is ien, dy't yn wierheit in moai famke neamd wurde kin’. ‘Hja giet min ofto mear hwat op 'e teannen.’ ‘Wyts (is) in rjochte folsleine dochter fan it Fryske lân.’ ‘Jan is ienichst soan, hat de hegere burger hawn en, hwat de doar ticht docht, hy is in greate kante keardel.’ De stamboekman út ‘Birutsen Fjûr’ jitteris.
It detektyfke ‘De man dy't loftshandich wie’ is noch wol lêsber, mar neffens myn biheind ynsjoch yn dizze dingen yn striid mei alle kriminele en wittenskiplik-polysjonele wierskynlikheit. It lêste forhael ‘Avatisme’ wit ik gjin wei mei, fanwegens de titel. Ik haw der al myn wurdboeken foar op 'e kop hawn. Bidoelt de skriuwer altomets ‘atavisme’?
De ‘Sangen fan it gea’ is wol hwat aerdichs by, gaedlik foar in twade printinge fan Terpstra syn ‘Fryske folksdichters’.
En dan is der noch in lêzing fan Burgy oer eigen ‘Birutsen Fjûr’. Oft dat sin hie? Ik wit net...... Anti-krityk op in smoute krite-joun, dêr't ûnskuldige âlde wyfkes it wûnder Skriuwer oan sitte to gapjen, is noch hwat oars as anti-krityk swart op wyt, jowt oanlieding ta misforstân, omt men de eachopslach en de yntonaesje mist. Boppedat is dizze lêzing wol hwat pynlik foar Dr. D. Kalma, hwaens positive en swierwichtige wurdearring fan in posityf rotboek as ‘B. Fj.’ ik altyd sjoen haw as in taktysk forsin, gearhingjend mei de bitize problematyk fan de bisettingsjierren. Hjir hie men mar better de mantel der leafde oerhinne teare kind. It boek ‘B. Fj.’ is net to rêdden mei de sanksje fan Dr. Kalma, likemin mei de forklearring dat de skriuwer gjin wrâldlitteratuer fan doel wie. En de theoryen dy't Burgy oan syn haedfiguer Wimer Sjaerda fêstknôttet, binne it bêste biwiis dat er op gjin stikken nei yn steat west hat syn bidoelingen to réalisearjen. ‘In geve stoere Fries woe 'k útbyldzje’. ‘In wilskrêftige keardel, soun en geef, en dy't de dingen fan it libben, goede en tsjoede, earlik bilibbet. Dy't him net yn 't biskûl hâldt, ek net as der miskien hwat barre moat dat by de deugdsumme wrâld o sa raer is, mar dêr't hy as earlik man nou ienkear net foarwei kin’. ‘In keardel, dêr't djip op 'e boaijem fan syn great hert in lyts, mar fûl fjûr yn smeult. Bidutsen fan de jiske fan syn izeren wil.’ Fierder: ‘in Germaen yn de moaije bitsjutting fan dat wurd’.
La-me nie lache! seit in Amsterdammer.
A.W.