Myn man knikte en slokte.
‘Wie 't mei Ealse allinne?’
‘Ja’, sei myn man dúdlik.
De boargemaster knikte tsjin de winkelman en dy krige wide noasters, seach ik. Hwat woe er ynhâlde, hy waerd lilk en hie it oer in great skandael, en.... dat in opfieder.... en noch folle mear, mar it gyng my foarby. De boargemaster lei him de hân op 'e mûle.
‘Feiten’, sei er. ‘Master, as Jo ûntslach oanfreegje, sille wy it skikke. Jo geane dan mei sykteforlof en sa en Ealse dogge wy yn in ynrjochting. Hiene Jo mar ris sein, dat...., mar faeks is it sa better, wy kinne Jo net hâlde’.
Myn man knikte.
By de doar sei de boargemaster: ‘Tink der om, fan 'e wike noch en oars moatte wy der in rjochtsaek fan meitsje’.
It wie Freed.
Dy nachts sliepte ik by myn famke op har keamer, dat woe myn man sa ha, mar ik krige net in each ticht, seach allinne mar tou.
* * *
It ûntslach waerd earfol jown. Rabberij wie om ús hinne as brûs. Dûmny kaem, en stiek de finger yn de woune. Hy preke sels in Snein oer de rare sûnde, doe't it sawnde gebot oan 'e oarder wie. Tsjin my sei er, ik hie gjin skuld, ik moast myn man mar ta stipe wêze, it kaem der nou op oan. Yn sté dat ik him sloech lykas ik Ealse slein hie, kamen der triennen yn myn eagen. Ik biet op 'e fingerseinen, en seach him letter stiif mei myn opdroege eagen oan. In dûmny is hwat oars as de Bibel, tocht ik.
Mar doe helle er ús út in dream.
‘Hoefolle tsjinstjierren ha jo?’ frege er.
‘Fjirtjin’, sei myn man.
‘Nou, nou, dus ek gjin pensioen, fyftjin moat it dan wêze, net? Jo ha it sels oanfrege? Hawar, as Drees dan noch libbet!’
‘Dat 's gemien’, rôp ik, ‘se hawwe.... de boargemaster sei.... Meint, ju!’
‘Stil’, sei myn man.
‘Ja, stil’, sei ik lilk.
Dyselde deis noch klaeide ik my oan en gyng nei de