De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 175] [p. 175] T.A. Brattinga: Elegy. I Wiid is it lânskip en de bergen heech in fûgeljong skreaut en slacht omleech yn 'e kloeren fan it mikerjende rôfdier. Stil is it nou, sa stil, - fier en wiid en heech. Droech is it gers en goar de flakte. It slachtsjen is in werze, it slachtsjen fan it jonge bist. Hoe lang haw ik hjir west? Strak sil ik bloed op 'e ierde fine. Hjir rydt gjin trein, gjin auto. Der sline inkeld slakken, fize stripen oer 'e g'roun. It ein is noch sa great, en foar 'e joun soe ik myn thús birikke. Freon yn 'e stêd, hjoed is it sneon, en snein soe ik by dy wêze. It ein is noch sa fier. Soe it bist ek to folle bliede? en soe de ierde sa'n toarst wol ha? Wiid is it lânskip en de bergen heech. Gjin fûgel âllet. Reinwetter falt omleech. Grize, grize kriten. Freon yn 'e stêd, hjoed is it sneon, en snein soe ik by dy wêze. II Hwat is dy kaert swart omrânne - stjûr net dy idioate keppels kaerten op my ôf dy't as swarte gefaerten fan baltende bollen - ja! ik wol wol forgean!! mar lit my ien sekonde stean om to sjen oft myn wei neifolgber is; dan sil ik sjen dat alles, alles mis west hat: ik wie net it ranke hart dat op 'e weagen fan 't libben dounse hat, en skeat ek noch yn 't sûndige dounsjen to koart. [pagina 176] [p. 176] Sil ik dy ek sa'n kaert stjûre, freon? Hjoed is it snein; en juster wie it sneon. De dea seit: dit is de ein. Ik kin my sels net iens formoardzje, útsein mei dizze kaert, sels skreaun, de dei nei sneon. Dan sil ik net langer mear bistean, dou mienst: ik bin dea; ik bin ek dea; allinnich myn lea wachtet op it dier dat my frette sil as brea, brea foar wylde dieren brea foar wylde dieren brea.... III Ik wist it libben nea sa tear as hjoed nou't bloed fan 't selde bloed my is ûntfallen. Ik wist it libben nea as hjoed sa djûr nou't alle stoarm yn dizze nacht my is forballe. De nacht is stil, alles wachtet op 'e moarn; de minsken sliepe; op hwat kin ik oan dat moarn de sinne skine sil? Ik wit, yn dizze nacht is frede op til lyk as by Kristus' berte to Bethlehim. Marije wachtet en wekket oer him dy't nei dizze nachten de frede bringt. Moarn komt de dei - it drokke skreppen? Sille de machinen bromme en opljeppen de jonge jonges sjonge? Wachtsje, seit de nacht, ik sil dyn leed forsachtsje. Mar de dea ken gjin pardon; alleman komt foar it driigjend peloton; elk skot lit ús de driging fielle. Ik freegje my hoe't wy dat drag'e sille. Vorige Volgende