De Tsjerne. Jaargang 7
(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 161]
| |
Blink.Fortiisd yn dizichheden
fan moarn en nachtbigjin
ûntkomt foreale reden
de wetterrêdde sin.
Biskûle efter 't rûzjen
fan lûden, blinke koele
linnen wissichheden
fan libbenslot en doel.
| |
[pagina 162]
| |
Trou.Mês fan har nije namme
fan frjemde frou,
dy't skeind wurdt hâldt biskamme
har dochs noch trou,
forlern oan fjûrdounseagen
en nachtstim fan har bloed.
Trou byt it stiel oan reagen
en alles wurdt wer goed.
| |
Outcast.De stêd stiet tsjin har yn forset,
sykljocht giet har gongen nei,
skaden mantelje har net,
muorren drage har portret
de frjemd, forspijd en fûgelfrij.
| |
Sibylle.Sibylle, iensum bûte roai
biswarrend dream en skyn,
pronkjend mei de glêzen toai
fan stjerreslingers; sinne-sêd
en moanne-blyn.
Wy lein' togearre, lang forlyn
op 't grien plateau by 't fjûr,
dyn fingers dounsen linich oer
de skrille fluiten fan it lok.
En djip de nacht, it lila blok
mei stjerresnie en moannewyt
bispat.
It paed forkaem. Yn 't âlde lok
slacht nea it hert werom.
| |
[pagina 163]
| |
Korael.Korael fan ljocht en reinheit
forbrek dy net
biset
de sé fan alle ivichheit
mei riffen wiid,
atollen frij fan tiid.
Ta in archipel yn it Neat
binne douns en muzyk
biswikende founeminten.
Hunende weagen oargelje bleat
forgetten, forgeand yn it slyk,
forsonkene kontininten
Atlantis fan erotyk.
| |
De moarn.De moarn briek út
as in brân.
It stiel fan it mês
wie noch grien fan de joun
de skûtels skrillen tobek
en it linnen blonk forwêzen.
Mar read roun de moarn
troch de glêzen
oer 't glêdde parket
nei de panielen
fan it buffet.
Yn romers fan juster
lei de fluwielen
dau fan de wyn,
bloed op 'e fearren.
Mar de moarn die de spyn op
en parte it brea
en woe nei it kwea
fan juster net hearre.
| |
[pagina 164]
| |
Waen.Yn d'âlde herberch
wer togearre
forslingere oan in dream
fan beammeskaed en stjerren
en lûden oer de stream,
leit glêd en koel apart,
elk yn it cellophaen
fan in ûnnoazele waen.
|
|