Op it harspit:
Men moat mar doare yn 't kwadraet.
It bigjint suver op in koartswilige boarterij mei wurden to lykjen, mar yn wêzen is it in earnstige kwestje: wy hawwe in optreden fan Klaes Westra (dy't dat sels mear as ienkear as kabaret fan himsels oankundige!), toloarsteld as wy wiene, tige tapaslik mei ‘men moat mar doare......’ karakterisearre (Tsjerne, VII-3); op syn bar bineamt S.J.v.d. Molen (sûnderdat bliken docht dat er dy joun bywenne hat!) ús karakteristyk wer mei ‘men moat mar doare!’, soks inkeld op groun fan oare yndrukken (Tsjerne, VII-4). Jitris: men moat mar doare: it is dus nóch sa fier hinne, dat in ôfwêzige it better wit as ien dy't der west hat, dat foar in bitinken, ôfwikend fan v.d.M. sinen, gâns drystens nedich wêze soe. Danke schön! It oanbilangjend optreden (dêr't it publyk grif tige by ûnderskat is) falt mei v.d.M. - as ôfwêzige en man dy't der bilang by hawwe kin - net oer to praten (dat soe mei in ûnôfhinklike mei-taskôger it bêste kinne); hy mei dan ek tsien kear sizze, dat ús krityk in kanûnskot op in protter wie, en dan ek noch in mis skot (tankje wol!), ú oardiel oer dy joun stiet der like fêst om, net to biynfloedzjen fan in moaije foto fan Klaes Westra yn 'e Feanster Koerier, nóch fan moai gunstige stikjes oer syn kabaret yn ‘Frysk en Frij’. Likemin sil ú oardiel in sprút foroarje fanwegen it ekskúske fan dat der materiële dingen mei mank giene; it witten, dat guon teksten fan mannen as v.d. Molen sels skreaun binne, kin dêr ek gjin ynfloed op hawwe. Dat binne nijsgjirrige bykomstichheden, dêr't de krityk as sadanich gjin rekken mei hâlde mei. Wy hawwe dy joun bioardiele, sa't dy neffens ú wie, en wy steane foar ú wurden, dêr't de warskôging yn lei, dat net oeral in ‘protter’ (wy tankje
v.d.M. tige foar dizze suggesty!) as in geal ynhelle wurdt.
In oare kwestje is, oft ú detail-krityk (mear wie it net!) strike soe mei in algemiene skôging. Dêr hawwe wy ú bûten holden -, likegoed yn 'e forhoping, dat der in ûnôfhinklike tsjinwichtkrityk komme mei, dat Klaes Westra yn oare programma's ta hwat goeds yn steat wêze kin, hwant wy wolle allegearre graech it bêste; de redaksje fan ‘de Tsjerne’ sil ek grif neat oars leaver dwaen as signalearje goede dingen. Mar dy resinsint kin dan fansels nea S.J.v.d. Molen hjitte - likemin as einliken de rol fan anti-kritikus him foeget - hwant hy skriuwt, seit er, sels de measte teksten.
K.D.
(Hjirmei is 't út. - Redaksje.)