De direkteur fan de ‘Fryske akademy’:
De Tsjerne moat der bliuwe.
Men soe jin ôffreegje kinne hokker bilang de Fryske Akademy hat by it bistean fan ‘De Tsjerne’. Dizze Akademy hat ommers har eigen publikaesjemiddels wol. Mar as men efkes breder sjucht is it sûnder mear dúdlik dat Fryslân, en dus ek de Akademy dy't dochs striidt foar it bihâld en it forsterkjen fan de fryske kultuer, net bûten in litterair orgaen kin.
It hat sa west dat wy mear as ien orgaen ryk wienen, dat min ofto mear litterair wie. Nou ha wy mar ien mear, De Tsjerne, mar dat is ek suver litterair en boppedat goed en yn goede hannen. It soe in greate forearming wêze en in tige forlies foar ús prestiizje, as dit moanneskrift net bistean bliuwe koe. Dit soe ús nasjonale eare tonei komme.
Yn guon lannen stipet de oerheit sokke blêdden, mar wy dogge soks oan 't nou ta leaver sels, en as it kin is dat souner en better. En it kin ek wol, as elk, dy't hert hat foar ús kultureel selsbistean en Fryslân in faeks lyts, mar dochs weardich plak yn 'e rige fan folken hâlde litte wol, meihelpt om it mûglik to meitsjen. Wy tarre net mear út 'e romte, en hwat wy hawwe moat breanedich yn stân hâlden wurde.
Dêrom: De Tsjerne moat der bliuwe.
Dr. W. KOK.