| |
| |
| |
Lucia Trent:
Gesanten fan it ljocht.
Dichters binne tarist mei in sterke gefoeligens, dy't fuortkomt út har skerpe reäksje op útwindige sintúchlike prikels. Dy gefoeligens foaral docht it, dat dichters alle iepenbieringen fan it libben meifiele. Dat meifielen op syn bar jowt har it bisef fan 'e ienheit fan alle libbene dingen en in twingend gefoel fan bisibbens mei de natûr en mei har mei-minsken. Byhwannear't forbyldingskrêft lykop giet mei gefoeligens, dan fornimt men de rike bloei fan dichter's brein en moed, de blossum fan syn profetyske jefte.
Neffens Matthew Arnold is dichtkunst in krityk op it libben. De dichter hat altyd yn opstân west tsjin 'e martelkeamers, dêr't minskene lichems en geasten wol yn forkeard hawwe. Troch alle ieuwen hinne hawwe dichters it findel fan 'e ethyske foarútgong' droegen. Hja hawwe de heechste geastlike idéen fan har slachte yn floeijende tael fortolke, en mank de tsjustere chaos fan har tiid dochs noch dreamd fan griener libbenslânsdouwen foar har meiminsken.
Eartiids hie by de folksstam in ûnbilearde dichter de lieding. Hy song syn freze en hope út yn 'e earste primitive uteringen fan 'e minskegeast. Troch de skiednis hinne hawwe dichters it minsklik gefoelslibben trou staljown en meiboud oan de hechte wearden dy't it minskdom hjoed-de-dei bisit. De bydrage fan 'e dichter is klear to sjen, as men digeret troch de teleskoop fan 'e tiden. Nea hat der fan syn formogen om-leauwe-to-kinnen, fan syn macht om de ienheit fan it libben to forstean skreauwender forlet west as krekt yn ús gefaerlike ieu, nou't ús hiele biskaving sa deun by de rânne fan 'e ûndergong stiet.
Amerika hat gâns mienskipsdichters oplevere. Yn it lêstoan fan de njoggentjinde ieu, doe't de Foriene Steaten har ûnbidige yndustriële macht oan 't opbouwen wiene, klonk der, al kipte Walt Whitman der yn dit tiidrek út, yn 'e woastenij fan it matearialisme mar inkeld ris in dichterlik lûd dat op geastlike frijmakking oanstie. Mar yn 'e tweintichste ieu kaem der mannich dichter nei foaren, hwaens wurk in sterke humanitaire ynslach hie.
It binne allegear lyryske dichters, dy't har muzyk, har leafde, har protest, har leauwe yn tradysjonele foarmen
| |
| |
jitte. Foar it greatste part hearre se net thús yn 'e rigen fan 'e eksperimint-dichters, al is it wurk fan 'e measten woldiedige soun troch persoanlikheit en frissens fan bihanneling, en sterk troch byldzjend formogen.
De dichters, dy't hjir bihannele wurde, hawwe allegearre har leafde ta it libben ien en mien, Hja sjogge de stinzen fan 'e habsucht ôfbroazeljen en de tuorren fan 'e demokraty skitterjen yn it sinneljocht fan moarn-de-dei. Fan 'e hichten fan 'e takomst ôf roppe se de minsken yn 'e bidelte ta: Kom boppe en oanskôgje de nije wrâld, eagje oer de hôven mei oerfloedig'er fruchten en oer de ekers mei s wier der nôt!
By de Amerikaenske lêzers is ien fan de alderbikendste dichters fan dizze tiid: Edwin Markham út Californië, dy't in pear jier forlyn op tige hege jierren rêst is.
Markham is bigoun yn it krantefak en syn lang gedicht ‘Man With The Hoe’ waerd wakker priizge. Fierder is er bikend as de skriuwer fan kwatrinen; hy wurdt de dichter fan 'e bruorskip neamd. Yn ‘The Mighty Hundred Years’ skriuwt er:
Foar minskheit is 't de tiid: nij ûndernimmen
Set tsjin wrâld's stive doar de skouders al;
Ut wide ivichheden sprekke stimmen
Noch fan 'e siel syn bittere fal.
Lange jierren reizge hy it lân troch mei lêzingen. Syn heechoppich stal hearde by de dichtersgearkomsten en syn foars lûd galme troch de sealen, dêr't alleman gearkaem, hwa't de soasjale tastân ynbaernde. Lange jierren marsjearde hy op Labor Day foarenoan yn 'e Labor Parade troch de Fifth Avenue yn New York.
Alle jierren wurdt yn April syn bertedei fierd yn de wûndermoaije Poets Garden yn Californië. Dan komme dichters en litteratuerleafhawwers fan ûnderskate folken en rassen byinoar om syn neitins to earjen. Hy wie yndied in dichter fan it folk!
Ien fan de kleurichste en krêftichste figueren op it dichtersmêd fan it hjoeddeiske Amerika wie Vachel Lindsey, dy't probearre in moderne troubadour to wurden, reizgjend fan stêd nei stêd, wylst er bisocht oan 'e kost to kommen mei it foardragen fan syn eigen by útstek persoanlik dichtwurk. Dizze aparte persoanlikheit út Illinois ken men it bêst út syn lang gedicht ‘The Congo’, en út oare lange
| |
| |
fersen, dêr't syn wyldseauwige, dramatyske styl yn útkomt.
Hy kaem op it toaniel danich yn 'e bineaming mei syn aparte sprekkerijen, mar, sa't de dichters al gewaerwurden binne, net ien wiere dichter kin yn de Foriene Steaten fan syn dichtwurk libje. Lindsey rekke swier yn 'e skulden en die himsels to-koart yn 'e bloei fan syn libben. Amerika forlear oan him in bijeftige litteraire figuer.
Hy skreau in great tal teare berneferskes, woldiedige byldryk en, oarspronklik, en hy sil noch lang yn 't ûnthâld bliuwe troch lyryske fersen, sa as ‘The Leaden-Eyed’, dy't syn net-to-bidjipjen meilijen mei syn wrakseljende meiminsken útkomme litte.
Lit jonge libbens doch net smoare, ear't
Hja hoallefoalje of geurje mei har steat.
Wrâlds iene misdie is: de poppen libje suf,
De paupers lykje kij, har eagen lead.
't Is 't hongerjen net, mar 't hongerjen sûnder dream;
't Is 't siedzjen net, 't hast nea-preaun risping'sfeest;
't Is 't tsjinjen net, mar 't tsjinjen sûnder god;
't Is 't stjerren net, mar 't stjerren as in beest.
Ien fan Amerika's meast bitsjuttende en moedichste figueren is Prof. William Ellery Leonard, dy't koartby forstoarn is yn Madison, Wisconsin, dêr't er lange jierren ûnderwiis jown hat. Hy wie net allinne bikend as dichter, mar ek forneamd as gelearde. Hy bihearde ta de singulierste genyen fan ús litteratuer. As beuker wied er ris tige kjel wurden fan in lokomotyf. Hy skipe dêr in sielssykte fan, dêr't er oer skreau yn syn autobiografy ‘Locomotive God’. Tiden lang koed er net ta reizgjen komme en gie nea fierder as in kilometer-mannich fan hûs. Syn bikendst soasjael gedicht ‘The Lynching Bee’ giet mei lôgjend fjûr de striid oan tsjin ien fan Amerika's taeiste soasjale misstannen. Dr Leonard, die bliken, hie in libbene bilangstelling foar de Mooney-kwestje, dêr't er oer skreau, en ek foar de Sacco-en-Vanzetti-saek. Ingelske kritici hawwe syn ‘Two Lives’ it bêste fers neamd, dat ea op Amerikaenske groun skreaun is. Dizze meinimmende rige sonnetten bifettet de histoarje fan syn eigen tragysk libben en giet oer de dea fan syn earst wiif. Syn fersen binne skreaun yn it ‘ljocht fan de ivichheit’.
| |
| |
Dr Leonard hat in stoarmich libben hawn. Hy wie militant en foarútstribjend yn alderhande striidfragen, Hy focht mei in forbjusterjende hertstocht foar syn oertsjûging. Hwa't him ienkear sjoen hat, kin him nea wer forjitte: de fjûrige dichter mei it wite hier, dy't troch de takomst grif bigroete wurde sil as ien fan ús foarnaemste sjongers.
Hjir folget in koart fragmint út syn fers ‘The Begg'ar’:
As de kearing brekt en de Rea Stream rint hurd
En de ierd-skok glimket, de Bosk to rikjen stiet
En 't tûzenfâld kanûn skroeit de ierd ta anthracyt,
Hear dan 't kleiliet fan 'e Bidler yn it Galileesk habyt.
Hwant it kleiliet fan 'e Bidler oerstimt it swier geskut..
En syn hân stekt er út; en syn iene sang is âld:
‘Myn berntsjes hawwe honger.... myn berntsjes binne kâld’.
It wie op 'e Broadway, dat 'k him moete it lêst,
Dêr't de dak-reklame's gloeije oan goate en oan mêst.
In dichter, dy't yn Amerika de dichters mei soasjale ynslach sterk oanfitere hat, is Thomas Curtis Clark, fan âlds poëzij-redakteur fan The Christian Century fan Chicago.
Dr Clark syn godstsjinstige lyryk en bruorskipsfersen binne tige bikend, en syn karlêzingen fan âldere en nijere Ingelske en Amerikaenske dichters hearre ta de ferse-samlingen, dy't yn de Foriene Steaten tige kocht wurde. Syn bundels bihannelje meast spésjale ûnderwerpen, lyk as ‘Poems of Justice’, ‘Poems for the great Days’. Hy is op 't stuit dwaende mei it sammeljen fan fersen oer it Christusthema. De dichters fan 'e Ingelsk-talige wrâld binne him greate tank skuldich foar dat er har boadskip op safolle wizen útdroegen hat. It brokje lyryk, dat hjir folget, komt syn skriuwtrant yn út: ‘It shall not be again!’
Oer de to-stoarme lannen hinne?
Wy, geasten fan in moedige kriich:
't Miljoen, dy't dea-blet binne.
Oer de to-stoarme lannen hinne?
Wy, geasten, swarrend dizze eed:
| |
| |
Ien fan 'e bêste Amerikaenske ferse-tydskriften, útjown yn Mill Valley, Californië, is ‘Wings’, forsoarge fan Stanton A. Coblentz, kundich redakteur, gearstalder fan karlêzingen, roman-skriuwer en foaroansteand dichter. Syn ‘Pageant of Man’, in oersjoch yn fersen fan 'e minske en syn biskaving, is wol in heroysk bisykjen neamd, neijer bisibbe oan in heltedicht fan Milton as hokfoar wurk ek sûnt 1674. De oeribele skeppingsdrift fan dizze fruchtbere skriuwer bloeit op yn mannich bundel lyryk en siert de bledsiden fan karlêzingen en tydskriften. Hy byldet in great tal stimmingen út, mar syn wurk is meast de philosofyske kant neist. Yn syn skôgingen en boeken oer dichtkunst hat Coblentz in dregen strider west foar de eale tradysjes yn 'e ferskunst en in konsekwinte fijân fan dy ‘Eksperimintearjende apostels fan 'e frijdom’.
Dit fers út The Christian Century, ‘Hiroshima’ (Seen in Retrospect) wjerspegelet de skriuwtrant fan syn measte wurk. De earste strofe folget hjir:
Net inkeld boppe in stêd barstte it oardiel,
Mar boppe in tiidsbistel, in hiele wrâld.
As machten flamje as ravens op har foardiel,
Forjit de minske in erfskip, ljocht en âld.
Ralph Cheyney, dy't yn 1941 noch mar yn syn fiif-en-fjirtichste jier forstoarn is, wie ûnder de Amerikaenske dichters fan 'e lêste tiid ien fan de alderstriidbersten, As ien fan de stifters fan Unrest Platform, redakteur, gearstalder fan blomlêzingen, foardrachtkunstner, fûleindich sprekker, lieder yn mannich litterair formidden de hiele Foriene Steaten oer, hat Cheyney in djippe en duorsume ynfloed hawn en de namme krige fan ‘de lieder fan 'e biweging foar nij soasjael ynsjoch yn 'e Amerikaenske dichtkunst’.
Cheyney wie fan bitinken, de dichtkunst koe tsjinje as in binende en foarljochtsjende krêft yn 'e moderne maetskippij. Hy leaude oan de foredeljende mooglikheden fan 'e dichtkunst en dy har macht om brein en geast to bisieljen. De emoasjes, hâldde er út, moasten like goed traind wurde as it forstân.
Al kin 't herte dan dwale; 't forlet liedt de died;
Wylst it brein grapjeit, wylst it minskdom bliedt
| |
| |
Binne ús hert en ús geast in bliid boun oangien,
Hwant wierliken great wurdt ont salang net ien.
Cheyney syn gedichten binne like rûch as in stoere iik, mar faek ek glêd as in jonge bjirk, sa as bygelyks de fersen foar syn bern en syn glânzgjende fersen oer leafde en hertstocht.
Cheyney libbe foar syn idealen, faek dwers tsjin 'e trie yn en lykme allinne. Syn libben wie in stael fan moedich bitrouwen yn syn oertsjûging.
't Hat foar ússels net folle sin
En reagje d' ierd fan ûnrant skjin,
Mar òp foar har, dy't nei ús binn'!
Ien fan 'e foarnaemste Joadske dichters yn 'e Foriene Steaten is Louis Ginsberg fan Patterson, New Jersey; ien, dy't by syn konfraters, by kritici en redakteuren tige heech oanskreaun stiet. Hy hat lange jierren mei sukses learaer oan middel-skoallen west en syn frije tiid meast jown oan it skeppen fan syn by útstek persoanlike lyryk. Syn wurk hat in praegnante oarspronkelikheit, in linigens, dêr't it in lust is om nei to harkjen. Net folle dichters kinne har stoffe sa gearparsje en hawwe sa'n koartens yn it sizzen en sa'n meinimmende byldspraek oer har.
Ginsberg syn talint komt moai út yn de beide lêste strofen fan syn bikende ‘Cry of the Dead’.
Wy, deaden fan it forum yn 't stil oard
Oerraze it kriichsgebolder mei ús rop:
Nea springt út freze en nea bloeit út moard
It sie fan 't tûzenjierrich Godsryk op!
Bou Eden nochris wer en gean to set
En meitsje kniesde, brutsen folken hiel:
Der is gjin oare naesje as it hert;
Der is gjin heitelân bûten de siel!
In oare forneamde forskining op ús dichtersmêd is Alfred Kreymborg fan New York, stifter-mei en redakteur fan The Broom, sprekker, toanielskriuwer en dichter fan gâns fersebundels. Hy wie direkteur fan it Federal Theatre Project yn New York City ûnder presidint Roosevelt. Hy is teffens opfieder, gearstalder fan blomlêzingen en lid fan it Ame- | |
| |
rican Institute of Arts and Sciences. Bysûndere apart en nijsgjirrich is syn yn 'e mande gean mei dounsers en komponisten en it foardragen fan syn fersen mei bigelieding fan de mandolute, dy't er sels bispilet.
Syn koartby útkommen bundel ‘Man and Shadow’ giet noch tige praet fan. Dizze autobiografy, fêsthâldend oan 'e klassike ienheden, byldet mei sterk dramatysk fakmanskip problemen út, dêr't de hjoeddeiske bitize wrâld mei tangele sit. Ienfâldich, minsklik en floatich as it is, set dit boek Kreymborg op in foaroansteand plak ûnder 'e soasjale dichters fan ús tiid. De folgjende rigels, oernommen út dit lang wurk, litte Kreymborg syn skriuwtrant sjen:
Hoenear wie d' ierd sa siik en sa forlern:
Dat 'r gyslet net om d' as, net ôfslacht 't stel
Healwize dekadinten oan 'e top,
Net wekket gleone atome-swarmen, dy't
Har ek útsprekke wolle, ear't wy gean?
Faeks is de opmerklikste skepper fan bylden yn 'e tsjintwurdige Amerikaenske dichtkunst ien út Baltimore (Maryland), nou professor yn 't Ingelsk oan Friend's College to Indiana: E. Merrill Root.
Net folle dichters biskikke oer in skeppingsdrift as sines. De lêzer skolperet mei yn de Niagara fan syn emoasjes. Hjir fynt men machtige, forbjusterjende libbenskrêft. Der sit in twingende drystens yn it wurk fan Root. Syn fers is in oerstreamende rivier. Hy wie redakteur fan The Measure en The Poetry Folio. Syn wurk is forskynd yn karlêzingen en yn mannich tydskrift en hy hat trije bundels útjown. Syn proazawurk oer Frank Harris, skreaun mei syn typysk talint, is noch altiten yn 'e bineaming.
Mear as ien fan uzen achtet syn ‘Strength of Adam’, in skildering fan 'e arbeid en fan ‘de froulju dy't it deistich brea fan d' ierde bakke’, in wierlik masterlik fers.
Lyk as alle gefoelsdichters, striidt Root tsjin wredens en tsjin it tsjoede. Gjin dichter hat ea opstanniger songen as hy by gelegenheit fan 'e Sacco-en-Vanzetti-trageedzje. Hjir is in dichter, dy't mei it sykljocht fan syn meifielen de swarte hernen fan 'e wrâld biskynt!
Hwat folget is in fragmint út syn fers ‘On hearing the News that Governor Fuller sanctioned the Murder of Sacco and Vanzetti’.
| |
| |
Fal, fal g'reat dea-bleek himeltôgjend wâld!
Fal, fal en platsje hiel ús minsk-bistel!
Fal lyk biwuste dragers fan it lot:
Lit hege himel tûmlje yn djipste Hel.
Slach fyn de minske, ingel mei in maitse-brein;
Slach fyn de minske, dwaze aep, it brod fan Cain!
Der is de lêste jierren in sterke driuw de kant oer fan 'e gewestlike dichtkunst. Nimmen fortsjinwurdiget dy mei mear glâns as Weston McDaniel út Virginia. Syn lyrysk frij fers, fakkundich krûde mei syn eigen wurdkar, wurdt heech set fan kritici en bisprekkers, net allinne yn syn eigen lân, mar de hiele wrâld oer. McDaniel syn wurk giet meast oer it berchfolk fan it Suden, dêr't er les joech oan plattelânsselskippen. Mei it tûke ynsjoch en it meifielen fan de kunstner, byldet er de trystens en tsjusternis fan har libben út.
McDaniel is net allinnich in gea-dichter, hy hat ek it soldatelibben útbylde en fersen skreaun oer frede en wrâldkwestjes yn frije ritmen, dy't alhielendal syn eigen skeppingen binne. Mei skerpe klearens gloeit syn talint troch sokke rigels hinne as hjir folgje:
Fordraechsmens souwet út it tsjêf
Lyk as yn it bigjin al oanjown is, der is in koar fan soasjale dichters, hwaens profetysk lûd hjoed-de-dei oer Amerika klinkt. Ik haw mar inkelde solisten neame kinnen, hwaens sjongen jin ta harkjen twingt. Dêr binne folle mear, dy't likegoed it omtinken wurdich binne. Ek mannich frou is ûnder harren. Hja foegje har muzyk ta oan in machtich ensemble. Sokke sjongers binne it, hwaens ryk de Acropolis fan it minskehert is, hwaens bazúnstjit opropt ta de died en dy't minsken gearroppe om to striden foar in nije wrâld fan ienriedichheit, rjocht en frede.
(Oersetting Klaes Dykstra.)
|
|