De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 177] [p. 177] Rely Jorritsma: July-snein op ‘Jagtlust’. De sinne dy't my fanôf it jura ken, en de forwielbeam dy't in himelske snein bigjint, en it lytse fûgelt, alles meimelkoar, it hat my wer sa yn it Fryske yn dat ik neat oars mear bitinke kin, as hwat ik waerd en hwat ik bin: yn himelske eagen fan sinneskyn by in boumantsje-wipsturt oandachtich yn 't grint, in ka yn 't gazon, dy't glânzgjend forrint, in swierjende mich, gerdyntsjes, blyn, myn eigen needlot dat my birint - in clown, yn de preal fan in sirkustint. Vorige Volgende