Frysk boeke-nijs.
By de Fa. A.J. Osinga to Boalsert sille yn 'e rin fan dit jier de folgjende útjeften op Frysk gebiet forskine: in nije printinge (resp. 3de en 2de) fan D. Rienks-Wallinga har lês- en taelboek ‘De Bân’ en H. Twerda syn staveringsboekje ‘Koart en klear’. Fierder wurdt arbeide oan it Ned.-Frysk Wurdboek fan de Akademy en oan de útjefte fan Ir K.A. Rienks en Ir. G.L. Walther ‘De binnen- en slieperdiken yn Fryslân’ (mei atlas), útjefte dy't ôfhinget fan de subsidiëarring troch de Prov. Steaten. Op litterair gebiet bringt de Fa. Osinga in stúdzje fan Dr. Chr. Kroes-Ligtenberg oer ‘Joost en Eeltsje Halbertsma in Bolsward’ (mei foto's) en, as útjefte fan de Kristlik Fryske Folks Bibliotheek, ‘Conductrice. Deiboek fan Weimoed Hemrica’.
T. Wever to Frentsjer hat op it program stean it twadde diel (it Nije Testamint) fan U. van Houten: ‘De Hillige Histoarje, forteld oan it Fryske folk’ en in brochuere fan Dr. W. Kok oer de Fryske kwestje, dêr't noch gjin titel fan bikend is.
Drukkerij Laverman N.V. hat op priemmen in oersetting troch Freark Dam fan Sjoerd Leiker syn roman ‘Drie Getuigen’ (‘Trije Tsjûgen’), in útjefte fan Simke Kloosterman har samle fersen (‘De Wylde Fûgel’), in stúdzje fan Yge Foppema: ‘Het Fries in Nederland’, in nije printinge fan R. Brolsma syn boek ‘De Skarlún’ en ek dy syn novelle ‘Nei de ein’, in twadde printinge fan D.A. Tamminga syn lyryske cyclus ‘It griene Jier’, in útjefte fan Freark Dam syn boartlike biwurking yn dramatyske foarm fan it Reinaert-motyf ‘Rjochtdei’ en in stúdzje fan Prof. Dr. J.H. Brouwer oer it kwatryn yn de Fryske litteratuer: ‘De Fryske Fjouwerrigel’. Deselde útjower sil as nû 4 yn de ‘Reiddomp-rige’ - 1951 yntkoart jaen in novelle fan Ypk fan der Fear, ‘Ik en Menhear’. Foar de nije rige 1952 fan de ‘Reiddomp’ steane nou al fêst in bondel fersen fan Marten Brouwer, ‘Blauwe riten’, en in samling moderne Sweedske poëzij yn Fryske oersetting fan Marten Sikkema: ‘Noarderljocht’, wylst noch twa proaza-dieltsjes yn biwurking binne.
Fan Prof. Dr. J.H. Brouwer sil by de Fa. Van Gorcum yn Assen noch forskine in stúdzje oer stylforskynsels yn it proaza fan R.P. Sybesma.
Men sjocht: de Fryske útjowerij stiet net stil. It wie to winskjen dat de Fryske lêzer, yn dizze neare tiden, him syn forantwurdlikheit biwust bleau en ynseach dat ek yn kultuer-polityk opsicht fuortsetting fan de Fryske boeke-produksje in ding fan ûnwitten great bilang is. Dat bisef ûntbrekt noch wol it ien en it oar oan, as men sjocht nei de oplage-sifers. It each fan Den Haech is optheden op Fryslân rjochte en it stiet wol fêst dat by de fan dy kant to fieren kultuer-polityk ek de stan fan saken mei it Fryske boek net swak byspilet. Fryslân stribbet nei lykbirjochtiging op taelgebiet. Dat kin de Fryske biweging allinne mei rjocht en reden dwaen, as hja har droegen wit fan de bilangstelling fan it hiele folk. By einsluten is de lykbirjochtiging ôfhinklik fan de taelkulturele ûntjowing.
A.W.