Hwat is it oardiel fan it bureau foar kulturele saken yn Fryslan?
As de Fryske Biweging de emansipaesje fan it Fryske folk út syn ‘oan himsels to witen ûnmounigens’ bitsjut, jowt it byld fan dy biweging yn in biskaet tiidrek útslútsel oer it stadium dêr't dat proses oan ta kaem is.
Der hat in tiid west, dat de Fryske Biweging inkeld in taelbiweging wie, organisearre yn de selskippen mei har kriten en bledtsjes. En de ‘literatuer’ fan dy tiid hie gjin doel yn himsels, mar allinnich yn dy taelstriid, lyk as ek oare kanten fan it kulturele libben allinnich foar safier achtslein waerden as hja mei de tael út to stean hiene.
Sûnt dy tiid is de Biweging út 'e naden boarsten en hat foarm krigen yn forskate selsstannige organisaesjes, elts mei in eigen libben en in eigen wurkfjild en doel: ûnderwiis, wittenskip, kunst, folkskultuer, polityk, ensafuorthinne.
Soks bitsjut net, dat dêrmei it striidelemint op sa'n terrein útskeakele wêze soe, mar wol, dat it aksint forlein wurde koe op it positive en konstruktive.
Ien fan 'e dúdlikste foarbylden fan dizze ûntwikkeling is de ûntjowing fan de Fryske literatuer, dy't krekt yn har autonome funksje sa'n greate wearde foar de Fryske kultuer yn hat.
En ‘De Tsjerne’ is fan dy stân fan saken eltse moanne wer it sterkste biwiis: Fryske literatuer is gjin provinsjalistyske taelpielderij mear, mar artistike forantwurding neffens eigen aerd, bistean en wet fan minsklike problematyk.
‘De Tsjerne’ is dêrmei eltse moanne fannijs in demonstraesje fan de wil by ús skriuwers om har part fan de opjefte nei to kommen, dy't it Fryske folk troch syn skiednis oplein is yn it libbene gehiel fan de Europeeske kultuer. Dy opjefte mei in biskiedenen ien wêze, hja is der net minder wichtich om. Hwant yn de nuodlike situaesje dêr't Europa yn tahâldt, mear jit trochdat it der inerlik sa min oan ta is as fanwegen