De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 145] [p. 145] A. Jousma: Keningsdea. 1 Nou stjert de âlde kening en hy wit, dat hy nou stjerre sil. Yn skiere hal rêst hy op 't klamme bêd; syn rêsting is nêst him in sielleas liif; syn hân, dy't al syn fijnen bûgen die, is nou ûnwis en taest, oft hja it swurd noch gripe wol. Op 't feale skyld gniist yn de tsjusternis it wapendier: bilaket it syn fal? De ûre komt, dat al hwat libben hie ta oantins wurdt, in skyn, sa faei en fier, al heal forgetten, dochs sa frjemd bitroud. De ûre komt, dat eigen wapen jowt oan eigen bloed de frijdom, foardat swier it stjerrend hert syn lêste slaggen docht. 2 Komt nou de nacht net? Wurdt de lampekroan net goudich waerm? It skaed net djipper swart? Riist út dit tsjuster, dat him drig'e hat mei neare drôge, jit in nije moarn? Is dat de harp net? Foeget harpetoan by 't deadsbêd fan dyn âlde kening, bard? Ik hear dyn lûd wol, mar myn hymjend hart is fol fan pine en giet sa heftich oan. ‘Op, kening, op, jit ienris út dyn rêst, dat dy de swurdbreid alle pine dwêst. Fljoch mei Walkyren nei de Goadelannen, lâns wolkens, read fan lôge en fan brannen.’ ‘It... swurd?’ En taestend ha d'ûnwisse hannen it gouden swurdkrús foun en dêrop rêst. [pagina 146] [p. 146] 3 De moarntiid gluorket, mar foar him net mear, Hwaens deademasker fan it wite ljocht mei sêfte hannen lein wurdt, dat it mocht wer 't antlit meitsje lyk it wie alear. De keningsmantel dekt opnij syn hear, nou 't swurd syn lêste bloed'ge plicht folbrocht. Dekt ek de woune. Nêst it bêd stiet rjocht de bard en linet roerleas op syn spear. In libben lang wie hy syn hear in skyld en song foar him syn harpelieten wyld en hoede al syn wegen mei syn swurd. En nou't de siel wol feilich droegen wurdt lâns Bifröst's brêge en de wolkewei, nou eanget hy de kille en deade dei. Vorige Volgende