De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 13] [p. 13] Kobe Hanenburg: De paria. Hy mocht gjin namme ha mar swalke iensum troch it frjemde lân rûch burd, gatten yn 'e broek, in paria syn lijen der op ta. Hy forgeat en song. Syn liet klom as in fûgelsang oan't in ingel it fong. Tank foar it read oan 'e kime tank foar de suvere himel tank foar de nevel oer 't fjild tank foar dy âljende kou en har boartlik keal tank foar dat alles. Tank foar de leafde, foar de hate tank foar goedens en foar trapen tank dat ik sjen mei tank foar myn skurvens tank foar alles. Slaen Jins each op myn leafde ik sil Jou namme ha, in paria. God seach en makke in krús en tekene dat barnend op syn antlit. God seine him en fierder gong de paria. Vorige Volgende