‘Bist net goed, Ruth?’ - yn myn frage moat bangens west hawwe - ik wie deabinaud. Lûd bigoun hja to laitsjen, har stimme sloech hast oer:
‘Gar nicht wichtich, Margryt, bitte, setzen Sie sich, mein Kind!’ Wie hja pûrrazende lilk, yn it fjûr fan in petear of moast hja har hert luchtsje, dan praette hja Dútsk, har memmetael. Ik streake har oer 'e holle om har del to bêdzjen. It lange, swarte hier lei hwat fortiisd om it moaije gesicht. Ruth wie sa kreas, sa moai. Hja hie alles hwat ik net hie: myn hier wie koart en slûk, ik hie skeinspruten - gjin sinten, gjin hûs. Dochs sieten wy beide op itselde kantoar, fleagen beide like hurd nei de trein, hwant al koe hja der wol trije auto's op nei hâlde - de spoarwegen moasten ek bistean.... Ruth wie to loai om to stjûren, en Barnabas wie skilich.
‘Gean sitten, Margryt.’ Hja hie harsels folslein wer yn 'e macht - der lei in earnst yn har lûd, nou, - ‘jow my noch in glês wyn, ik haw it wier nedich - soks meije se ús wol presint jaen - dy Harry.’
Ik leau, dat ik de helte der by del geat, hwant ik trille - hwat forbylde ik my ek wol?
Stil wie de nacht; sels foelen der gjin bledtsjes mear fan ús beam - yn 'e fierte hearden wy de nachttrein - en yn 'e badkeamer barnde noch ljocht; dat Ruth sa'n rommel makke hie. Barnabas like it him oars wol oan tiid to dwaen.
* * *
‘Margryt - it is net fan bilang, fansels net, hwant neat is fan bilang, mar ik bin ryk, ôfgryslike ryk. Ik wit sels net hoefolle jild ik ha, hwant Mr. Anton regelt alles - suver forgees - hy is âldfeint, sjochst....’
It wie as spriek de stilte. ‘Mar Ruth -’
‘Nei de oarloch stie ik allinne op 'e wrâld; myn heit wie omkommen yn 't kamp, mem is formoarde op 'e heide, hjir yn 'e omkriten - ik wit net presiis hwerre, miskien wol op it plak, dêr't wy Snein sa mâltjirge hawwe.... Ik wie yn in lyts plakje yn Fryslân - hwat ik meimakke ha, is net fan bilang, Margryt, hielendal net.’
‘Wy wiene ryk, Heit hie in greate saek, en mem ek in protte jild. Der sit noch jild fan ús yn Dûtsklân. Yn Amearika in kaptael, urven, ik wit net fan hwa. Mr. Anton regelt