[Nummer 6]
Meidielingen:
Fan 't hjerst sil forskine in lyts bondeltsje mei oersettingen fan Fryske poëzij yn it Italiaensk, fan 'e hân fan Dr. Giacomo Prampolini, ú lêzers wol bikend. Foar dizze útjefte hawwe Deputearre Steaten fan Fryslân finânsiële stipe tasein. It initiatyf is útgien fan de Tsjerne-redaksje, wylst de Fryske Akademy de saeklike regeling op har nimme sil. Sadwaende kinne Tsjerne-lêzers en leden en stipers fan de Akademy dizze útjefte krije foar de forlege priis fan f 0.75. Dyjingen fan ús lêzers dy't in eksemplaer bistelle wolle, kinne dat dwaen troch f 0.75 to stoarten op 'e girorekken fan 'e Fryske Akademy, Ljouwert (344695) en der by to skriuwen ‘Dr. Prampolini. - Tsjernelêzer’.
Omt it tal eksemplaren dat foar Fryslân reservearre wurdt, alteast foar dy priis, biheind is, riede wy oan sa gau mooglik it jild to stoarten.
De Redaksje.