Reklame yn atoom-styl.
Moard op ‘Emigranten’
‘De muoite net wurdich’ en ‘Oerforfelend’ neame de resinsjeskriuwers dat hwat jildearme emigranten yn dit stik trochmeitsje moatte. Ja 't falt net ta...... Op folkshegeskoallen en yn 'e dunen fan Skylge skynt men soasjale problemen net to dosearjen...... Winliken hie 't noch skerper moatten, mar dan wiene de Doele's alhiel op 'e doele rekke.
Wis, wis, it stik hie better kinnen, mar dochs, wurdt der efkes lutsen oan de oergordinen dy't Hollânske amtnerij en Fryske dogeneaten kammeflearje! Dy't soks doarre to sjen en de wier heit leaf habbe:
Spylje nou ‘Emigranten’
to krijen by Beintema, Haskerlân, de boekhannel en Abe Brouwer, Snits.
(‘Frysk en Frij’, 14-12-'51- Ofd. adfertinsjes.)
Sjoch, dit wie nou krekt hwer't wy op sieten to wachtsjen. De reklame fan it atoom-tiidrek, dy't yn steat wêze sil en helje it Fryske boek út 'e nederklits. Nea-witten boarnen iepenje har, wide fiergesichten op it ûnúteachbere fjild fan de reklame:
LOFTOANFAL OP ‘BRANDARIS’. |
BRAN STIFTE YN ‘DE HOGERHUIS-SAEK’. |
DUKBOATOANFAL OP ‘KRITYSK KONFOAI’. |
NET NEIJER TO NEAMEN HANNELINGEN MEI ‘HEIDEBERN’. |
SKEINING FAN ‘LUTSKE’. |
DYNAMYTLADINGEN UNDER ‘TOER EN TSJERKE’. |
‘MEM’ TROCH WYLDE HOUNEN FORSKUORD. |
ATOOMBOMMEN OP ‘FORGETTEN POST’. |
REEKGORDYN OER ‘EACHWEIDING’. |
DRONKEN KRITIKUS RYDT ‘KONDUKTRICE’ DEA. |
STIENNEN TROCH DE GLEZEN BY ‘STILLE BOUKE’. |
BEETSTERSWEACHSTERS BILEGERJE ‘ABBINGAWALD’. |
‘WYLDE FUGEL’ DELSKETTEN |
FETTAESTEN OP ‘FRJEMDE EṖISTELS’. |
STOMPE BILEN YN ‘WAEKSEN ARK’. |
‘IN TEST MEI STUORKES’ STIKKEN SMITEN. |
Sjoch hjir in paer suggestys dy't ús Fryske skriuwers en útjowers faeks brûke kinne om wer drift yn it swurk fan de Fryske boekeforkeap to krijen. Wy hawwe heard dat ‘Frysk en Frij’ syn adfertinsje-tariven forleegje sil al neigeraden de bluodderigens fan de reklame. Oan it wurk, freonen. Hwa wit stelle de Provinsiale Steaten aensens in Abe Brouwer-priis yn foar de bêste reklame-tekst. Oer 1951 is dy al forsein. Foar 1952 hawwe jimme noch in kâns!
A.W