De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 14] [p. 14] Anne H. Boersma: Hjersttafriel. In grou grize loft Leechhingjende wolken driuwe foarby. Hjerstskilderij. In grou grize loft Mei der yn in greate kloft Fan protters. Dan, yn ien tel Saeije hja del, De wrotters En tsjotterje yn 't miedelân Hwer't boeren meane - Giet 't oer de greate reis, Sil hja de oare deis Nei 't waerme suden fleane. In grou grize loft Dwerljende blêdden giel, Hjersttafriel. Hoenear. Yn 't húske oan 'e heideseam Biskûle ûnder boekebeam En ticht big'roeide klimmer Wachtsje ik jimmer. Dêr yn dat húske oan de heideseam Dream ik in dream Fan dij en mij, en priuw dyn pea Hoenear silst komme lea? Vorige Volgende