| |
| |
| |
Kronyk fan it proaza:
Sj. van der Schaaf:
It forlerne (twiveleftich) paradys.
Nyckle J. Haisma, ‘It Lân Forline’.
Brandenburgh en Co., Snits, 1951.
Men kin de útjefte fan dit wurk fan Haisma sjen as in died fan piëteit foar de to ier forstoarne skriuwer oer; as in posthume hulde. Dit makket it foar in resensint in bytsje muoilik. It giet hjir om neilitten sketsen, skreaun yn in ynternearingskamp yn Ynje. Ynje wie net it heitelân fan de skriuwer; en in Japansk kamp wie hwat oars as St. Michielsgestel. Dat forklearret wol de hwat mankelike geast fan dit wurk. It is mooglik dat Haisma, as er soun en wol oan it kamp ûntkomd wie, dizze forhalen nea publisearre hie. Mar hy is weirekke; en nou steane se yn in boek. De hulde is grif goed bidoeld; mar grif ek minder goed slagge as de Gysbert Japikspriis yn 1948.
It hert fan Haisma hat libbenslang forboun west oan de Dokkumerwâlden: de lytse pleatskes, de hurd bodzjende, fromme en ienfâldige minsken. Hy is útflein. Hy hat it yn 'e tropen socht. Is hy noch wol ien fan dat folk? Is der tusken him en dy minsken, net in kleau komd, dêr't gjin brêge mear oer falt to slaen?
Yn de boeken fan Peke Donia is de wémoed oer it forlerne paradys ek al to fielen. Is it nammers wol in paradys? Haisma wit wol better. Der is gjin paradys mear foar immen, dy't fan de apel iten hat. Mar yn de Peke Doniaboeken sit feart, dynamyk. It libben oerhearsket, net de wémoed. Peke Donia jowt him net del. Nyckle Haisma jowt him net del. Yn twa fan de trije forhalen yn ‘It Lân Forline’ jowe de haedpersoanen har wol del. Dêr is Tadema, de learaer, dy't yn Ynje troch eigen skuld frou en bern ôfstien moatten hat oan in oar en letter wer sahwat boer wurdt yn de Wâlden, treast sykjend yn de gedachte hoe hiem him dit alles dochs is. En dan is der Ale, de âld-feint, dy't syn Diuw noch liket fine to sillen, mar by einsluten dochs âld-feint bliuwt en, sittend by it kacheltsje, wylst bûten de hjerststoarm beart, bitinkt dat it sa faeks mar it bêste is.
| |
| |
It trêdde forhael (it twadde yn it boek) is al in bytsje oars. It giet oer in jonge, in wees, opbrocht by syn pake en beppe yn 'e Wâlden, dy't letter op it fabryk fan in omke yn 'e stêd komt, mar dêr net bankje kin en nei de âlde minsken werom flechtet. ‘Allinne by Pake en Beppe yn it Reidhúske, tomidden fan 'e lânnen en tichte by de poel, dat is alles hwat er winsket.’
Is dit gjin wémoed? Sa'n jonge, foar dy is der faeks noch in paradys. Haisma sels hat wol hwat oars winske. Hy hat wol iten fan de apel. Hy is fuorttein en skreau dizze forhalen yn it kamp fan Tjilatjap. Tûzenen kilometers leine tusken him en de Dokkumer Wâlden en nammers noch wol hwat mear as kilometers, Yn elk minske, dy't it oars siket, libbet de wémoed; mar it libben sljuchtet dy wol oer. Hoe brûst it libben bygelyks yn inkelde sketsen út de bondel ‘Suderkrús’! De minske is op it lêst ek de nijsgjirrige siker, de pionier, dy't de biwende dingen ris de rêch takeare wol, dy't ris witte wol hwat efter de fiere kimen leit. Yn Tjilatjap lykwols stie it libben stil. Sa bleau allinne de wémoed.
Alle tinzen fan Haisma gyngen werom nei it Djipt en de poel en de lytse pleatskes. Trije forhalen mei hast allinne sfear hat er skreaun; en trije haedpersoanen hat er jown, dy't har thúsfielden yn de Wâlden, net omdat se sa sterk en sa biret wiene, mar earder oarsom. Tadema syn libben is mislearre, Ale syn forkearing' is mislearre, Abe, de jonge, dy't perfoarst op it Reidhúske bliuwe wol, neamden se op skoalle al ‘pake’.
Wémoed, wémoed, dit lân forline, dit forlern paradys, sa stil en smûk, sa konkreet en dochs sa ûnwêzenlik foar immen dy't útflein is en twivelet sels oan 'e illúzje.
| |
| |
| |
Jo Smit:
Striidber humanist en anti-aesthetysk aestheet.
Anne Wadman, ‘Kritysk Konfoai’. Essays. Drukkerij Laverman N.V., Drachten, 1951.
‘Kritysk Konfoai’ fan Anne Wadman is in boek dêr't Fryslân seldsum wiis mei wêze mei. It makket fan bûten - mar ek fan binnen - in yndruk fan hygiëne en sounens. It omkaft docht suver in bytsje Frânsk oan en jowt in idé fan krektens en himmelens, dy't neat hat fan Germaenske dizenichheit en dy't men yn it proaza fan Wadman werom fynt. Net altiten yn de foarm, hwant by it lêzen fan dizze essays (hwêrom stiet der essay's, mei in kommake op it titelblêd?) tinkt men mear as ienris: hwat jammer dat de skriuwer dit net hwat lichter sein hat, dat er net in pear wurden minder brûkt hat yn ien sin. Hjirmei wol ik oan 'e oare kant sizze, dat Wadman syn styl meastentiids klear en oertsjûgjend is. Hwer't der tofolle wurden oan to pas komme hat men it gefoel dat de skriuwer sels net hielendal mei syn tinzen ré kommen is; dat er it paradoxale yn guon situaesjes net mei syn yntelliginsje to boppen kommen is, mar bisiket yn 'e sin opgean to litten.
Dy hwat swiere styl fine wy dan ek hast net yn de foarste ôfdieling fan it boek, ‘Kronyk fan it proaza’. Dizze samling romankritiken hat greate wearde as oersjoch fan fiif jier Fryske skriuwers-beuzichheit, mar binammen ek om yn 'e kunde to kommen mei Anne Wadman as kritikus. Der is Wadman wolris it forwyt makke dat er to skerp wie yn syn krityk, to ôfbrekkend, en hy hat it sels nedich foun in ‘Apology fan de kritikus’ foarôfgean to litten. It is in forantwurde en goed stik, sa net, mar it is spitich dat it nedich west hat it to skriuwen. Hwat hy dêryn seit sprekt fansels en de fjirtsjen boeke-kritiken dy't folgje sizze folle mear. Dy sizze, hwat net yn de apology stiet, dat Wadman in tige sêftsedich kritikus is, in man dy't der allegeduerigen op út is it goede to ûntdekken en dy't de lea der ûnder set hat, alle boeken earnstich to nimmen, se to lêzen, to hifkjen en krekt oan to jaen hwat hy der op tsjin hat en hwat hy der foar goeds yn fynt.
| |
| |
Soks kin allinne omdal de leafde him driuwt. Net de leafde ta de literatuer-an-sich, hwant dan hie hy better yn oare talen torjochte kind, mar ta it Frysk, Fryslân en it Fryske folk.
It hege wurd is der út. Ik leau dat men hjir fan útgean moat, om it plak fan Anne Wadman as essayïst en as kritikus oantsjutte to kinnen. Wis, hy is ek de humanist - mei hier op 'e tosken sels - mar yn in hwat frjemde, hybridyske foarm. Hwant hy is allerearst Fries. Troch dat twadde is hy in moderne, as men 't sa wol, modernistyske Fries, fortsjinwurdiger fan de midden fan de tweintichste ieu. Oan 'e oare kant kin men him forgelykje mei Busken Huet, út it Hollân fan de njog'gentsjende ieu mei syn wissichheden. Huet, dy't kritysk stie foar folle yn 'e literatuer fan syn lânslju en tiidgenoaten oer, mar dy't dochs net alhiel twivele oan minske en kultuer. Wadman biwûnderet Ter Braak, dy syn mei de yntelliginsje oermasterjen fan problemen en falske skyn. Hy sels is ek yntelligint en ré dêr gebrûk fan to meitsjen, mar sûnder de konsekwinsjes fan Ter Braak. Neat wie feilich foar dy syn ûndersyk; sels, né yn it foarste plak de founeminten fan it bistean moasten ûndersocht wurde en dêrmei fakentiden ûndermine. Foar Wadman is der in a priori, dat net yn bisprek komt. It soe oars in tige boeijend forskynsel wêze, as Wadman dit a priori ris yn 'e kiif stelle soe.... De moralist Wadman sil dêr ier of let ta komme moatte, hwant syn moreelhygiënyske opfettings binne net genôch traditioneel biskaet, dat hja op in dûr net hwat yn 'e loft komme to hingjen, as er net ek it fielen foar Fryslân oer kritysk bisiket to wurdearjen.
Wadman moat neat hawwe fan aestheticisme, dat dan ek winliken altyd wiist op in tokoart oan minsklikens en op ûndjipte fan gefoel. Hy oardielet mei syn soun forstân, út syn morele visy wei, hy hâldt rekken mei psychology en mei de maetskippij; hy oardielet út syn humanisme wei: in humanisme dat de hiele (mei de klam op dit foarste wurd) minske omfiemet, Hy docht de skriuwers dêr't hy oer gear rekket mear as rjocht. De rûmte stiet net ta mear oer dizze ôfdieling to sizzen, allinnich moat it my fan it hert, dat it my muoit dat in skôging fan ‘Elbrich II’ ûntbrekt, nou't in bisprek fan Poortinga syn ‘Elbrich I’ al opnommen is.
* * *
| |
| |
‘Dichterlik Duel’ is de namme fan it twadde fan de trije ûnderdielen fan ‘Kritysk Konfoai’. Moast it jin soms om Anne Wadman bigreatsje yn it foarste part, dat er gjin bettere wjerstân fine koe foar syn ynkring'end fornuft, yn dit diel soe men him lokwinskje meije, hwant it duel wurdt striden mei Schurer. En hwat itselde is, mei himsels om Schurer. Dat is net tafallich, hwant op hokker wize koe better it gefjocht fan twa generaesjes fierd wurde? Schurer is op it mêd fan de Fryske dichtkunst in figuer fan greate bitsjutting, mar him ûntbrekt - Godlof - de ûnoantaestberens dy't eltse oangryp ta kweajongeswurk makket. It is hjirre sa, dat omt Wadman Schurer biwûnderet as figuer moat hy mei him stride. Dat bart yn in polemyk oer folksdichter en echte dichter, yn in réaksje op Schurer syn oanfal op 'e Gysbert-mythe, yn in oare réaksje op dy syn opfettings oer de poëzije en, it meast noch, yn in karakteristyk fan Schurer en de rin fan syn ûntjowing as dichter.
Yn syn forwar tsjin Schurer syn forsmiten fan de Gysbert-mythe is Wadman sûnder mis de master; hy is dêr de fakman, de filolooch, dy't skerpsinnich en mei gefoel foar forhâldingen de dingen har eigen wearde jowt. Folle nuodliker is it duel oer folksdichter en echte dichter. Hjirre oan beide kanten misbigripen en inoar misforstean. De fynst fan Wadman - de folksdichter kin ta echte dichter wurde troch in skok - is gjin echte fynst, it is in boartsjen mei wurden. Mei dy skok is neat sein dat ta better bigryp liede kin. Wadman redenearret psychologysk, mar by eintsjebislút kin ‘de skok’ net oars definiëarre wurde as dat, ‘hwat de folksdichter ta echte dichter makket’. En dêrmei is it sirkeltsje roun en binne wy jit like fier.
Oer beide soarten dichters seit Wadman: ‘der is net in forskeel yn rang en stân, mar in forskeel yn psycholog'yske ûntwikkeling’. Bidoeld is forskeel yn psychyske ûntwikkeling of psychologysk forskeel yn ûntwikkeling, dat mei hinnebruije, mar Wadman kin dit forskeel allinne konstatearje hwannear't hy net op it terrein fan de psychology bliuwt, mar mei aesthetyske prinsipes (dy't likegoed yn 'e psychology groundearre wêze kinne) wurket, mar him dêr gjin rekkenskip fan jowt. It liket my net tafallich dat Wadman syn styl yn dit stik soms hwat heakket. Lês syn konklusy:
‘En it leksum út dizze biskôgingswize kin foar ús serieuze dichtersman oars net wêze as dat er him likegoed to for- | |
| |
warren hat tsjin de ûnoantaestberens fan de serieuze skriuwerij (de greate K) - ommers ek hy hat syn ûnleagenber primityf forline, syn folksdichterlike atavismen dêr't er allinne tafallich op 'e tiid fan losheakke is en dus net ont syn bernskens oan hingjen bliuwt - as de folksdichter him to forwarren hat tsjin de har as kunst mei in lytse k oantsjinjende boargerlike of rintnierlike vulgariteit - ommers ek hy hat de mûglikheit ta deprimitivearring yn him, al sil er dêr faek lang op wachtsje moatte en fral: him in krûm erudysje oaneigenje, ek hy is in dichter-yn-potinsje, dat út it each fan de Geast wei sjoen noch altyd wichtiger is as allinnich mar skuonmakker of allinnich mar rintenier’.
Dit is ien sin en ek al foroaret men foar jinsels ‘....it leksum kin oars net wêze as dat ús serieuze dichtersman...’ dan noch is it net elegant.
It hichtepunt yn dit diel, in hichtepunt fan it hiele boek is it essay oer Schurer, ‘Lofsjonger fan it dûbeld Paradys’. Dit stik is wierliken in essay, hwat men fan allegearre net sizze kin, as men tominsten in essay as mear sjen wol as in opstel of sels in skerpsinnich opstel. Hjirre nimt de foarm jin mei, hjirre hawwe wy kunst, troch it aerd fan de relaesjes fan de skriuwer mei syn ûnderwerp.
** *
Ut de lêste ôfdieling ‘Ofslútdyk’ - brûkt yn 'e sin fan forbiningsdyk - kin men fuort dêrneist sette it essay oer de Rimbaud fan Ljouwert, Slauerhoff. Dochs is de toan hjirre oars. Wadman sil Slauerhoff faeks as dichter heger hawwe noch as Schurer, hy sil him yn forskate opsichten faeks minstens sa bisibbe fiele oan Slauerhoff as oan Schurer, it kontakt fan Wadman en Schurer is - by útsûndering liket my - oars as dat mei oare fan Wadman biwûndere figueren: net troch de wei fan it boek, troch lêzen allinnich, mar troch de direkte minsklike oanreitsing.
Tige nijsgjirrich is ‘Slachtoffer fan in Jonkheit’; ynkringend, boartlik genôch en mei foldwaende fantasije om wierliken in ‘hommage à Vestdijk’ wêze to kinnen, hwat net fan alles, hwat mei goede bidoelings oer dizze auteur skreaun is, sein wurde kin.
Neist it stik oer Schurer is it bêste út ‘Kritysk Konfoai’ foar my it essay ‘In trijemanskip’, dat hannelet oer Marsman, Ter Braak en Du Perron. Der is al folle oer dizze figueren skreaun - al is it net yn it Frysk - en folle nijs wurdt der oer elts fan harren yn dizze âlve siden net sein.
| |
| |
Mar oer de forhâlding tusken dizze trije, en de ynfloed fan harren ûnderlinge relaesjes op harren ûntwikkeling, is nei myn witten noch net earder sa'n bounich, saeklik en skerp-sjend essay skreaun. Dat dit yn it Frysk bard is, dêr mei elts dy't it goed foar hat mei Friezene kultuer bliid om wêze. Wadman hat fan alle trije mannen hwat, mei it dan wêze yn lytsere forhâldingen. Hy is lykwols gjin gearmjoksel dêrfan; hy is útwoechsen boppe epigonisme, oars hied er dit essay net sa skriuwe kind. Mar syn leafde en biwûndering hawwe dy fig'ueren wol en dat - it ien en it oar - kin foar de Fryske literatuer oars net as winst bitsjutte.
Ik haw in diel fan de ynhâld fan ‘Kritysk Konfoai’ de revue passearje litten en dêrmei faeks net hielendal rjocht dien oan it wurk as gehiel en oan de skriuwer. In essay oer Wadman as essayïst, hie mûlk in passender andert west op dizze jefte, ynsté fan dizze oantekeningen.
Oer Wadman sa't hy út syn boek opriist noch dit. It boek is dat fan in striidber humanist. In man foar hwa't de minske in reëel bigryp is, net in abstraksje, mar snijpunt fan forskate aktiviteit, ierdske en himelske, en hjirtroch in problematysk gefal.
[Dêrfan ek de folle frjemde wurden yn ‘Kritysk Konfoai’. Gjin forwyt foar de skriuwer, krekt oarsom. Hy hantearret komplekse bigripen, dêr't nou ienris gjin adequate Fryske wurden foar binne. Better as de eagen ticht to knipen en der omhinne to gean, kin men it bist njuet meitsje en yn it wurd - ek al is dat it ‘frjemde’ wurd - fêstlizze, It frjemde wurd is fakentiden it iennichste middel om jin de dingen dêr't it om giet oan to ‘eigen’ jen.]
Striidber is Wadman, hwant hy keart him tsjin de vulgariteit, tsjin de leagen, tsjin de dommens, tsjin de binaudens en de binyptens. Hwat de oandriuw is? Kin it wêze, dat de man dy't him sa fûl forset tsjin aesthetyske sjenwizen, yn lêste ynstânsje dreaun wurdt troch eat, dat allinnich oantsjut wurde kin mei it wurd aesthetysk?
|
|