holle foardel. Se song. Se hie yn har rjochter hân it blommeskepke.
Doe't se werom kaem, wie Symian der krekt wer. Sy hie in sigare-bantsje foar him yn har taske, dat hie se op 'e berchwei foun.
Spitich, dat hie hy al.
Mar hy koe it ommers ruilje, brocht ik yn.
Hja wie sa slieprich.
Nou, dan moast hja op bêd gean, sy koe it dwaen, miende Symian.
Ik frege oft se myn skyldpodden sjen woe.
Mar de oare minsken dy hjir wennen, soene it net goed fine.
‘Ik bin hjir allinne,’ sei ik.
‘En dêr, dy mynhear dan.’
‘O, dat is ús heit.’
Mar se gyng nei hûs ta. Doe't ik mei Symian by it wite taffeltsje siet, frege myn heit: ‘Is se fuort?’
Hy neamde har ‘it gewisse fan de berch’ en wie bang dat hy hwat hearre moast.
Symian wol sé-ofsier wurde. Der sil gjin drip alkoholyske drank oer syn lippen komme. Hy sil wolris nei de fammen sjen. Ik bin, by him forgelike, nou al in bern. Dû hast nochal hwat forbylding fan dysels, tocht ik. Ik haw oars in moai roaske fan him krige, en syn fleantúchje (K.L.M.) mocht ik ek hâlde.
* * *
‘Pjúúp, pjúúp,’ seit myn heit tsjin de douwen, wylst er se foer jowt, kerltsjes garst en brutsen mais. In slop flinterdaske hinget him om 'e bleate hals.
It wûndere fanke komt der mei myn freontsje oan. Binne it wylpen, aksters of roeken, freget hja. Symian seit eat, ûndúdlik.
‘Ja, hwat is it nou eigenliks, aksters of roeken?’
‘Roeken,’ seit Symian mar.
‘Och,’ seit se, ‘dy skreauwe sa mâl; mar dû bist in sangfûg'eltsje, hear; dààch!’
En Symian giet dochs in bytsje fornoege en forlichte fierder. Dan stiet er noch efkes by my. ‘Sy is net sa gek,’ seit er.
Op dat stuit bigjint ús húshâldster de stiennen hartsjes op to heevjen en mei de pûster yn 'e noastergatten to