A. van der Minne - Buma:
By in net earder publisearre fers fan Piter Jelles.
Yn syn boekje ‘Leeuwarder Jeugdherinneringen’ fortelt Prof. Dr H. Burger, soan fan de direkteur fan de Ljouwerter R.H.B.S., Prof. Dr C.P. Burger, fan de Societas Corantalia en de Stippelklub. Dat wiene in soarte fan litteraire jonges-klubs fan Boargerskoallelearlingen. Dy fan Burger en syn maten waerd oprjochte yn 1880. Foar Burger syn tiid hiene learlingen ek al sokke klubs, ‘krâns’ neamden hja dy. Sa fortelt Piter Jelles yn it earste diel fan syn Tinkskriften (s. 131) oer de foriening ‘Virg'inum Amicorum Societas’ (Foriening fan Famme-freonen), oprjochte yn 1876. Gearkomsten waerden hâlden op fêste tiden, meast om 'e oare wike op Sneintojoun by ien fan de leden oan hûs.
Us heit, Wibo Bernhardus Buma, siet mei Piter Jelles Troelstra yn sa'n ‘krâns’. Doe't de jongfeinten nei de Universiteit giene, foel it ploechje útinoar. Piter Jelles teach nei Grins, yn 1882, ús heit nei Utert, yn 1880. By dy gelegenheit makke Piter Jelles it ôfskiedsfers foar him, dêr't wy hjirby in reproduksje fan jowe. It mei poatlead der oan tafoege (Troelstra) is fan de hân fan ús heit, dy't wol wiis wie mei it fers, mar doe noch net tinke koe, dat it net nedich wêze soe en set de efternamme der by. Dat it fers op rou-papier skreaun is, kin der op wize, dat Piter Jelles doe koartlyn ien fan syn sibben forlern hie, miskien ien fan syn sustersGa naar voetnoot*) (Tinkskr. I, 127).
Us heit joech my dit fers om 1918 hinne, doe't van der Burg, Dokkum, Dr Wumkes, Pater Titus Brandsma en ik de Foriening foar Heger Underwiis oprjochte hiene en Piter Jelles yn Ljouwert kaem om dêrfoar to sprekken. Sa stiet it my alteast foar de geast.
Us heit is berne yn Juny 1861 en forstoarn yn Juny 1945.