| |
| |
| |
J.P. Wiersma:
In underduker op 'e burdpleats.
(II)
By 't lemieren fan 'e dei stapten sawn Frânske polysjemannen to Grou oan 'e wâl, dêr't Earnewâldster fiskers harren dy nachts hinne bringe moatten hienen. It wie tinken! Hja sochten om de skipper en de feint fan de ‘Freule Petronella’ en hja gyngen fuortdalik mei de liepens en hoedenens fan polysjelju op 'e strún.
De Grouster patriotten leinen noch op ien ear, dat hja koenen harren freonen it paed net wize. De polysjes dwaelden troch it doalhôf fan stegen en gloppen, de boel hoeden ôfsnoeijend. Yn in keamer skynde ljocht troch de blinen; hja teanten nei it finster ta en harken. Yn 'e Neare Steech mette harren in man, dy rounen hja oan en woenen fan him witte hwer't de skipper fan de ‘Freule Petronella’ wenne. Nou wie dat harren man oars wol. Hy, Japik Jans, alearen tromslagger fan de gritenij, hie de pik op 'e prinsmannen om't dy him foar in deel jierren ôfset hienen. Japik tidige der op dat de nije mannen, dat wol sizze de Municipaliteit, him skielk de doarpstrom weromjaen soenen. Mar it stomme wie, hy forstie net in wurd Frânsk en stammere der sa raer yn om, dat de polysjes in skalk each op him krigen: hja pakten him by de knopen fan syn buis en foeteren him út, net sunich. Doe't dy gleonkoppen Japik ûnder 'e azem kamen, koe dy feint gjin wurd mear útbringe, sa binaud wie er. Op dat stuit kaem in frommis de steech del, it wie Ealse Wapke, in âld toatebel dy't it sizze koe sa rûch as de wrâld woechsen wie en slim moarnsk der by. Doe't hja seach hwat der geande wie en dat Japik Jans yn 'e knipe siet, kaem hja mei in opstrutsen seil op it trelit oan.
- Hwat is my dit hjirre en dat sa ier yn 'e moarn?, rôp hja en naem dat frjemde folk mei eagen fol grime en haet op. Hwat hat Jappe tromslagger jimme misdien? Lit him los, siz ik jimme! Hawwe wy jimme hjir roppen? Wy kinne de biten en brokken sels wol op, dêr ha wy jimme help net ta nedich, omstippers dy't jimm' binne! Lit los! Los, siz ik!
| |
| |
En wrychtich - fan de alteraesje lieten de polysjes Japik los. Mar krekt oft it harren to min wie fan it âld wiif kommando's oan to hearren, bigounen hja as lulke hounen Ealse Wap oan to blaffen. Dy roun dat op 't lêst oer 'e fûst, dat hja woe der har nou wol útwine. Dêr hearde hja in wurd, in namme dêr't hja wei mei wist. Hja sloech de hannen yninoar en lake lûd ynienen.
- Ei nou, minsken, hie dat nou earder sein! Dan moatte jimme by de skipper fan de ‘Freule Petronella’ wêze?
- Oui! oui! rôp in briggadier mei snorren.
- Wel nou, jonge, komme jimme dan mar mei. Johannes Smit? Ja wisse! Syn wiif Janke haw 'k by bakere. Kom mar mei, keuninkjes!
Sa moaipraette dat âldwiif en krige de polysjes mei, hja foarop, wizend mei de hannen, ien stik goedwilligens sa't it like. Hja gyng harren foar troch de Wide Steech, roun mei harren om it huzebosk hinne en sa nei de Hofsgrêft ta. Dêr bleau Wapke stean, wiisde foarút en sei sa hoask as 't mar hoegde:
- Hjir om 'e hoeke op it Oerhaelspaed wennet Johannes Smit. En nou moat ik nedich fuort, hwant Ealse is siik, sjoch, en ik bin ûnderweis nei dokter. Moarn!
Hja kearde har om en sette ôf. Yn in feech wie hja fuort en naem it neiste paed nei de Boochstrjitte. Dêr die hja in doar op en rôp:
- Janke, bern, ûnrie! 't Is allegear Frânske polysjes yn 'e buorren. Hja sitte Johannes en Tsjerk efter de boksen!
In minútmannich letter stie it skipperske mei har bern op 'e balstiennen, die de doar op 't slot en pykte der mei Wapke út. Dy nachts wie hja fan 't bêd kloppe, Geart keapman hie har trochdien hwat der to Earnewâld de foarige deis bard wie en dat Johannes, har man, him to Warten forstoppe hie. Mar hwer moast hja nou sa gau hinne? Wapke wist rie; hja brocht it skipperske mei har bern nei har troude dochter dy't tichteby wenne, en dan soenen se wol fierder sjen.
***
Tsjerk Joutes wist wol dat er faei wie. Hy hie yn 'e Geau gjin bêd foun, dat doe wie er mar nei 't doarp ta roeid en hie efkes thús west. Mar om't syn mem net yn 'e hûs wie - hja wie fêst wer fuort to bakerjen - hie er
| |
| |
him noch yn it tsjuster fuortjown. Tsjerk wie op syn iepenst as er yn noed siet; hy hie al faker mei it gerjocht yn tsjokwaer sitten, hy wist hoe fier dy hân rikke koe, en dat dy hân nou fier rikke soe, dêr woe hy wol op swarre; dat it stropersaerd yn him warskôge: fuort, jonge! nei 't romme fjild en net yn 'e doarpskouwe bliuwe en dy fange litte. Hy roeide mei slepende riemmen oer 'e Grou, sliepte in pear ûre op 'e Bliken yn in âld hok en doe't hy de oare moarns fornaem dat it op 't doarp forkeard spul wie, liende er in pols en doe gyng er rjocht op it Swinhûs ûnder Friens oan. Fan 't âldminske dat dêr wenne en kunde fan syn mem wie, krige er kofje en in pear stikken bôlle mei spek, en doe't Tsjerk har forhelle dat de Frânske polysjes om him sochten, sei hja:
- Dan wit ik rie, jonge. Hwant om dy to forstopjen is der yn 'e hiele krite mar ien bitroud plak.
- En dat is?, frege Tsjerk.
- Beslinga-state, sei hja.
- Ikke by dy greatelju?, sei Tsjerk en gnyske sa'n bytsje. Né, Freerkje....
- Ja, Freerkje!, sei hja. Jawis binne it greatelju, mar de jonker en mefrou binne o sa gemiensum mei de Frienzers en as ik Sneons dêr himmelje, dan haw ik it der as smoarge beane en mefrou praet tsjin my as wie ik har gelikens.
- Mar ik kin dêr dochs net hinne en wenje der. Ik moat in plak hawwe foar hwawithoelang.
- Wachtsje hjir mar, feintsje. Ik sil der sels hinne en it de jonker en mefrou foarlizze.
En hja die de skelk foar, helle de swarte sneinske klompen fan 'e planke yn 't efterhûs en gyng sûnder folle praetsjes de doar út, hûs en bisit oerlittend oan de hoede fan Tsjerk. It bigreate har om dy jonge fan Kinge en Fokje; hja wist dat hja op Beslinga-state in wyt fuotsje hie en nou fiteren de deugden fan har ynboarst har oan, yn it bilang fan sibbe freonen mei in gong nei Beslinga-state der side by to bispinnen.
Mei in goed ûre wie hja werom. Hja seach sa bliid út har âlde, goede eagen en klapte yn 'e hannen doe't hja foar Tsjerk stie.
- It wie sa mar klear, sei hja. Laat hem maar kome, hie mynhear sein. Ze vinde hem hier nooit en voor de rest redde wij het meteenander wel. Nou, hwat seiste?
| |
| |
Alde Freerkje hie de tûmen yn 'e siden en seach Tsjerk mei in greatske glim yn 'e eagen oan.
- In mirakel, sei er.
- Ja nou, sa stiet it, sei hja. Ik wit wol hwa't ik freegje. It binne opperste bêste minsken, Tsjerk; as de greatelju allegearre sa binne, dan giet der in bulte segen fan harren út.
Nei't Tsjerk fan âlde Freerkje moai krekt oer de famyljeforhâldingen ynljochte wie, fûstke er mei it âldminske en bitanke har tige. Hy seach dat de triennen har yn 'e eagen stienen.
Mei de pols op 't skouder roun er troch de lannen en kaem al gau oan it slot. En it gyng hast allegearre fansels - de jonker seach him al oankommen, hy wonk him, en doe gyngen hja troch de tún, de jonker en Tsjerk, en dêr kaem mefrou ek oan, en doe moast er al syn wederwaerdichheden fortelle. En doe moast Tsjerk yn 'e hûs komme en mefrou bistelde de fammen in goed miel iten, en dat naem er yn 'e koken op, yn it selskip fan fleurich fammeguod, de húsfeint en de koetsfeint, dy't tige flot en aerdich wienen. En de jonker sels naem Tsjerk mei nei de souder op 'e twadde fordjipping, dêr krige er in lyts keammerke, dêr siet in geheime doar yn en as der ûnrie wie, moast Tsjerk dêr mar ynkrûpe, sei er, dêr founen se him nea.
Likernôch trije wike wenne Tsjerk op Beslinga-state en hy hie net ien liddige healûre hawn, hwant op bêd lizze to gapjen en him mei neat dwaen to forfelen, wie Tsjerk syn aerd net; hy die hwat syn hannen to dwaen founen, hy holp de koetsfeint en roskamme de trije rydhynders, hy die de húsfeint wolris hantrekken en hy wie der ek net fij fan de kokenfammen to hantlangen, as hja him ris fregen:
- Och, Tsjerk ju, kinst' ús net hwat helpe?
En mei alles kaem er op 'e hichte. De jonker liet him it slot bisjen, hy roun oer de swiere tapiten fan wenkeamer, fan foarseal en efterseal en doe naem mynheare him mei nei de bibleteek, dêr rikten de boekekasten oan de souder ta en oeral dêr't er kaem, seagen hege persoanen op greate skilderstikken him fan 't lewant oan. It wie seldsum hoe goed de biwenners foar him wienen, fan heech oant leech. Kaem dat faeks om't hja dingen fan bilang meiinoar gemien hienen: hate tsjin de Frânsken en leafde ta eigen folk en lân?
| |
| |
Faek moast hy oan de stegen fan Grou tinke en dan sei er yn himsels: Hwat wennet it al ûngelikens. Mem en ik hawwe ien keammerke ta ús foldwaen mei in útkyk fan fjouwer lytse finsterkes op in nauwe stege, mei de hiele dei folk foar de glêzen lâns. E'n hjirre is de romte, de iene seale neist de oare, boppe keamer njonken keamer, in pleziertún, in bosk, in koepel, in koetshús mei stâllen foar sawn hynders, in kwekerij mei fan stien boude trekkassen, grêften, singels, ja neam mar op; en foar it slot in eigen oprydleane fan Friens nei de Ljouwerterdyk, mei in brêge oer de Moezel. Swannen driuwkeljend yn 'e fiver of, lyk as nou, yn de hokken, mei it rjocht fan swannedrift yn de doarpen Friens en Roardhuzum - wie 't net in lyts paradys?
- Hwat moat de jonker in protte jild hawwe, sei Tsjerk op in kear tsjin Gerryt, de koetsfeint.
- Ja, sei dy, net sûnder greatskens, hy koe heel Grou mei alles hwat der stiet wol keapje, wost' wol leauwe, Tsjerk?
Hwant bûten it slot lei ek noch wol hwat dat baron van Sytzama sines neame koe. Dy stripe lân oan de Moezel, it Kakebienstik neamd, wie sines, it greidstik de Bile oan de rydwei fan Friens, it greidstik de Terp, it greidstik de Slotsfinne, it greidstik de Tolve, twa Frienzer boerepleatsen, de wettermoune - dat wie allegearre it eigendom fan mynheare van Sytzama.
- Hwat in rike man, en dochs sa gewoan yn alles, hielendal net in banjer sa't se der oars wol binne, ornearre Tsjerk.
- En dochs sit mynheare ek yn noed, sei Gerryt, hwant as de Frânsken hjirre de baes spylje en se komme om Beslinga-state op to easkjen, dan wiist it raer foar ús allegearre, mar foar mynheare it alderraerst. Hy sliept net folle de lêste wiken, dat wol 'k dy wol sizze. Hy is o sa bang dat er alles kwyt rekket. Bisit is moai, jonge, mar 't kin ek lêstich wêze.
- Ja, tocht Tsjerk, en hy wie ynienen wer nuvere tofreden mei hwat hy ‘sines’ neame koe: in keammerke yn in Grouster stege en in koai op 'e ‘Freule Petronella’, al siet optheden dan ek de myt yn dat bisit.
Mar de jonker wist ek méár as hjá wisten. Hy hie syn stille oanbringers en op in joun kaem ien fan syn hierde boeren it mynheare oan to sizzen, dat Jongema-state sûn- | |
| |
der grytman wie en dat dy al in lytse wike ‘wei’ wie, nimmen wist hwat him oerkomd wie. To Raerd wienen de prinslju bang, dat de Frânsken komme en in ûndersiik op it slot ynstelle soenen, en as dat sa kaem, achte mynheare him dan feilich op Beslinga-state, frege de boer. Ja, hwat soe de jonker? Ek earne oars hinne? In hinnekommen siikje by syn famylje to Ljouwert of to Driezum? Of bliuwe, en as it slim kaem, mei dy skippersjonge efter de geheime doar fordwine?
Dy jouns let hearde Tsjerk, dy't al in skoft op bêd lei, mar de sliep net fine koe, immen de trep opkommen. Hea, tocht er, hwat mei dat wêze? Goed folk of....? Hy sloech de skonken oer de planke en wie dalik sa wekker as in hazze. Hwêr hie er syn boksizer ek mar wer? O ja, op 'e bêdsplanke. Hy die in taest en doe stie er oer 'e keamer, klear foar alle dingen.
De stappen kamen tichterby, it wie sa goed to hearren, 't soe wol gjin forkeard folk wêze. Wrychtich, it wie de jonker sels!
- Tsjerk!, hearde er mynheare sizzen. Ik ben het. Mag ik even met je spreken?
- Fansels, mynheare!, andere Tsjerk. Mar ik stean yn 'e ûnderbroek....
- Dat geeft allemaal niets, Tsjerk, andere de jonker en die de doar op. Misschien sta ik over een week ook in de onderbroek en kan ik naar Beslinga-state fluiten. Het loopt te Rauwerd mis. De grietman, jonker van Eijsinga, is plotseling verdwenen en niemand weet waarheen. Zou jij me nu een grote dienst willen bewijzen, Tsjerk?
- Mynheare hat it mar to sizzen, sei Tsjerk. Ik wol alles foar mynheare dwaen, as 't moat op 't slach.
- Prachtig, jonge, sei de jonker, ik heb een vertrouwelijke opdracht en die is bij niemand veiliger dan bij jou. Kijk eens, Tsjerk....
By it ljocht fan de kears, dy't de jonker op in bleaker meinomd hie, lei er Tsjerk út, dat hy witte moast hwat de Frânsken en de patriotten to Raerd yn 't sin hienen. Mynheare hie heard, oer in deimannich soenen hja dêr de frijheitsbeam plantsje. Mar soe dat it iene wêze of hienen hja noch mear yn 't sin? Soenen hja de hannen fan Jongema-state ôfhâlde kinne?.... Hwer wie de grytman hinne tein? Soenen syn tsjinners dêr hwat fan witte? Hie er in boadskip thús litten en harren bisteld hwat hja
| |
| |
dwaen moasten yn 'e ûre as de kniper op 'e skine kaem? Al dy dingen moast de jonker witte, net sa lyk foar himsels, mar mear foar de geheime organisaesje, dy't alle nachten boaden op 't hynder troch Fryslân stjûrde om oan 'e weet to kommen hokker plannen de fijân hie.
Tsjerk harke mei de earen en eagen wiid iepen. Hy roek avontûr. Hy woe neat leaver as by nacht op 'e strún gean om de Frânsken in loer to draeijen. Mynheare koe op him rekkenje. Hoenear hy fuort woe? Dalik, sei Tsjerk. Hy koe by tsjuster noch op 'e pleats fan Sikke Durks wêze en dan soe er wol fierder sjen, hwant dy lju wienen bitroud. Ja, Sikke Durks, dy namme hie de jonker wol ris neamen heard; van Eijsinga syn boeren soenen foar harren lânhearre troch 't fjûr gean, dat wist er.
Tsjerk klaeide him oan en gyng mei de jonker de treppen del. It wie wol in frjemd gesicht, tocht Tsjerk: mynheare dy't him foargyng nei de koken en sels it iten en in baes skinke út 'e kasten helle en de broggen sa ryklik bilei, as moast Tsjerk in reis fan dagen oangean. Mei in goed ûre koe er ommers to Raerd wêze, en hy hie nea honger as er nachts op avontûr út wie.
- Beste jonge, dat is goed, sei de jonker, maar je moete het wee niet op 'e maag krijgen. Hier, neem dit mee en hier binne nog appels.... En als je terugkomme, zal ik 't jou nog wel anders vergoede.... Goede reis en denk om 'e keeshontsies....
Och, hwat in bêste man! Tsjerk moast der al mar oan tinke, doe't er op 'e slotsingel wie, hoe goed hy it hawn hie op Beslinga-state, dat paradyske yn Idaerderadiel. Hy iet de apels fuort mar op, dan hie er romte yn 'e bûsen, men koe 't nea witte hoe't men noch ris oanskonkje moast. Hy fornaem ûnderweis neat, alles wie like fredich en stil. Sûnder tûkelteammen kaem er op it hiem fan boer Sikke. It wie al fier hinne melkerstiid wurden, de jonker hie him fan alles útlizze moatten, hy hie him de tiid dien, ‘er is geen directe haast bij’, sei er, ‘als je maar tegen vier of vijven bij Sikke-boer bent, dan gaan die aan het melken en hoef je de lui niet uit het bed te kloppen’.
It trof al, hwant hy seach ljocht yn 'e skuorre. It wie Sikke Durks sels, dy't nei 't bûthús soe to melken. Hommels stie Tsjerk foar him. Sikke, dy't mei de tuolle en 't spantou yn 'e hân de nijkomling oangappe, sei:
- Ik ken jo en ik ken jo net. Binne jo net....?
| |
| |
- Tsjerk Joutes, boer, sei Tsjerk glimkjend. Wy hawwe okkernachts ommers op 'e Pikmar by de Geau meiinoar praet. Ik hie to Earnewâld noch al in bryk stik úthelle....
- Ei ja wis, jonge!, foel Sikke him yn 'e reden. Wel, wel, bistou dat, Tsjerk. Kom der yn.... Hwat soeste? Oaremoarn to Raerd de frijheitsbeam mei plantsje?
- Ik wol him, as er stiet, wol ris yn 'e nacht delhouwe, gnyske Tsjerk skelmsk. Mar der wurdt to Grou om my socht, dat nou bin ik it fjild yn tein om in goed hinnekommen. Ik tocht sa, jo soenen wol in plakje yn 't hea foar my hawwe.
Boer Sikke Durks hie dalik al aerdichheit oan dy skippersjonge. Sa'n fikse, krigele fint like him dat. En ien dy't syn man stean doarst, dêr hie er to Earnewâld it biwiis fan levere. Hja wienen al oan 't melken. Sikke seach fan ûnder de kou wei nei Tsjerk, dy't by de groppe stie; hwat wie dy fint stevich boud, in sterken donder, en hy hie hannen oan syn liif, dy koenen noch wol hwat oars tille as in skipperskloet. Tweintich jier, hienen se sein - hwat in knaep.
- Ja fansels kinste hjir bliuwe, sei Sikke. Dou komste net yn 't hea, dou krijste it milhúsbêd, dat sil 'k wol mei de boerinne forprate. Dou kinst' hjirre wol in pear wiken bliuwe.
Nei melken rekken hja meiïnoar yn 'e hûs om thé mei de moarnsbrogge. De boerinne siet mei trije dochters om 'e tafel en doe skikten Sikke en de beide soannen, Tsjerk en Hotse de feint ek noch oan.
- Dit is Tsjerk Joutes fan Grou, sei de boer. Hy sil hjir hwat útfanhûzje, hwant de Grouster Keeshountsjes siikje syn spoar. Tsjerk hat okkerdeis to Earnewâld in blaurok yn 't wetter soald.
- Twa, boer, sei Tsjerk en gyng sitten.
- Ja dat is ommers ek sa, twa, sei Sikke-boer.
- Dou biste oars ek noch net sa âld, ornearre Hotse, wylst er in omstik brea op 'e knibbel midstwa die.
- Tweintich bin 'k, andere Tsjerk en it foel him op, dat it knapste snútsje fan 'e trije fammen har eagen opsloech en him oanseach.
- Nou en hoe gyng dat yn syn wurken?, frege Sikkeboer. Hy woe dat nou wol ris fan de man sels hearre.
- Nou, sei Tsjerk, earst hawwe wy in skoftsje oan 't fjochtsjen west en doe soenen dy blaurokken de sabel lûke.
| |
| |
Mar to Earnewâld en op 'e Westerein moat men nea in mês lûke. Mar ja, dat wisten dy stomkoppen net. Ik krige earst in brigg'adier to pakken en doe't ik dy yn 't kouwedrinken soald hie, soe in gewoane soldaet my interje, tocht er, mar hy lei al gau neist syn briggadier to sparteljen. Myn maten bruiden der trije yn. Se hawwe mei har fiven in moaije toarn dreaun! Wy murken wol, dy Frânsken hienen it tin op wetter stean, hwant net ien fan harren koe swimme. Dat doe bigreate it ús op 't lêst ek en hawwe wy se mar wer op 'e wâl hyst. It waerd ek tiid. Trije fan 'e fiif koenen net mear op har skonken stean. De oare twa krigen de fuotten wer ûnder, mar 't stie der skeef en snústerich by.
- Hwat sille dy fiif nou flitich om dy siikje, Tsjerk!, lake Sikke-boer.
- Ik leau, sei Hotse, doe't se al sa fier wienen, hie 'k se noch mar hwat langer driuwe litten.
- Ja mar, jonge, se wòenen net mear driuwe, se sonken!, sei Tsjerk mei in kemike tût.
Se moasten allegearre laitsje. It knappe snútsje skattere it út en naem Tsjerk wilens goed op.
Tsjerk wie dalik thús op Ludema-sate. Omhingje woe er net, sei er tsjin 'e boer; hy woe hwat dwaen, mar hy koe net melke. Melke hoegde er ek net; dat koenen hja meiinoar bêst birêdde. Mar as Tsjerk dochs hwat pielen ha woe, koe er de âld kroade wol meitsje en it gereid neisjen. Jouns ûnder melken siet er yn 't bûthús to beantsjepûljen en wilens waerd er fan Sikke-boer de lêste dingen fan Jongema-state gewaer. Tsjerk sei de boer lykwols net, dat de jonker fan Beslinga-state him as stille fornimmer nei Raerd stjûrd hie; dêr hie g'jin ien hwat mei noadich, en hwat dat oanbilange wie Tsjerk sa ticht as in pôt. Hwat tocht de boer - soe der oars ek noch hwat barre as it plantsjen fan de frijheitsbeam? Roun Jongema-state ek gefaer nou't de grytman fuort wie?
- Tochtste dat de Frânsken in ynfal yn 't sin hiene?, frege Sikke. Nou, ik wol 't net leauwe. Men hat fan soks ek noch net heard; hja wolle dalik net mei de adelliken yn tsjokwaer reitsje, moatste tinke, Tsjerk. Ik haw justerjoun noch op it slot west en mei de boaden praet, mar dy fiele har wakkere rêstich en feilich. Mar ja, men kin 't fansels net witte. Wy binne biset lân en sa is dat. Eltse dei kin men fan brike dingen komme to hearren.
Nei iten kaem it praet op stropen en sjitten. Tsjerk
| |
| |
kaem op 'e lappen mei in stropersforhael: op in kear doe't de witsjers fan Boarn him op 'e hakken sieten, wie hy mei de weitas fol wyld dat er mept hie, oer 'e Tynje swommen; dêrmei hienen de witsjers it spoar bjuster west. Tsjerk fortelde dat sa gewoan mar ek sa gút-eftich, dat it omsittend laech mei oandacht nei him harke. Sikke-boer sels hie al sa'n nocht oan Tsjerk syn forhalen. Binammen ek om't hy oan de goede kant stie. Mei keardels as Tsjerk koe men yn dizze ûnwisse tiden hwat bigjinne. Hwa wist hokker slimme en nuodlike avontûren hja skielk noch op ferge waerden. Oeral waerden de grytmannen ôfset; foarmannen yn 't gea waerden nei Ljouwert brocht en yn 't blokhús opsletten. In wolmienende, edele man as jonker van Eijsinga koe it net hâlde; nou rabben de Raerders oer him, krekt of hie de man nea in grissel goeddien. Dat wisten de Raerders oars ek wol better. Mar sa wienen nou de tiden. It wetter fan 'e sé bigoun raer nei ien kant to rinnen; as dat wer lykrinne en wetterpas moast, dan soe earst it pistol al laden en 't lang' mês op 'e slypstien moatte.
Mei sokke prakkesaesjes rekke Sikke-boer de jouns yn 'e sliep.
(Wurdt fuortset.)
|
|