De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 1] [p. 1] Fedde Schurer: Lichting 1951. Al lykje ik dwers, swartgallich, ûnforskillich Ik bin ta alle goede dingen willich, Al doch ik synysk, ik bin inkeld bang'. De fjochtwein rôllet troch de ripe hjouwer Foar Hitler, Molotof of Eisenhower, En oars wie der gjin praet myn libben lang. Ik hear de klok aloan oer 't selde lieden; Hwat hat de takomst my dan noch to bieden, Hwat is myn idéael, myn better diel? Sa ha 'k myn winsken en myn ljochten dimme; Hwat ik noch krije kin sil ik mar nimme, Hwat fuotbal, hwat muzyk, hwat sex-appeal. - Ik kom jim wol op healwei yn 'e mjitte: Oft der in God is soe 'k al net mear witte, Safolle ha jim fan him liigd en dien; Noch swetse jim oer striid foar ús biskaving Tsjin nihilisme en geastlike forslaving; De jeugd hat dit, de jeugd hat dat misdien - Ik leau net mear oan jim morele noarmen, Yn de ienlikheit sykje ik myn eigen foarmen, 'k Fortwivele al lang oan eltse wet, Ik wurd myn need my by de dei biwuster, Ik bin as alle bern, hwat bang yn 't tsjuster - Ik wol net dea, bigryp jim dat dan net? Sa graech soe 'k folchsum en ienfâldich wêze Fan alle wrok en bitterens genêze, Mar wurd en died by jim binne altyd twa. Hawar, ik moat myn swakkens mar forjitte; Jow op dan dat gewear, ik sil wol sjitte - Mar 't kin my neat en neat fordomme op hwa. Vorige Volgende