De Tsjerne. Jaargang 5(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 375] [p. 375] E.B. Folkertsma: Mar ast ris wist! De dichters moatte fan dy sjonge, De dichters hawwe in swak foar dij, Hja dogge hulde, âlde en jonge, Dyn tsjoen, dyn macht, dyn hearskippij. Dû fang'st har glimkjend yn dyn netten, Dû hâldst har boartsjend yn dyn ban, Dû bynst har effen leaf en derten, Dû leev'rest licht har sterkste man. Ik bin sa net. 'k Lit my net fange Fan swakheits krêft en skientme sin. Mar ast ris wist! hwat kin 'k forlange Nei finzenskip yn sokken min, Nei hearrichheit oan sokken frouwe, Nei eigendom sa'n hearlik wiif, Dyn slaef to wêzen, o ûntrouwe, Forfallen dy mei siel en liif. Mar dan allinne. 'k Diel gjin rjochten, Dy diel ik dochs ek net mei dij; Foar mij 't forlet, foar dij de nochten; Mien nou mar net dat 'k dêrom lij. Dus wol ik neat as dit bigeare: Gun mij en nimmen oars it rjucht, Gun mij en nimmen oars de eare, De gek to spyljen yn dyn klucht, De stof to leev'rjen ta dyn gloarje, Foar strie to tsjinjen ta dyn fjûr, Foar skut to stean by dyn fiktoarje; Oars giet it mar prinshearlik oer. Mar ast ris wist! Forlos my, frommis, Forlos my út myn ienlikheit, Forlos dit hert dan doch, dat ommers Forgean moat yn syn ienlikheit. Vorige Volgende