[Nummer 1]
Meidielingen:
Foar 15 Febr. wurde de kwitânsjes foar 1952 oanbean. Om ûnnedige drokte en kosten foar to kommen, forsykje wy de lêzers har lêsjild sa gau mooglik to stoarten op 'e girorekken fan de Fa. Kamminga.
Ek foar de jiergong 1951 binne wer bannen biskikber. Men kin se oanfreegje by de Utjower op it yn dit nûmer ynleine bistelbiljet. De Utjower kin him ek bilêstigje mei it ynbinen sels. Dêrfoar moat men jins hiele jiergong nei Dokkum stjûre. De kosten fan bân allinne binne f 1.75.
Yn dit nûmer fynt de lêzer titel-pagina en ynhâldsopjefte fan de jiergong 1951. Dy moatte fansels by it ynbine litten mei opstjûrd wurde.
Inkelde trouwe lêzers hawwe út harsels har lêsjild oer 1952 forhege. Wy tankje harren tige by tige dêrfoar.
De Redaksje.