keamers. It is net in sterk bern. Ik fiel my iensum. Wer is der ien út myn libben weigien, sa njonkenlytsen bliuw ik lykme allinne oer. De spyldoaze spilet my hwat yn 'e mage om. Hie ik it rjocht to wegerjen?
Foar my op 'e tafel lizze de mémoires fan ús mem. Ik haw se wol earder lêzen en eidzje nou jitris oer hwat hja oer dy spyldoaze sein hat:
15 July 1898.... Fan 'e moarn by mem en dy's thús haw ik de spyldoaze sjoen! Ik stevene der fuort op ôf om him oan to setten, ik moast dy klanken út it forline wer ris in kear hearre! En wylst ik dêr sa op 'e knibbels by siet, fornaem ik net iens, dat heit der ynsetten kaem.
‘Hester’, sa formoanne er earnstich, ‘dû bist nou troud en dû moatst dy net mear oanstelle as in bern.’ De âld skoalmaster forjit dat er sels oars alle greate minsken as bern bihannelt en se ek as sadanich biskôget. In kwael, dy't mear skoalmasters hiem ha. Hwat hie ik him graech by de flippe fan syn jas beetpakke wold, mei him yn 'e rounte slierd. Hie it pake west....
Heit hat nammers wol in bytsje gelyk as er der op út wol, dat ik op de earnst fan it libben net genôch achtslach.
Mar dy spyldoaze hat my sa bliid makke! O, dy earste kear, dat ik him seach, it forjit my nea wer. It wie to Wierum, by pake en beppe, in pear kear yn it jier rieden wy dêrhinne yn it reau, mei twa hynders der foar. Yn 'e Falom rêstten dy út, dêr krigen Date en ik kâlde sûkelademolke to drinken. In man wenne dêr yn dy herberge, dy fortelde altyd fan 'e stjerren.
En hwat wie it in sensaesje to riden troch de stêd Dockum! Date en ik hong'en elk oan in kant ta de wein út om to sjen nei al dy hege huzen en it drokke fortier. Ienris rôp in Dockumer juffer mei in platsjesaeijer fan in hoed op, dêr't binei de hiele Prinsetún boppe op siet, ús ta: ‘Wat binne jimme toch nieuwskierig, kinders!’
Pake stie stéfêst op e sédyk mei syn fierrekiker nei ús út to sjen. Krige er ús yn it fizier, dan gyng der in seintsje nei it hûs en de kofje stie yngetten foar ús as wy oanlânnen. O, dy keamer fan beppe op moarntiid! It moaije, frjemde ljocht op 'e ivoarkleurige bitimmering, dêr't de glêzen porsleinkast tusken blonk, dy't in mearke fan âld porslein en sulver bifette. De ikelglêdde roune tafel mei de fjouwer swiere krûme bearepoaten. It blomd-Ingelske théreau spegele der yn. Noch sjoch ik beppe sitten, sa steatlik yn har