| |
| |
| |
Dr. Giacomo Prampolini:
De streaming noard-sud yn 'e litteratueren fan Europa.
As men jin der ta set in algemien punt to bihanneljen, komt men al ridlik gau ta it ynsjoch dat it mêd fan ûndersiik oanstriid kriget om him oer de mjitte út to wreidzjen en dat it tige nedich is en stel in rige definysjes op. Bygelyks: hwat is de krekte bitsjutting fan de wurden ‘noard en súd’ yn dit forbân, as men se tapasse moat op it ierdrykskundich tige great gebiet fan it Europeeske fêstelân? Fuortdaliks al liket it as is der mear as ien ‘noard’ en mear as ien ‘súd’; in skoft forlyn lies ik yn in Flaemsk tydskrift, dat Fryslân fortsjintwurdige it ‘hege noarden’ fan it lytse Nederlân. Dat is net to ûntstriden en it hâldt yn, dat b.g. Kleef, dêr't men yn 'e trein de grins oer giet, yn it suden leit. Ik, dy't dit stik sit to skriuwen yn Umbrië, dat wol sizze yn it midden fan Itaelje, ik bin in suderling fan Milaen út wei sjoen, mar tagelyk in noarderling foar immen út Apulië, dat op syn bar, neffens de breedte, de Griken súd fan him hat. Men sjocht sadwaende moai gau yn dat it de baes is en bihein, fan suver ierdrykskundich stânpunt út, it ‘noarden’ ta Yslân en Skandinavië, it ‘suden’ ta Grikenlân. Yn it noarden: de Edda, yn it suden: Homerus. Dêrmei hat men dan, alteast yn ien rjochting, it hiele fjild fan de litteraire biskaving yn Europa fêstlein.
Mar neist de ierdrykskunde moatte wy de histoarje yn 't each nimme, de ieuwen del tobek sjen, op 'e siik nei de bigjinpunten fan dy tsjinstridichheit tusken noard en súd dy't him almeast oplost yn in biweging, in delg'ong fan it noarden nei it suden. Gâns in tiid foardat de dichters en letterkundigen har hearre lieten, hawwe de folken op dit toaniel stien, hearrich oan inkeld ekonomyske driften; it suden hat altyd west it lân fan de sinneskyn, fan de nôtfjilden, fan it druvesop; dy forblynjende loftspegeling dêrre hat de Keltyske en Germaenske folksstammen mei macht lutsen nei Spanje, Itaelje en Grikelân ta. Men hoecht gjin materialist to wêzen om fêst to stellen, hoe't in nofliker klimaet, sêfter seden, in (op it each) makliker libben in oansûgjende krêft op 'e minske hawwe: ynpleats fan de boskbei - de drúf, ynpleats fan de bjirk - de figebeam.
| |
| |
En ik foar my bin der wis fan, dat sels de toeristen fan hjoed de dei, dy't yn trein of fleantúch oankomme en op 'e siik geane nei kunstwurken en forneamde ruïnen, dat sels de beafeartsreizgers fan it Hillich Jier dy't út it noarden komme, djip yn harsels in soarte fan physiologysk ynstinkt, in ûnbifredige bihoefte meidrage, dy't wol ta ûntdekking makke hat hwat ienris forovering wie, mar dy't dochs yn wêzen deselde krêft bleaun is dy't de ynkringers fan it skier forline oandreaun hat.
Neidat hja de Kelten (dy't ek út it noarden kaem wiene, mar neffens de rjochting west-súd) yn 'e Po-flakte tobekdreaun en de oermastering fan it Italjaenske healeilân ta in útdragen saek makke hiene, wreiden de Romeinen, sûnt dy tiid de erfgenamten fan de Grykske biskaving, oan alle iggen en einen de grinzen fan har wrâldryk út; mar krekt dêrtroch lokken hja de jit net ûnderwurpen frjemde folken oan, de rêsteleaze en woelige nomadestammen, de barbaren yn ien wurd. Der is neat dat sa lûkt as de foarstellingen, bylden en fuortbringsels fan in hegere kultuer, sels as dy kultuer sjoen wurdt inkeld as in fingerwizing nei rykdom en woltier; it is as in rop dy't him fuortplantet oer bergen, oer streamen, oer bosken, oer séën en dy't al sa folle it forlet ûnderstreket fan geriif as fan forfining. Hjirsa klinkt de rop fan Rome, haedstêd fan in impearium en sintrum fan it nijberne Latynske Christendom, heger en fûlder as dy fan Athene of Byzantium; sûnt de fyfte ieu triek Itaelje kloften soldaten oan en kloften pylgers: oerweldigers en reizgers. Yn 416 sjongt in Gallysk edelman, Rutilius Namatianus, yn ‘De reditu libri duo’ syn leafde út foar de ivige stêd: ‘mem fan mannen, mem fan goaden’; om 550 hinne biwurket de Goat Jordanes yn in barbaersk Latyn de skiednis fan syn trochloftich folk, lykas dy to boek steld wie fan de gelearde Cassiodorus: hy wol mei alle gewelt dy sa drege en slimme tael fan de forsleine fijân brûke, hy leit der syn greatskens yn, mar docht har teffens, sûnder it to witten, hulde. Grikelân hie Rome ûnderhearrich makke; Rome makke syn nije hearen dy't fan fierren kaem wiene ûnderhearrich. Sûnt dy tiid batse noard en súd allegeduerigen wer op elkoar, trochkruse elkoar, forming'e har mei elkoar, rane yn elkoar gear, om dy
gearstalde réaliteit to wêzenjen dy't wy Midsieuwen neame. De Midsieuwen dy't, sa lang as de jonge Romaenske en Germaenske talen fan it fêstelân jit net ta folwoechsenens komme, foar alle litteraire utering
| |
| |
ien inkelde tael réhawwe, dy't ynternasjonael wurden is: it Latyn. In Latyn lykwols, dat net mear itselde is as dat fan Cicero of dat fan 'e Evangeeljes, mar in ta in hichte nije en tige libbene skriuwtael, mei syn linige sinbou en syn rhythmen, syn nije wurdfoarmingen en syn ryk taeleigen. Yn gâns teksten kin men sûnder muoite ûnderskied meitsje tusken de stoffe, dy't nommen is út 'e soasiale wurklikheit fan de noardlike kontreijen, en de foarm, dy't de bydrage fan it suden fortsjintwurdiget: it kultureel erfskip dêr't men net los fan komme kin. Sa sjocht men de streaming noard-súd fuortsterke troch it forlet fan foarm, in foarm nammers dy't him iepenbieret as in unyk forskynsel; fuortsterke ek fan de stilswijende erkenning dat der mar ien weardefolle kulturele tradysje bistie, hwaens troan stie yn 'e lânnen mei sinnegloed oerspraet en bisiedde mei sprekkende ruïnen. Koartsein, it suden dat soe wêze: it forline; it noarden: de takomst, - mar in takomst dy't, om him to forwêzenlikjen, net skrommet syn stipe to sykjen by it forline.
Mar dy foarstelling fan saken, sa oan it oerflak en sa globael, dat er abstrakt driget to wurden, kin pas ta in libben byld wurde as men rekken hâldt mei in rige détails dy't net allegearre yn it ramt noard-súd passe. Yn de 7de en 8ste ieu jowe de Ierske muontsen har ôf fan it Griene Eilân, yn it uterste westen fan Europa, en swermje út nei east, súd en noard, en dy diaspora hie tagelyk religieuze en litteraire bitsjutting. Yn itselde tiidrek forlieten de Angelsaksyske muontsen de Britske eilânnen om it Evangeelje to bringen ûnder de Germaenske folksstammen dy't, yn it uterste noarden fan it fêstelân, jitte heidensk wiene, en ek dyen folgen in route west-east. Beide groepen bisieten dêrby in eigen nasjonale tael (de iene it Gaelysk, de oare it Angelsaksysk of Aldingelsk), dy't al wijd wie troch litterair gebrûk; lykwols, yn har sindingswurk, yn har tinkskriften en hilligelibbens brûkten hja it tsjerke-Latyn, dat wol sizze: de tael fan it suden. Yn de kulturele expânsje hiene de Romeinske legionnairs it plak romme foar de dimmene en moedige reizgers-om-it-Godsryk; mar de tael bleau deselde. En lykas yn earder tiden de haden fan de forfarrende stammen oanlokke wiene fan de fruchtbere en goed biarbeide dellingen, fan 'e moarmeren paleizen yn de prachtige stêdden, sa barnden nou de útskroevene bikearlingen fan langstme om mei eigen eagen de stêd fan de
| |
| |
Christenheit to sjen, de grêven fan de beide apostels, it paleis fan de Paus, en hja songen dat ynfromme lofliet: ‘O Roma nobilis orbis et domina, - cunctarum urbium.... excellentissima....’ It suden gyng troch mei it noarden to roppen.
En dy rop waerd ek forstien fan de striidbere Noarmannen, de Wytsingen, dat wol sizze: de piraten fan Denemarken, Noarwegen en Sweden dy't yn de 9de en 10de ieu gâns Europeeske sé-iggen yn trewyn brochten, dy't yn Frankryk trije folksplantingen stiften oan 'e mouningen fan de greate rivieren, en letter steaten oermasteren, keninkriken en dynastyen groundearren yn Ingelân, yn Apulië, op Sicilië. Foar harren krige it wurd ‘súd’ de wiidste bitsjutting: yn 862 wist Rurik yn Ruslân troch to kringen en lei yn Novgorod en Kiew de founeminten ta it takomstich Russysk keizerryk; yn 907 forskynde in Sweedsk floateskader foar Byzantium, en letter (yn de 11 te en 12te ieu) foarmen de ‘Vaeringjar’, Skandinavyske kriichslju, de liifwacht fan de Byzantynske keizers. En hwat litterair en kultureel tige nijsgjirrich is: harren tael, it ‘norrön’, waerd tusken de 8ste en de 13de ieu sprutsen yn in great part fan Europa; en in bysûndere charme komt jin tomjitte út de kwatrinen yn it Ald-yslânsk, makke fan dy jimmer warbere en reizgjende sélju, dy't de iggen fan Spanje en Sicilië lânsfoeren, de Alpen oerteagen, de woastinen fan it Hillich Lân trochtrieken, de Dnjepr stream-op folgen. Dit yntermezzo, ornaris net achtslein yn de Europeeske litteratuer-skiednissen, is krekt fan tige bitsjutting': it noarden sakket ôf nei it suden en it strielet syn kultuerkrêften út, sûnder ôfstân to dwaen fan syn eigen litteraire en dichterlike tael; de lûden fan it Latyn en it Gryksk moatte de ljochte Skandinavyske reuzen om laitsje.
Mei de opbloei fan de litteratueren fan Romaenske en Germaenske oarsprong (‘langue d'oc’, ‘langue d'ouil’, ‘langue de si’ - Aldheechdútsk, Middelheechdútsk, Middelnederlânsk ensafh.) komme wy yn in tiidrek dat better bikend is. Yn de romans yn fersen en proaza forskynt it suden faek as it fabelachtich lân dêr't elkoar de eigenheden moetsje fan Itaelje, fan Grikelân, fan it Arabyske en Mohammedaenske easten; dat dizenige suden lient him foar alle soarten fan wûnders en bjusterbaerlike avontûrlikheden.
It humanisme, mei syn geast fan frij en ûnbihindere ûn- | |
| |
dersiik, syn leafde foar it klassyk forline, foroaret, alhoewol net folslein, de atmosfear. Al wurdt de reis nei Itaelje in soarte fan ynwijing, fan ynsegening foar dy dichters út Ingelân, Frankryk, Nederlân ensafh., hwa't dat barre mei, foar de Europeeske toaniellitteratuer bliuwt datselde Itaelje, mear yn in sfear fan forbylding as fan wurklikheit, it klassyk lân fan de ôfgryslikste misdied, fan de alderbluodderichste forskrikking. Dat kin men waernimme by de Elizabethiaenske toanielskriuwers, Shakespeare foarop; en men moat al gean ta de Spaenske pikareske roman en syn reälisme, om yn 't each fallende foarstellingen nei de natuer to finen, dêr't sels g'jin kwea mear is. De libbenens fan de tsjinstelling noard-súd liket to saksearjen yn 'e tiid fan de Herfoarming, de Contra-reformaesje en fan it Barok; dat is yndied in tiid fan lykwicht, dêr't tsjinstridige prinsipes in harmoanysk gehiel yn foarmje: de greate litteratueren fan Ingelân, Spanje, Frankryk geane tonei har eigen wegen, nei't hja de soppige sitroen fan de Italjaenske Renaissance leechknypt hawwe; en Itaelje dat slommet yn it skaed fan syn âldheden. Mar nije stoffen komme ta gesting, ta woeling, ta útbrekken; sa bygelyks it Dútske Neo-classicisme, sa ek de Romantyske ûnrêst yn alle lânnen, en dan brekt hommels de streaming noard-súd fannijs oer syn iggen, en dêrby ûntbloeije greate nammen. Men kin sizze, Spanje en Grikelân binne nou wer ûntdutsen, sûnder dêrmei de foarrang oan Itaelje to ûntkearen.
Yn de foarrige en yn ús ieu fiele de skriuwers út Sintrael Europa, en binammen dy fan Germaensk komôf, - út ûnderskate oan driften wei, - op in twingende, ûnwjersteanbere wize de langstme nei it suden, de ‘Drang nach Süd’, in suden dêr't hja meast hinne geane om har persoanlikheit to forrykjen en to fornijen. Hwerom soe men hinnegean en neam in rêst nammen? It is foldwaende en bring yn 't sin: Stendhal en Lamartine; Goethe, Nietzsche, Rilke; Ibsen; Byron, Shelley, Keats, de Brownings, Swinburne, D.H. Lawrence, Joyce; Gorky, balling op Capri. Dyen hawwe wenne yn Itaelje, hawwe der skreaun of har geniet foun en mear, minder of alhiel gjin bilangstelling hawn foar it soasjael en ekonomysk libben fan it lân dat harren herberge; oare dichters hawwe alsaleaf allinne mar dreamd fan it lân fan har langstmen - en dan is it it Grikelân fan Hölderlin, it Spanje fan Victor Hugo.
Yn suver al dy gefallen liket dy delg'ong nei it suden,
| |
| |
dy't in herhelling útmakket fan de invasy fan de âlde, biwapene ynkommelingen, biskaet to wêzen fan in komplex fan oandriften: foar alles - mar net altyd yn 't earste plak - de kulturele; dan de physiologyske, dêr't soms ek redenen fan sounens mei anneks geane; de morele, as it formidden dêr't men yn berne is, ûndraechlik wurdt en de toarst nei absolute frijdom twingend. En dan is der jitte de ienfâldige langst nei hwat nijs; soms in dracht fan sentimintele dreamen en fantasijen dêr't men hopet jin fan to ûntlêstgjen; minder faek jitte in eigenaerdich gefoel fan sympathy foar dy divels en dwazen fan Italjanen en Griken, dy't, yn al har ekonomyske misère, har de luxe permittearje fan ûnforgelykbere kunstwurken, fan forblynjende sinneskyn. Men wurdt der hinne dreaun om it to sjen, om der mei yn 'e kunde to kommen - en sa ûntstiet it litterair toerisme, dêr't nammers masterwurken út fuortkommen binne, dy't de siel en de atmosfear fan it suden wierhaftich yn har opnommen en werjown hawwe.
Der bistiet dus yn it noarden it forlet om it suden to kennen, dat suden dat âlder is, efterliker as men wol, mar dat ek de âlderdom, it dekoarum en it gesach hat fan in yntellektueel en aesthetysk patriarchaet. Yn dy sin wurdt en bliuwt it suden in oanfolling fan it noarden, wylst de omkearde forhâlding lang sa twingend net liket en ek seldsumer; yndied, net folle skriuwers en dichters hawwe, út frije wil, mist en snie foar kar nommen boppe it mylde Middellânske Sé-klimaet. Yn 'e groun fan 'e saek stjûrt it lichem de siel en de geast mei in wiisheit, linich en animael, mar teffens op bernlike wize minsklik.
(Oers. Anne Wadman.)
|
|