ sei Dol, ‘der sil in Ealsma mei yn sté fan luitenant Welling dy't ommers sa hommels stoarn is.’
Nou neat skine litte, al krige er op 'e nij in klap. Gewoan dwaen, gewoan dwaen, hammere syn breinwurk.
‘Oh, soa, dus, nou dan is dat mar foarinoar. Hwa sei it?’ ‘Majoar. En de nije sil aenst hjir komme.’ ‘Oh, soa.’ It hakkele by him. Hy stammere en noch nea hie er sa binnenmûlsk flokt.
* * *
De les oer de hângranaet wie de minste, de aeklikste, de biroerdste en de lêste dy't er fan syn libben joech. Luitenant Ealsma hie noch al hwat oan to merken. En Jan Jansma hammere it mar yn 'e kop: Lit him forrekke, lit him forrekke. Mar de mjitte rekke fol, dat fielde er. En hy fielde ek dat it it lêste wie, it âlderlêste.
En ynienen wie der it momint:
‘Wel verdomme kerel, demonstreer jij met losse flodders?’
Hy waerd wyt om 'e holle en raesde: ‘Né, né, jonges de kop der by!’ En meiïens skuorde er út ien fan de foarste rekken in hângranaet en herhelle en hy skreaude sa lûd, dat de jonges riisden as ien man omheech, mar Ealsma âlle: ‘Zitten, zitten, wel verd....!’
Boppe alles út syn stim:
‘Kalm draeije!’ - Hy draeide in kwartslach - it ding bigoun to sisterjen. - Ien - twa....!
‘Ben je gek geworden, kerel, idioot!’ En de luitenant woe him it ding ûntskuorre. - Trije.... -! Hy sprong de luitenant op 'e hûd en klibbere oan him fêst. - Fjouwer! - Hy foel as in baelsek mei him tsjin de muorre. - Fiif! - ‘Dekke jonges!’ In g'eâl, en op it selde momint in ûntsettende slach. It stonk yn 't leslokael.
Rook fan farsk fleis en bloed.
God wie de tiidmaster.