De Tsjerne. Jaargang 6(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 129] [p. 129] Fedde Schurer: Ships that pass. I. Dû kaemst my wolris in reed yn 't foar En ik ha dy ek g'âns to tankjen Mar njonkenlytsen waerdstû in oar Dêr't net mear by wie to bankjen. Ja, doe - mar wy wiene ek noch mar bern; Op it lêst giet men eigen paden; Wy hawwe elkoar út it each forlern Doe't wy hwat âlder waerden. Noch in simpel briefke, in boek of sa Mei al langer tuskenriten; It libben moat syn rjochten ha, En soks bigjint út to sliten. Twa mannen gean nou elkoar foarby; Oer it âlde falt net mear to sprekken, Mar soms is dat forware oantlit my As in ûnbitelle rekken. II. Dêr't ik partij keas wiestû wis myn maet, En jonkheit like in lân fan môlke en huning Hwat ha wy mannich ûre djip trochpraet En nachten dreamd mei Marsman, Bloem en Buning. Dû trouste mei in faem dy't ik net koe: Om de ôfstân ha 'k de brulloft mar forsomme. Haw heil, fan 't selde en mar gauris komme - Wy wisten dat it dochs net wurde soe. Dû keast' partij, mar ditkear mines net, Dû roalest lang om let dyn jild foar aeijen. Us soarte is dan langer min to daeijen; In ergewaesje foar jim reedlik hert. [pagina 130] [p. 130] Dyn wiif, dyn chequeboek en it skoalbistjûr Namen foar libbenslang dy yn bisnijing. Dêr helpt gjin oarloch tsjin en gjin bifrijing, En, by myn siel, dû kinst der aerdich oer. Myn lêste bondel stjûr 'k dy hjirby ta: Hoe't ik der bykom, mei de himel riede. Mar lês him net; ik wol dy net forliede, En leafst gjin lêst fan myn gewisse ha. Dû bist net gek, dû diest in g'oede raem; Nim nou it mes en kap de âlde trossen. Ien skuld mar ha 'k noch by dy yn to lossen: Forjow my dat ik dy op sleeptou naem. III. As ik dyn âlde brieven lês En my wer ôfjow nei 't forline Kin moedsum my dyn byld forskine, Dizich en fier, en efter glês. Hwat wit men fan elkoars bistel Al liket men de trouste maten? Dyn hûngrich sjen, dyn driftich praten Wie as it klopjen út in sel. Ik haw it al to let forstien Hoe kin in minske alles witte - Ik kaem dy net in stap tomjitte, Ha neat foar dyn illinde dien. As ik dyn âlde brieven lês Kin moedsum my dyn byld forskine Sa drôvich en fan leed forbline, Ienlik en fier, en efter glês. Vorige Volgende