Skerpsliper Wadman mei noch sa jammerje oer de stânfan-saken: in gefoelige, swietlûdige neo-pastorale as dy fan G.N. Visser makket alles goed en bringt it leaflyts heitelân op wrâldhichte.
Fansels, net alles is goud hwat blinkt. Och, dat hoecht ek net. Net altyd mei men omdoarmje op hege toppen fan exaltaesje, dêr't stjerren glânzg'je en Gods amme huverich waeit. Mar doch, it measte dat men ûnder de eagen krijt, it is goed fan tael en suver fan gefoel, en men kin it mei nocht lêze. Men moat dêr net min oer tinke: it biwiist nochris tomear de poëtyske ynslach, de poëtyske biskaving fan it Fryske folk.
Rêstich en forantwurde, mei in inkeld fers dat der útkypt, sa is de nijste bondel fan Marten Sikkema, Skaedbylden. Bisiele technyk, sa hat Tamminga dit wurk karakterisearre, en dy formule jowt suver krekt de ympresje werom, dy't eltse tagediene lêzer der fan oerhâlde sil. De dichter ken syn fak en bihearsket boppedat it Frysk idioom, alhoewol't er dat earst yn syn feintejierren oanlearde. Sûnder mis: der sitte ek swakke steden yn dit wurk en dy meije wy net forswije. It bigjinfers Prelude bygelyks is tige earm fan bylding, en ûngelokkigernôch hat it de alluere fan in liet - mar dan troch terzinen en ûnbihelprige sinnen forbrutsen. Ek de romantyske natûrsymbolyk is út noch yn net ta nij libben wekke. In fers as Prelude, yn sterker mjitte noch as de ballade Ahasveros mei de lier, bliuwt machtleas wurdswolgjen, dat gauwernôch ôfsakket ta âldmoadderich kranteproaza. It is noch fortaeld ek.... nei it Frânsk fan Pierre Henri Simon. Né, jow my dan mar in méditation fan Lamartine.
Sa'n mislearring lykwols is in opfallende útsûndering by Marten Sikkema. Hast al it oare is kein fan foarm en ynhâld, bislipe jewielen dy't bisjen lije kinne. Der sit sels noch hwat mank, dat is gjin ierdsk jewiel mar stjerreg'rús, sa wyt en sa suver. Ik tink oan Farwol, en noch mear oan dizze ienfâldige elegy oer de iere dea fan in piloat:
Nea sil dyn sulvren fûgel skeare
Oer sé en bosk nei 't âlde honk.
Doe 't ivich aventûr dy wonk
Bist gien: gjin teken soe dy keare.
Ek Ahasveros, lyk as Farwol earder opnomd yn De Tsjerne, is tige krekt, en folslein ‘to the point’ mei syn antithetysk bislút: