De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 147] [p. 147] Hindrik J. Brouwer: Retour. Ik wie as in ljurk yn 'e moarn, dy't jubeljend stiicht nei it ljocht; de himel dy skatt're my oan, ik wist my gjin rie mear fan nocht. Ik rôp it mar oan en mar wei omleech oer it sliepende gea: ‘Doch iepen de eagen, 't is dei, wurd dronken fan 't blau en fan 't rea! Untstiich op 'e krêftige wjok fan minne oan it ierdske gepiel: it libben is wille en gelok, de wrâld is ièn sinnestriel!’ Mar wurch en mei wjokken as lead foel einlings it bist op 'e groun, ûntdien fan syn hymjende feart, bliid dat er in sitplakje foun. Vorige Volgende