Ta eare fan dy haedredakteur moat ik sizze dat hy it ûnlogyske fan syn biswier ynsjoen hat. Mar boppedat: syn ‘probleem’ bistie net, tocht my. Lit in bern los yn in Frysk formidden en yn twa, trije wiken forstiet it Frysk. Yn seis wiken sprekt it de nije tael. Hoe lytser it bern is, hoe gauwer it giet. En dan by greatere bern de methoade fan omke Brand: ‘Aste Frysk forstean kinst, kinst it ek lêze. Tink mar datst it sprekst.’
Of soe dat allinnich foar monomane bern jilde?
***
Omke en dy wennen op in koumelkersspultsje. Foar him hie pake dêr wenne, nei him hawwe twa fan syn bern it op en nij bisocht. Nou is pake skaei alhiel forspraet: ien buorket yn Canada, in oarenien hannelet, ien sit yn 'e kosterij fan de Formoanje en ik skriuw stikjes yn in Hollânske krante.
It lok hat nea mei omke west, net mear alteast as foar ien, twa jier, om him de moed to jaen yn tsien jier fan tsjinslaggen steande to bliuwen. Sa bihannelet it lot nou ienkear meastentiids lytse koumelkers.
En doe stoar muoike. De bern koene lokkigernôch harsels al rêdde, mar binammen foar omke kaem it fûl oan. Hy wie in goede man, hy hie alles fan it libben fordroegen, altyd hie ik dyselde mylde laits fan pake op syn antlit sjoen, mar nou siet hy yn syn hoekje by it finster en spriek g'jin wurd.
‘It giet net goed mei heit,’ sei ien fan 'e bern, ‘wy moasten dominy mar ris helje.’
Dominy kaem. Hy wie in âld man; omke siet al jierren yn 'e tsjerkerie; hja forstiene elkoarren. Dominy kaem en doe't omke him seach, kaem der foar it earst wer lûd oer syn lippen. Hy sei: ‘O dominy, dominy, ús mem!’
En dominy andere: ‘Ja Foppema, ik weet het, je hebt een zwaar verlies geleden....’
Ik haw wolris tocht oft ik net op dát stuit monomaen wurden bin.
Dat is al wer jierren lyn. Earjuster krige ik twa útnoegingen: ‘.... dogge hjirby mei út namme fan har âlden, to witten dat hja fan doel binne to boaskjen...’; ‘...dogge to witten dat hja boaskje....’; alles yn it Frysk. Dat sprekt fansels foar twa pakesizzers fan omke Brand dy't