De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 2] [p. 2] Freark Dam: De sirkelgong. Dy't fan de waensin wit, Waensin dy't libben hjit - It komt ús yn 'e holle oan De sangerjende ûndertoan Fan 't libben en de frijerij, It sliepen en de hjitte hij, De sûpenbrij, de bommesmiterij, De skreau en 't hantsjeklappen fan 't publyk, De toan dy makket de muzyk. Dy't fan de waensin wit, Waensin dy't libben hjit, Dy leaut it fierder wol, Lit draeije, lit draeije de rollebol, Wizen en dommen. Bacteriën en bommen Foar heidens en foar frommen. Hy stoarret stiif op 't selde punt, De sirkelgong wurdt him noch gund Dy't fan de waensin wit, Waensin dy't libben hjit. Vorige Volgende