Yn 'e fierrekiker:
Hanske siet op it damke.
In Plat-Dútsk en in Helgolânsk folksliet.
Mei folkskultuer is it fakernôch in raer gefal. Al to ringen tinkt in gewoan minske: dit of dat heart ta uzes, it is in stik fan eigen gea, nearne yn 'e wrâld komt sokssahwat foar. En dan docht it wolris bliken, dat itjinge tige hiem liket, ek yn oare kontreijen toplak is. Mar ornaris - dat is ál wier - in lyts bytsje oars, mei varianten, lyk as gelearde hearen dat neame. Soks is tige wichtich fansels, dat forskeel fan lân ta lân, fan doarpke ta doarpke. Boppedat - en soks, bitsjut folle mear - al mei it simpele motyf ek min ofte mear ynternasionael wêze, neffens it folksgefoel heart it thús yn de biheinde romte fan eigen hûs en hiem, bliuwt it in libben ûnderdiel fan hiel it folkseigene kompleks. Op sa'n manear is ien en itselde ding doch wer hwat oars yn Boalsert, Drogteropslagen, Kloppenboarch, Kaliningrad.
It skoandere lietsje, dêr't de foarste rigele fan boppe dizze notysje stiet soe - neffens de hear James Krüsz yn ‘De Tsjerne’ fan April 1952 (jrg. VII, side 103) - ien fan de âldste Helgolânske fersen útmeitsje, meiskien al ûntstien foar de achttjinde ieu. ‘Dit ienfâldige ferske’, seit er, ‘stammet noch út in tiid, doe't hja op it eilân suver oars noch net as Helgolânsk praetten’. Yn Fryske oersetting lêst men - fan mar ien sankje, o James Krüsz! - dizze twa koupletten:
Doe kaem in leaflyts famke,
Dat lake him freonlik oan.
Dan troustû dochs mei my?
It muoit my al, mar ik kin der net foar wei: dit is út noch yn net autochthoon-Helgolânsk. Dizze soune, yngeve folkslyryk - samar opbuorle út it herte, sûnder kunst of raffinemint - it is sljochtwei de maklike forfrysking fan in algemien Nederdútsk folksliet, dat de Grinzers bygelyks sjonge as:
Janman zat op schösstain,
Dou kwam 'n wakker wichje,
‘Mien Janman, wiltoe traauwen?
Dij schenk ik den aan die’.