De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 148] [p. 148] Dam Jaarsma: Wintermoarn op it Wytfean. In kâlde wyn lûkt oer dit lege gea. De pleatsen stean' yn tichte nacht bisletten: Rju mânske bisten, yn it lân forgetten, Dy't duldich wachtsje op it moarntiidsrea. Unwennich kleit de reidwâl om 'e Leijen, Ik rin allinnich yn it wyngerûs - O, ien lyts ljochtsje út in skeam'le klûs Koe my fan myn binearing nou bifrije - Sa fangt de swalker ommers soms in blink Fan ljochtens op oer 't ienlik libbenspaed. It liket as forsinkt in donker skaed Fan 't stroeve antlit op in stille wink. De foet tilt efkes lichter en hy giet Syn wegen, núnderjend in simpel liet. In Memoriam. Hoe mannich kear die ik dy sear, Mar hyltyd wer forjoechste my. Dû seist: - Bin ik hjir iens net mear, Biklei dy net, ik leave dy - Hoe weage dizze wurden swier: Sûnt datstû gyngst en keardest net, Fiel ik in felle pine en blier Oanhâldend út myn woune hert. Vorige Volgende