De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 21] [p. 21] B. Sytstra: Reuny. I Faek as de nacht foarby is en de dei Noch komme moat, as 'k wachtsje op it ljocht, Stil mimerjend oer hwat my 't libben brocht, Hwat steane freon en sibben my dan nei! Ik sjoch se foar my en de tiid falt wei, Ik wit fan elts hwat hy op ierde socht, Syn aerd, syn dwaen, en hwat hy sei en tocht, - En opnomd yn har midden driuw ik mei. De deaden en de libb'nen om my hinne: Dêr is gjin âld, dêr is gjin jong, allinne It wêzen fan de minsken dy't ik ken Of kend ha yn it skoft dat ik hjir bin; De goede dy't yn tagedienens skôget, De tsjoede yn hwaens each de hate lôget. II 'k Bin yn in greate seal, in frjemd fortrek, Dat dochs hwat eigens hat; 't is nea alhiel Itselde en ek nea in oar, mar 'k fiel My dêr sa thús en harkje nei 't bisprek En glimkje nei ús Mem by 't finster. Krekt As hie 't nea oars west, tikkelt sêft it stiel By 't breidzjen, of hja skrept foar 't waerme miel En set de pannen ré: ik rûk it spek. Dan komt dat golle famke my tomjitte; - Bliid datst' dêr bist, ik koe dy net forjitte - Hja praet hwat mei de frou en aeit it hountsje; Dêr by it bedsket sit in fleurich rountsje: Myn âlde maten roppe en winke sa; As weagen komm' de minsken op my ta. [pagina 22] [p. 22] III De minsken komme op my ta as weagen. - Unwennich by de doar in pear dy 'k net Thúsbringe kin, mar hwa sil sizze dat Wy net yn 't koart mekoarren noch ris seagen... In lûde fuotstap klinkt, en alle eagen Gean nei de keamersdoar; de houn, biret, Krûpt roetsdy-woetsdy ûnder 't kammenet, Oft him in keppel kweade geasten pleagen. - Dan rint de wekker ou, en 't is foarby. - Ik wist foarút, sa giet it sûnder mis: Krekt as men tinkt dat men in ljochtstriel fynt, Stiet men foar 't iiv'ge riedsel op 'e nij; Sil 'k nimmer witte hwa't de frjemdling is, Dêr't elts op wachtet en dy't nea forskynt? Vorige Volgende