Op it harspit:
Lompe klompen yn it blommetun.
It toanielstik ‘Bistean of net bistean’ en de (anonime!) toanielkrityk fan dat stik yn it ‘Frysk Deiblêd’ fan 27-12-'51, binne beide it resultaet fan in by útstek persoanlik geastlik proses -, dat men mei oannimme, dat út prinsipe wei mei itselde rjocht op beide krityk oefene wurde kin.
Yn normale gefallen sil by beide it kunstwurk útgongspunt wêze; de kunstkrityk sil him uteraerd op in biskaet niveau biwege - soks bart aldergeloks meast yn Fryslâns deiblêdden, mei't dy yn 'e ûnderskate kunstsectoaren har spésjael deskundich mantsje oanspanne -; in eventuele wjerkrityk - normaelwei sil dat komselden nedich wêze! - kin dan ek op itselde weardige plan utere wurde.
It wurdt lykwols oars - jitris: yn Fryslâns deiblêdden net normael - as de earste réaksje op it kunstwurk fier ûnder it wenstige niveau stykjen bliuwt; dan sil de wjerkrityk - en dat wol dit stikje wêze - ek leech by de groun twongen wurde: op it harspit bygelyks. Sa is faeks goedpraet, dat it kunstwurk hjir net útgongspunt wêze sil. De toanielkrityk yn it F.D. sil dat allinne wêze.
Logysk bisjoen - wy sjogge der inkeld nei as fêststeand printe resultaet - kin dy krityk gjin sprekken lije. It is ‘fansels’ in lang stik, dat wy kinne dat allinne mei sitaten taljochtsje:
‘Inte en Lysbet trouwe, binne lokkich: Lysbet wit him to heinen en hy is net in minne feint. Hy sjocht der gjin bien yn om de faem Wimke in tut to jaen as it sa útkomt. Yn it tredde bidriuw hawwe hja ek in jonkje’.
De lêzer moat nou net tinke - al sil it him swier falle -, dat de ‘faem’ Wimke dat lytse jonkje skipet troch dy boartlike tútsjes fan de ‘feint’ Inte. It is faeks in toloarstellend ding, mar yn it stik is it jonkje, de normale wei lâns, fan Inte en Lysbet.
Fierder, as Inte, ynvalide foar it libben, syn eigen dea as útkomst foar allegearre sjocht:
‘......nimt er syn lot yn eigen hannen, mei in tige greate dosis morfine makket hy der in ein oan. De dokter koe it net dwaen, syn wiif net, de faem jowt him it doaske sûnder der erch yn to hawwen hwat dat bitsjut. Soe dokter it mei opsetsin dêr yn 'e hûs litten ha? De rol fan dokter waerd dochs net sterk spile’.
It forbân (?) tusken de beide lêste rigels twingt jin wol forgoed om de saek ek psychologysk to bisjen, twingt jin om it geastlik proses, dat dizze krityk as fêst resultaet skepen hat, to skôgjen.
De conclúzje, mei-ien ek dy oer de persoan fan de ‘criticus’, litte wy jerne oan de lezer oer. Allinne dit: wy hoopje, dat it F.D. ynsjen sil, dat it better is en swij, as stjûr sa'n ûndeskundich, houterich en bitizend skriuwend keardeltsje nei in toanielútfiering. Hwant alle kunst - en dit toanielstik wie wol kunst! - kin nou ienkear min de kniezende mislediging fan towâdzjende lompe klompen yn syn blommetún forneare -, likemin as frije sielen polysje-kneppels gedoge kinne.
K.D.