Us Fryske heechleararen skriuwe:
De Fryske biweging hat njonkenlytsen in ryk forskaet fan organisaesjefoarmen krige en in hiele rigele dêrfan hat syn eigen uteringsmooglikheit. Dat is ek goed. Oan elk forlet moat foldien wurde kinne: der moatte organen wêze foar it folk, der moatte wêze dy't efkes heger rikke, der moat uteringsmooglikheit wêze foar de striid, de mannen fan stúdzje moatte harres hawwe, yn ienfâldige foarm en mei bydragen fan faklju. Wy drage se allegearre in goed hert ta en sille jerne meihelpe, om se yn stân to hâlden.
Mar ien is der, dêr't wy dûbeld en dwers in sin by hawwe: ‘De Tsjerne’, it litteraire moanneblêd. Dat is ús flagge. Dit is, om syn ynhâld, om it peil dêr't it him op biweecht, it teken foar de bûtenwacht, dat der yn Fryslân hwat foroare is, dat it syn foarm foun hat en syn eigen wei giet.
Biseffe alle Friezen dêr de greate bitsjutting wol fan? As it sa wie, wy soene dit net skriuwe. As it sa wie, it tal abonneminten soe stikken heger wêze, as it nou is.
Dêrom steane wy de Friezen, dy't noch in tsientsje to missen hawwe, der op oan, yn to tekenjen om sa de krigele útjower en de kundige redaksje it mooglik to meitsjen, mei har wurk fuort to farren.
De Tsjerne mei net fordwinell
W.J. BUMA.
J.H. BROUWER.
K. FOKKEMA.
J. HOEKSTRA.