tichste dy't de moderne Nederlânske skriftekennisse oplevere hat. Mei men it filmscenario fan Jan Engelman sa biskôgje? Al de gedichten fan Gerrit Kamphuis, Werumeus Buning, Jan Prins, Van Loggem, Achterberg en Vestdijk, de koarte parody fan Corn. Veth, it prachtige epos fan M. Mok, wylst B.v. Eysselsteijn, Joh. van der Woude, Jef Last en P. Verhoog der romans oer skreaun hawwe. Foar de Afrikaenske skriftekennisse hat Mefr. M. van der Bom-Luitingh my wiisd op it spoekforhael fan Eug. Marais en it gedicht fan D.J. Opperman, dêr't ik op in oar plak op werom komme sil.
Anthonie Donker hie foar dit motyf gâns mear fan Slauerhoff forwachte en wie tige wiis mei Nijhoff syn gelegenheitsspul. Yn syn ‘Karaktertrekken der Vaderlandsche Letterkunde’ (Arnhim, 1945, s. 261) achtet Donker dat Vestdijk de moaiste versy dichte hat. It is yndied in prachtich gedicht. Yn oar forbân (‘De Tsjerne’, 1949, s. 173) haw ik al op in inkeld biswier wiisd. Lykwols, ek de ‘ynkear’ fan syn fleanende Hollanner kin ús min oertsjûgje. As syn kaptein, in boal foar de bimanning, troch in oar skip hinne fljocht, sjocht er dêr in skipsmodeltsje. Hy spring't der op ta en grypt it, hwant hy hopet dêrmei om de Kaep hinne to slagjen. As de eigener, in skipsjonge, it fan him opeasket, jowt de kaptein it werom. Troch dat offer wurdt de flok fan him ôf nommen en is er wer op syn âld skip, mei in bimanning dy't net mear flokt, op oanstean fan in dûmny! Donker priizget de kaptein om syn died fan wiere kristlikheit en hat likegoed biwûndering foar syn skimpskoaten op de dûmny. Lykas yn ‘Puriteinen en Piraten’ liket foar Vestdijk ek hjir it Kristendom oars neat as formalisme en skynhillichheit to wêzen.
Mear as dizze utering fan rancune sil de waerme gloed fan Last's soasiale roman jin oertsjûgje. Syn thema is de striid tusken rjocht en leafde dy't de fleanende Hollanner fiert. Hy komt op foar de earmen yn it Antwerpen fan de Spaenske tiid, it Amsterdam fan nei de opstân, it Ingelân fan Cromwell en yn de Frânske en de Russyske revolúsjes, dy't allinnich in wikseling fan tiranny bitsjutte. In died fan wiere leafde fan syn skipsjonge jowt de útrêdding. Yn oare boeken forgeliket Last mei minder rjocht Friezen mei de fleanende Hollanner, lykas yn ‘Elfstedentocht’, Abe Kooistra, en yn ‘Het eerste schip op de Newa’, dêr't Czaer Peter de Hynljipper skipper sa neamt.